Liet presintearret: Satelliet húskeamerkonserten yn Aldebiltsyl en Grou

As ûnderdiel fan de nije Liet-organisaasje begjint yn oktober in nije ûnderdiel: Satelliet. Yn twa spesjale húskeamertours troch Aldebiltsyl en Grou binne yn trije húskkeamers jong Fri(e)s talint te hearren. Ek trede dichters fan kollektyf Rixt yn ien fan de húskeamers op. De fergese rûte wurdt ôfsletten mei in gruttere akt.
De húskeamertours binne op 4 en 11 oktober. Op beide freedtejûnen kinne maksimaal 100-120 persoanen oanslute. De tours binne fergees, oan it ein fan de jûn wurdt de besikers om in eigen bydrage frege.


Yn Aldebiltsyl is in bûnt selskip oan âld-Lietwinners te sjen, de winners fan 2012, 2015 en 2018 trede op.
Yn Grou treedt jong talint op yn bysûndere lokaasjes, ûnder oaren in túnmeubelsaak, in B&B en in âld tsjerkje.
Foar beide rûtes is it sammeljen tusken 19:30 en 20:00. Yn Aldebiltsyl (4 oktober) is it plak hjirfoar it Graauwe Paard, haadakt de Stone Crobs treedt dêr fan 22:30 oere ôf op. Yn Grou begjint de rûte by túnmeubelsaak Werpsterhoeke. En wurdt der by Grootcafé Treemter einige. Haadakt Jack Bottleneck treedt hjir fan 22:30 oere ôf op.

4 oktober
Haadakt Stone Crobs (winner Liet 2018) yn it Graauwe Paard yn Aldebiltsyl.
Yn de húskeamers:
 Aerden Plaats: de twa froulike dichters Janneke Spoelstra (Oude Leije) en Carla van der Zwaag (it Hearrenfean) fan dichterskollektyf Rixt
 Neeltjes schuur: Yildau (winner Liet 2012)
 Kerkje bij Simone: Marit en Pa (Marit is winner van Liet 2015)

11 oktober
Haadakt Jack Bottleneck yn Grootcafé Treemter yn Grou
Yn de húskeamers:
 Sintrum Grou: Leonard Ford
 Túnmeubelsaak de Werpsterhoeke: Chris Egberts
 Bed&Breakfast: de dichters Edwin de Groot en Dirk Geerdink fan dichterskollektyf Rixt

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *