Nei Frankfurt!

It Nederlands Letterenfonds en Tresoar noegje jo mei út namme fan de provinsje Fryslân út foar it programma Nei Frankfurt! Oanlieding dêrfoar is de earste mienskiplike promoasje fan de Fryske literatuer op de kommende Frankfurter Buchmesse. In wichtige publikaasje yn dit ferbân is de brosjuere 10 Books from Friesland, dy’t op dizze middei presintearre wurde sil.

Jo binne fan herten wolkom op freed 27 septimber 2013, fan 15.30-19.00 oere, yn it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar, Bûterhoeke 1 te Ljouwert.

It programma begjint om 16.00 oere mei in koart wolkomstwurd troch it Letterenfonds, folge troch in tafelpetear oer de promoasje fan literatuer yn it bûtenlân mei David Colmer, Jelma Knol, Victor Schiferli en Rudi Wester, ûnder lieding fan Karen Bies (fiertaal Nederlânsk). Oanslutend folget de presintaasje fan de brosjuere 10 Books from Friesland (fiertaal Frysk). Alpita de Jong, yntindant Frysk út namme fan it Letterenfonds, oerhanniget it earste eksimplaar oan deputearre Jannewietske de Vries. Dêrnei heffe wy it glês.

Boarne: http://www.letterenfonds.nl/nl/entry/383/nei-frankfurt

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *