Op sneon 21 febrewaris presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT en Slieker Film tegearre de priiswinnende Welske film ‘Y Syrcas’ (It Sirkus). Y Syrcas wûn ferline jier de sjuerypriis én de publykspriis op it 5de European Minority Film Festival yn Hüsem/Husum yn Noardfryslân. Y Syrcas giet oer it alderearste reizgjende sirkus dat, mei oaljefant en al, yn 1848 troch Wales reizge, in kultuerskok fan komsa foar de doetiids tige leauwige plattelânsbefolking. Neffens de dûmny fan Tregaron is de duvel yn it spul. Hy wol dat it sirkus wer fuortgiet, mar kin net foarkomme dat syn eigen dochter Sara folslein yn ‘e besnijing rekket fan de nijkommers en harren oaljefant Africa.
De sjuery fan it Minority Film Festival wie loovjend oer de film: ‘Dizze film hat wat magysks oer him en is in fisueel aventoer. In belangryk ferhaal wurdt ferteld yn prachtige bylden.’ Y Syrcas is makke troch de Welske akteur en regisseur Kevin Allen, dy’t earder namme makke mei de film Twin Town. De film waard makke foar in budzjet fan hast 1 miljoen pûn mei in folslein Welske cast en filmploech. De jonge Saran Morgan skitteret yn de rol fan Sara. De strange dûmny wurdt spile troch Aneurin Hughes, dy’t ek bekend is troch syn rol yn de Welske thrillersearje Hinterland/Y Gwyll.
EBLT en Slieker Film presintearje de film mei sin op 21 febrewaris, de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes. It Welsk is ek de memmetaal fan regisseur Allen, mar, spitigernôch – seit er no sels – groeide er op yn it Ingelsk yn de stêd Swansea (Abertawe). Dizze film hie Allen net yn it Ingelsk meitsje kinnen: sûnder de meldij, klankrykdom en tinkwize fan it Welsk wie ‘Y Syrcas’ in folslein oare film wurden. Njonken Welsk wurdt yn de film ek Iers, Frâns, in bytsje Ingels en Yoruba (in Afrikaanse taal) praat. De film ûndertitels yn it Ingels en geskikt foar alle leeftiden. It is de twadde kear dat EBLT en Slieker Film tegearre in produksje yn in minderheidstaal presintearje: ferline jier waard de Katalaanske dokumintêre ‘Son bojos aquests Catalans’ (Nuvere lju, dy Katalanen) fertoand op 21 febrewaris, doe mei ûndertitels yn it Frysk.
In kaartsje foar Y Syrcas kostet 7 euro. De film is yn de krokusfakânsje twa kear te sjen by Slieker Film: Op sneon 21 febrewaris om 15.00 oere en op tiisdei 24 febrewaris om 15.00 oere.
Kijk op de website fan Slieker Film voor het persbericht in het Nederlands.