Liet

Dichter skriuwt Liet

LietOp snein 26 novimber organisearret Liet, yn gearwurking mei Jan Tekstra, in iepen atelier mei dichters en muzikanten/songwriters. Dit dogge we yn Grand Café De Friesche Club yn Ljouwert.
It skriuwen fan in goeie sjongtekst is net ienfâldich en faak in iensum proses. Om mear ynsjoch te krijen yn hoe’t dit proses wurket, keppelje we in oantal renommearre Fryske dichters oan in pear goeie muzikanten/songwriters en jouwe harren de opdracht om yn koarte tiid tegearre in lied te meitsjen.

Lês mear…

Claudia Crabuzza en Claudio Gabriel Sanna fan Sardinië

Soad mediabelangstelling foar earste edysje fan Liet International yn Gijón/Xixón yn Spanje

Op sneon 1 desimber is it Europeeske minderheden sjongfestival Liet International foar it earst yn Spanje,  yn it grutte teater Laboral Ciudad de la Cultura (Kultuerstêd) yn de Astueryske havenstêd Gijón/Xixón. Liet International 2012 presintearret lykas wenst alve finalisten yn alve minderheidstalen. Dit jier binne dat de talen Astuerysk, Baskysk, Bretonsk, it Katalaansk fan Sardinië, Korsikaansk, Friûlysk, Frysk, Skots Gaelic, Platdútsk, Sámi en Oedmoertysk út de Russyske Federaasje. Sjonge yn it Ingelsk, Frânsk of Spaansk is op Liet International net tastien. Liet International is yn 2002 ûntstien yn Fryslân mei as doel om muzyk yn minderheidstalen, en ek dy talen sels, te promoatsjen.

Lês mear…

10 jier Liet International op it Saailân

De froulju fan SomBy út Finsk Laplân

Songfestival presintearret ‘best of’ mei bands út Astûrië (Spanje), Eastenryk, Finsk Laplân, Fryslân, Ierlân en Udmûrtië (Ruslân) 

Yn 2002 hie Ljouwert de wrâldprimeur fan in bysûnder sjongfestival. By wize fan eksperimint organisearre Stichting Liet ’91 de earste edysje fan Liet International, it sjongfestival foar it bêste nije liet yn in Europeeske minderheidstaal. Op Liet International wurdt net songen yn it Ingelsk, mar yn it Astûrysk, Baskysk, Bretonsk, Friûlysk, Gaelic, Iersk, Katalaansk, Frysk, Meankieli, Sámi (‘Laps’), Sorbysk of Udmûrtysk. De earste edysje luts fuortendaliks de oandacht fan de grutte media. BBC World en CNN makken reportaazjes dy’t oer de hiele wrâld útstjoerd waarden en The Scotsman en de Frankfurter Algemeine Zeitung skreaunen hele pagina’s fol oer Liet International: in nije Europeeske tradysje wie berne.

Tsien jier letter is Liet International útgroeid ta ien fan de grutste en belangrykste eveneminten ta promoasje fan Europeeske minderheidstalen. Der kaam ek offisjele erkenning; sûnt 2008 wurdt it festival organisearre mei de Ried fan Europa as beskermhear en stiper. Nei trije edysjes yn Ljouwert gie it festival op reis nei Sweedsk Laplân, Bretanje en Udine yn Italië. Dit jier is de finale fan Liet International foar it earst yn Spanje yn de havenstêd Gijón yn de streek Astûrië. Yn dy tsien jier binne nije ferskes presintearre yn tsientallen minderheidstalen. Dêr sitte ek hiel lytse talen by lykas it Manks (fan it eilân Man), it Kornysk, it Fepsysk (út Karelië yn Ruslân) en it Fotysk, dat op de grins fan Estlân en Ruslân noch troch sa’n 50 minsken praat wurdt. Yn dy tsien jier binne mei-inoar wol mear as tûzen ferskes yn minderheidstalen nei de organisaasje tastjoerd.

De gemeente Ljouwert woe it jubileum fan it sjongfestival net samar foarby gean litte en hat Liet International útnoege om in kar fan de meast nijsgjirrige artysten fan de ôfrûne tsien jier nei Ljouwert te heljen op it iepeningsfestival fan it Saailân. Liet International hat dy útdaging graach oannommen en presintearret op freed 28 septimber grutsk de folgjende bands: Silent Woo Goore (út Udmûrtië yn Ruslân), Coffeeshock Company (Kroätyske minderheid út Eastenryk), Fiach (Ierlân), SomBy (Sámi út Finlân), Xera (Astûrië yn Spanje), en Janna Eijer (Fryslân).

It festival wurdt om 17.00 oere middeis iepene troch de Ljouwerter muzikant en âld-Lietdielnimmer Sake Hylkema mei in koar fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum. De jûn wurdt om 23.00 oere ôfsletten troch de meartalige formaasje Mala Vita, dy’t earder al in soad yndruk makke op it Befrijdingsfestival en oare grutte festivals yn hiel Europa. De presintaasje fan it festival leit yn hannen fan in ynternasjonaal duo: de Friûlyske DJ Mojra B en de Fryske DJ en radiomakker Willem de Vries.

Lês mear…

Walk in Event oer meartaligens en kultuer

‘Fryslân Connected. Music, People and Multilingualism’.
In ynternasjonaal Walk in Event op freedtemoarn 28 septimber by it Saailân.

Op freed 28 septimber fan 10.00 oant 13.00 oere fynt it ynternasjonaal evenemint ‘Fryslân Connected’ oer meartaligens en kultueroerdracht plak op it fernijde Saailân yn Ljouwert. Dit is fergees tagonklik en is opset nei oanlieding fan it 10-jierrich bestean fan Liet International en it 25-jierich bestean fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy). It programma wurdt yn gearwurking mei it Europeesk Buro foar de Lytse Talen (EBLT) gearstald en is drinze fan ynterviews en muzyk. Dit evenemint is in ûnderdiel fan festiviteiten dy’t yn itselde wykein plak fine, yn ferbân mei de feestlike iepening fan it Saailân.

De tematyk fan it event giet oer meartaligens en de ynfloed hjirfan op kultueruterings, benammen yn muzyk. Foaral ek it perspektyf op de globalisearring en de lokale kultuer komt oan bar. Wethâlder Kultuer Isabelle Diks fan gemeente Ljouwert sil de konferinsje iepenje, dêrnei ynterviews mei gasten út Fryslân likegoed as út oare dielen fan Europa, mei harren eigen ynfalshoeken. Under oare direktrise fan Taalbelied fan Asturias Ana María Fueyo LLaneza en ynternasjonaal kultureel adviseur fan de Kulturele Haadstêd 2018 Rudi Wester sille prate. Sake Hylkema hat it oer Frysktalich muzykteäter dat hy bringt op ferskate skoallen. Elts dy’t hjiroer meiprate wol, of gewoan harkje, is wolkom!
By dit evenemint wurdt ek muzyk brocht en it slút oan by de festiviteiten dy’t letter op ‘e dei plak fine mei âld-winners fan Liet International.

Lês mear…

Reina Rodina yn Ruslân

Reina Rodina van der Meer foar Liet International nei konferinsje oer kulturele gearwurking yn Ruslân

Op útnoeging fan de Russyske kulturele stichting Russiane is de jonge Fryske sjongeres en muzikante Reina Rodina van der Meer (24) op Twadde Pinksterdei op it fleantúch stapt nei Ruslân om út namme fan Liet International mei te dwaan oan de 6de ynternasjonale konferinsje oer ‘Russysk-Slavyske kultueren en ynterkulturele ynteraksje’. De konferinsje wurdt hâlden yn de stêden Moskou en Bryansk en duorret oant 4 juny. De konferinsje is ornearre foar jong ôfstudearre talint (oant 30 jier) út de wrâld fan de keunsten út Ruslân, de buorlannen fan Ruslân en befreone lannen yn Europa om mei-inoar te praten oer saken as ‘Cultural Identity and Cross-Cultural Communication’, ‘Dialogue of cultures under Globalisation’ and ‘Creative Development of a Person through Art’.

Lês mear…

Yldau wint slagge earste Prinsetúnedysje Liet

De earste edysje fan it Fryske sjongfestival Liet yn de Ljouwerter Prinsetún waard sneontejûn wûn troch de talintfolle formaasje Yldau mei it nûmer ‘Fjoer’. De band Yldau hat twa sjongeressen mei de foarnamme Yldau; Yldau Bylsma en Yldau Hoekstra. Sy skreaunen ek nochris tegearre it winnende nûmer, dat der oer giet dat je yn it libben je hert folgje moatte. Op de fiifkoppige sjuery ûnder foarsitterskip fan Anne Zwaga makke Yldau safolle yndruk dat sy de winner waarden fan Liet 2012, op de foet folge troch de formaasje Klif en de band Frjemdling. It publyk makke, en dat is net ûngebrûklik by Liet, in hiel oare kar. Sjaak Weiland fan Minnertsgea sammele de measte stimmen mei syn mei oertsjûging brochte leafdesliet ‘Earste leafde’. Neffens de sjuery wie it nivo fan Liet 2012 ‘goed oant heech’, mei ferrassende optredens fan in grut muzikaal ferskaat. De winnende band Yldau mei fansels Fryslân fertsjintwurdigje op Liet International 2012.

Read More…

Liet International nei Asturië en Korsika

De Asturiana Mining Company docht foar Asturias mei oan Liet International

De folgjende edysje fan Liet International is op 1 desimber 2012 yn de Asturyske havenstêd Gijón/Xixón. It regear fan de autonome regio Asturias makke de datum ein febrewaris buorkundich op it Asturyske sjongfestival Premiu al Meyor Cantar. Sawol de Premiu al Meyor Cantar as Liet International wurde dit jier organisearre yn de Asturyske kultuertimpel Laboral Ciudad de la Cultura, in lyts eintsje bûten it sintrum fan Gijón/Xixón. De Premiu al Meyor Cantar, dy’t live útstjoerd waard troch de Asturyske omrop RTPA, waard wûn troch de formaasje Asturiana Mining Company mei de tonada “Si nun conoces Val.Louta”. In tonada is in lied yn de tradisjonele styl fan Asturië en begjint meastentiids a capella of allinnich mei de begelieding fan in drum. It is dit jier foar it earst dat Asturië mei in tonada meidocht oan Liet International.

De winnende tonada waard opfallend genôch skreaun troch de Amerikaanske muzikant en songwriter Michael Lee Wolfe, dy’t al 27 jier yn Asturië wennet en wurket. De Asturiana Mining Company krige de priis fanwege de kwaliteit fan it lied en de treflike live útfiering, dy’t ek in soad bijfal krige yn de seal. It nivo fan de Premiu al Meyor Cantar wie heech. Under de fiif finalisten wienen mar leafst twa eardere dielnimmers oan Liet International: sawol Alfredo González (2009) as de band Xera (2010) fertsjintwurdigen Asturië al in kear. Mar de sjuery – mei Onno Falkena as Fryske fertsjintwurdiger – makke dit kear in oare kar en joech de foarkar oan de Asturiana Mining Company. Alhoewol’t Liet International ein dit jier yn Gijón/Xixón is, mei de band dochs op reis. De band krige nammentlik in útnoeging om mei te dwaan oan in muzykfestival op Korsika op 19 maaie.

Lês mear…

 Scroll to top