EUROPEADA 2012 yn de Lausitz is begûn

Nederlân is dan wol útskeakele by it Europeesk Kampioenskip, dochs fuotbalnijs.

Sneon 16 juny is de EUROPEADA 2012 úteinset. It grutste sportevenemint fan autochtoane minderheden yn Europa. 19 fuotbalteams, 300 frijwilligers, 8 fuotbalstadions, tûzenen gasten, teaterwurkwinkels, in kulturele dei, muzyk, feesten… oant en mei 24 juny sille de Sorben yn de Lausitz (Dútslân) in hiel ferskaat programma oanbiede.

Spitigernôch gjin Friezen of Nedersaksen út Nederlân, mar ûnder oaren wol teams fan Noard Friezen en Denen út Dútslân.

De wedstriden kinne hast “real-time” folge wurde, fia in facebook-side en de thússide www.europeada.eu.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.