EBLT yn brief oan ynformateur Schippers: Meitsje nije start mei it adekwaat en effektyf stypjen fan minderheidstalen

portretfoto-schippersOp 19 april lêstlyn stjoerde it EBLT ûndersteande brief yn it Frysk, it Nedersaksysk en it Nederlânsk oan ynformateur Edith Schippers fan it nije kabinet. It gie om in iepen brief.

Achte frou Schippers,

Mei grutte niget folgje we jo wurksumheden by it foarmjen fan in stabyl regear. Wy winskje jo dêrby in soad sukses. Foarútgong is ek krekt datjinge dat it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT neistribbet, as it giet om de posysje fan minderheidstalen yn Nederlân. It EBLT is it platfoarm fan organisaasjes dy”t opkomme foar de minderheidstalen Frysk, Nedersaksysk en Papiamentu.

Nederlân hat foar de talen Frysk en Nedersaksysk it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen fan de Rie fan Europa ratifisearre. Doel fan dit Hânfêst is om minderheidstalen te beskermjen én te befoarderjen. Nederlân docht dêr, neffens it lêste rapport fan de Rie fan Europa fan 14 desimber 2016, te min oan. It ûnderwiis yn it Frysk sjit sels sa tekoart, sawol kwantitatyf as kwalitatyf, dat in protte jonge Friezen de eigen taal net goed genôch skriuwen leare. Dat seit fierders neat oer de taalfoarkar fan de jonge Friezen: neffens ûndersyk fan de Fryske Akademy wurdt troch de jongerein en âlderein mannichfâldich yn it Frysk appt en sms’t, mar dan wol yn fantasystavering. Dat jout oan dat it oanbod oan goed Frysk of meartalich ûnderwiis net oan it ferlet foldwaan kin.

In oar oandachtspunt belanget de relative (ûn)sichtberens fan de twadde rykstaal oan, ek by de Ryksoerheid, oan. Ientalige Nederlânske opskriften en ientalich taalgebrûk is, ek yn Fryslân, spitigernôch noch fierste faak de noarm. Dêrmei wurde it Frysk en de Frysktaligen dochs echt tekoart dien. Of’t it no in treinstasjon oanbelanget, de rjochtbank, de plysje of it belestingkantoar, de Fryske taal ûntbrekt hast oeral. Nederlân en Fryslân rinne dêrmei efter yn ferliking mei oare meartalige regio’s yn Europa yn lannen as Finlân, Spanje, it Feriene Keninkryk of Switserlân.

Foar it Nedersaksysk hat de Ryksoerheid, nettsjinsteande de ratifikaasje fan it Hânfêst yn 1998, noch gjin belied ûntwikkele. It fertsjinnet oanbefelling dat soks yn oerlis mei provinsjes, gemeentes en sprekkers fan it Nedersaksysk no echt op koarte termyn heve sil. Soks hoecht dochs gjin tweintich jier te duorjen! Foar it Nedersaksysk is it foaral fan belang dat de taal in plak kriget op it lesroaster fan it basisûnderwiis.

In nije regear en in nije regearperioade liket ús in goed momint ta om in nije start te meitsjen mei it adekwaat en effektyf stypjen fan minderheidstalen. Wy binne yn alle gefallen ree om dêrfoar yn petear te gean mei sawol de nije koördinearjend bewâldfierder, yn ‘e regel de minister fan Ynlânske Saken en Keninkrykrelaasjes, as ek mei it parlemint. Wy roppe jo dêrom op om yn de regearingsferklearring opnimme te litten dat de regearing wurk meitsje sil fan de beskerming fan alle erkende talen fan Nederlân, en dat der dêrom in strukturele dialooch komme moat tusken Ryk, organisaasjes fan sprekkers fan minderheidstalen en de Twadde Keamer, om it beskermjen fan de minderheidstalen Frysk en Nedersaksysk better boargje te kinnen, neffens de letter en geast fan it Hânfêst.

Hiel yngewikkeld hoecht it organisearjen fan sok petear trouwens net te wêzen. Yn de Bûnsrepublyk bewekket en befoarderet in senior politikus yn de rol fan ‘Minderheitenbeauftragte’ it neilibjen fan it neamde Hânfêst en it belied op it mêd fan de minderheidstalen. Hy wurdt yn dat wurk stipe troch in sekretariaat en in kommisje fan de Bûnsdei, dy’t harren op syn minst ien kear jiers oer de matearje en de foarútgong – of it temin oan foarútgong- bûcht. It is in model dat yn de goed tsien jier dat it funksjonearret syn wearde mear as bewiisd hat.

Yn 2018 bestiet it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen fan de Rie fan Europa 20 jier. It liket in moai momint om, nei fiif evaluaasjes troch de Rie fan Europa, it wurkjen fan it Hânfêst yn Nederlân te evaluearjen én te ferbetterjen. It EBLT is graach ree om dêr in aktive rol yn te spyljen. It EBLT is gjin klei-klub, mar wol graach yn konstruktyf oerlis bydrage oan passende oplossings.

Wat it EBLT oangiet fertsjinnet it Papiamentu, as earste taal fan it iepenbier lichem Bonêre, deselde status as it Frysk. Romme erkenning en beskerming fan dy taal, yn it ramt fan it Europeesk Hânfêst, sil nei ús ferwachting in positive ynfloed hawwe op de relaasje fan Karibysk Nederlân mei it Europeeske heitelân. De dúdlikens dy’t troch erkenning en beskerming ûntstiet sil, konfoarm de mannichte ûndersiken dêroer, de ûnderwiisresultaten op Bonêre te’n goede komme.

Mei rju achtinge / Met hoogachting,

Froukje de Jong-Krap

foarsitter / veurzitter fan it EBLT

Ien reaksje op EBLT yn brief oan ynformateur Schippers: Meitsje nije start mei it adekwaat en effektyf stypjen fan minderheidstalen
  1. Henk van Haandel Beantwurdzje

    In het bericht van de NOS lees ik:”Het Friese onderwijs zou zelfs zo tekortschieten dat veel jongeren de taal niet goed beheersen, terwijl ze de taal wel graag gebruiken. Gevolg is dat ze zelf allerlei varianten op het Fries verzinnen als ze bijvoorbeeld sms’jes versturen.”

    Daarmee feliciteer ik u dan want daaruit blijkt, dat het levende talen betreft. Het is van alle tijden en alle plaatsen, dat jongeren hun eigen taalvarianten bedenken. Altijd hebben de ouderen dan het hoofd geschud over het tekortschietende onderwijs, en meestal is het met dat taalgebruik later toch nog goed gekomen.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.

* Copy This Password *

* Type Or Paste Password Here *