Fedde Schurerlêzing 2014

Foto: Tresoar
Op 15 novimber is foar de fjirde kear op rige de Fedde Schurerlêzing by Tresoar. De organisearjende partijen, De Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar en it HCL, wolle omtinken freegje foar in tema dêr’t Schurer him mei dwaande hâlde. Dizze fjirde kear sil it gean oer sjoernalistyk mei as ûnderwerp ‘De regionale media nu en in de toekomst’.

Henry Beunders, heechlearaar oan de Erasmus universiteit, sil oer dit tema prate. Hy is ûndersiker en publisist op it mêd fan maatskippij, media en konflikt.
In reaksje sil jûn wurde troch Jan Koster, sûnt 2010 direkteur fan Omrop Fryslân.

De organisaasje stribbet dernei om elts jier twa sprekkers fêste te lizzen. De haadlêzing is om en om yn it Nederlânsk en Frysk, wylst de twadde sprekker in reaksje jout yn de oare taal. It Frysk is dêrby yn oersetting beskikber foar net-Frysktaligen.

It programma begjint om 15.00 oere (ynrin 14.30). In muzikaal yntermezzo wurdt fersoarge troch de Fryske folkgroep Reizger.

Fedde Schurer (1898 –1968) wie in Frysk dichter en sjoernalist. Dêrnjonken siet er foar de Christelijk-Democratische Unie (CDU) en de Partij van de Arbeid (PvdA) yn de Twadde Keamer. Schurer wie kristlik fredesaktivist en foarman fan de Fryske kultuer. Jierrenlang wie Schurer haadredakteur fan de Heerenveense Koerier; syn stylistyke briljante en skerpe artikels wienen bekend yn en bûten Fryslân. Schurers bekende haadartikel ‘De laatste man van de Zwarte Hoop’oer de rjochtssaak tsjin de bistedokter Van der Burg wie oanlieding ta Kneppelfreed (1951).

De tagong is fergees, mar wol graach opjefte by ynfo @ tresoar.nl of 058 – 7890792 of 7890740.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *