Fryske Boekewike

De Fryske Boekewike set dit jier útein mei it Boekefeest yn ‘Hof van de Koning’ op It Hearrenfean op freedtejûn 28 oktober. It Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’, skreaun troch Ferdinand de Jong, is dêrnei de hiele Boekewike fan 29 oktober o/m 6 novimber fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan Fryske Boeken by jo boekhannel.

De Oarloch fan Jan Snip – Ferdinand de Jong. Utjouwer: Bornmeer.

Frysk Boekefeest

Op freedtejûn 28 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022 fan 29 oktober o/m 6 novimber. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek presintearre wurde.

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan ‘Las Bandidas’. It Frysk Boekefeest wurdt dit jier holden yn sealesintrum ‘Hof van de Koning’ op it Hearrenfean. Om 19:30 gean de doarren iepen, it programma begjint om 20:00 oere. De tagong is fergees, elkenien is fan herte wolkom

In libbensreis yn ferhalen en muzyk

Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra sille yn de Fryske Boekewike tegearre op ’n paad. Yn in pear oeren swalkje se de wrâld oer. Fan Nova Scotia, fia de Cliffs of Moher nei it uterste noarden fan Sibearië en keare úteinlik werom nei Fryslân. In libbensreis yn ferhalen en muzyk.

It programma duorret twa kear 45 minuten mei in healoere skoft. By alle optredens fan Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra binne de nijste Fryske boeken te keap.

Boeken fan Fryslân

De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Mei de Fryske Boekewike fiere wy it Fryske boek en stiet dy wike yn it bysûnder it Fryske boek sintraal.

Mear ynformaasje oer de Fryske Boekewike en aktiviteiten is hjir te finen.

Grutte Ried fan de Ried fan de Fryske Beweging

It bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging nûget syn stipers, de fertsjintwurdigers fan de oansletten selskippen en oare belangstellenden fan herte út foar de gearkomste op 27 oktober fan de Grutte Ried.

Mear ynformaasje: hjir
Plak: doarpshûs Nij Franjum, Tramstrjitte 36, Marsum
Tiid: tongersdei 27 oktober 2022 om 19.30 oere

Ljouwerter Biblioteken pleitsje foar data dy’t foar elkenien tagonklik binne

Yn oanrin nei de ynternasjonale Open Access Week freegje de Ljouwerter Biblioteken en Research Services fan NHL Stenden Hogeschool omtinken foar frije online tagong ta wittenskiplike ynformaasje. Net allinne foar ûndersikers en professionals, mar krekt foar elkenien yn de maatskippij. It boadskip is dúdlik: wittenskiplik ûndersyk dat betelle is mei publyksjild moat foar elkenien yn de maatskippij tagonklik wêze.

Hogeschool Van Hall Larenstein, NHL Stenden Hogeschool, dBieb en Tresoar hawwe de krêften bondele en as Ljouwerter Biblioteken binne se sûnt 2019 dwaande om de tagonklikheid fan wittenskiplike ynformaasje yn Fryslân op de kaart te setten. Want Open Access is fan belang foar elkenien. Gjin wûnder dat hieltyd mear ynstellingen de útgongspunten fan de ynternasjonale Open Science-beweging ûnderskriuwe.

Undersiken subsidiearre mei publyksjild
Ingrid van Gorkum, projektlieder fan it Research Support Team by NHL Stenden Hogeschool, leit út: “Stel dat we de situatie van universiteitsstudenten in ontwikkelingslanden als voorbeeld nemen. Deze studenten hebben daar minder toegang tot wetenschappelijke publicaties en data, omdat er simpelweg geen geld is voor de aanschaf van dure databanken. Ook in Nederland moeten hogescholen en universiteiten keuzes maken in de databanken die ze aanbieden. Dit houdt in dat studenten geen toegang hebben tot alle wetenschappelijke informatie. Door Open Access kan iedereen gebruik maken van up-to-date kennis, zonder dat daar verdere kosten aan zijn verbonden. Het is toch ook vreemd dat wij onderzoeken die nota bene gesubsidieerd zijn, niet kosteloos kunnen inzien? Dat is – als je het mij vraagt – echt de omgekeerde wereld.”

Wrâldwiid, mar ek yn Fryslân is Open Access dus in hot item. Brigette Lee, teamlieder tagonklikheid by Tresoar en ien fan de inisjatyfnimmers fan it gearwurkingsferbân, fertelt: “Daarom willen wij in Fryslân een platform voor Open Science opzetten waar onderzoekers gebruik van kunnen maken en waarmee we ook burgers geïnformeerd houden.”

Open Access Week
Nettsjinsteande dizze ûntwikkelingen oangeande Open Access, binne we der noch net. “Ik denk dat het begint met bewustwording,” seit Lee. “Daarom wordt er ieder jaar een Open Access Week georganiseerd, om het belang van Open Access steeds weer te benadrukken met nieuwe inzichten en ontwikkelingen.” Oer de hiele wrâld wurde fan 24 o/m 28 oktober 2022 aktiviteiten organisearre om mear omtinken te freegjen foar frije online tagong ta wittenskiplike ynformaasje.

Open Access Event yn Ljouwert
De Ljouwerter Biblioteken en Research Services fan NHL Stenden Hogeschool organisearje op tiisdeitemiddei 25 oktober in Open Access Event yn Ljouwert. Mei in workshop oer FAIR data troch Jellie Visser en Ingrid van Gorkum (NHL Stenden Hogeschool) en in lêzing ‘Open data van de overheid’ fan Britta Ricker (Universiteit Utrecht) wurdt it in nijsgjirrige middei. Belangstellenden binne fan herte útnûge om it evenemint by te wenjen. 

Portret fan Gysbert Japicxpriiswinner Eeltsje Hettinga ûntbleate

Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân. De spesjale Dichter fan Fryslân-krante by de twa Fryske deiblêden brocht syn wurk yn 2019 nochris by in breed publyk ûnder de oandacht.

It portret (oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.) is op 18 oktober troch Eeltsje Hettinga en de direkteur fan Tresoar, Arjen Dijkstra ûntbleate en is te bewûnderjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn dy seal hingje ek de oare portretten fan de Gysbert Japicxpriiswinners.

Portret fan Eeltsje Hettinga makke troch Elske Schotanus
Oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.

De makker, Elske Schotanus (1957), is net allinne skilder, mar ek skriuwer. Yn har wurk leit se har de lêste tiid hieltyd mear ta op in kombinaasje fan skriuwend en byldzjend wurk. Har lêste wurk is de graphic novel ‘Kyra’ (2022).

Mear ynformaasje oer Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus is te lêzen op de Fryske literatuerwebside www.sirkwy.nl.

Dorpskanonwebsait fan ’t Bildt

Bildts Aigene komt met wat besonders: ’n dorpskanonwebsait fan ’t Bildt. En fansels hoort der ’n presintasy bij. Deuze presintasy fynt plak op saterdegoverdâg 29 oktober e.k. om 15.30 uur in de bibletheek fan St.-Anne. Elkeneen is hierfoor fansels útnoadigd.

Ferskillende resintasys
Soa sil Bauke Folkertsma (inisjatyfnimmer dorpskanon-projekt) ’n presintasy houwe over de kombinasy tussen dorpshistory en toerisme. Fansels kinne wij sels ok niet achterblive: Theun Bouma, Geertsy Kingma en Sytse Keizer houwe ’n presintasy over de dorpskanon fan ’t Bildt. Sij fertelle hoe’t sij de fînsters maakt hewwe en werom sij krekt foor die onderwerpen koazen hewwe.

Altiten in beweging
Na ’n stikminnig maanden fan foorberaiding is ’t nou tiid om de nije dorpskanonwebsait fan ’t Bildt te onthullen. Maar dut betekent niet dat dut ’t eandpunt is, maar just ’t begin! De dorpskanons fan de Bildtse dorpen kinne namelik deur ânderen anfuld worre werdeur de websait altyd in beweging blive sil. Besoekers fan de websait kinne ’n onderwerp foor ’n fînster nominere foor feerder ondersoek of sels de kontint foor ’n nij fînster insture.

Aigen fînsters
Alle dorpen fan ’t Bildt hewwe hur aigen fînsters kregen en binne skreven deur ’n stikminnig frijwilligers die’t allegaar hur aigen ekspertize hewwe over ’t onderwerp. Je fine dan ok feul ferskillende historise onderwerpen krekt as ’t ontstaan fan ’t Bildt, maar ok informasy over mînsen die’t in de dorpen weund hewwe en feerder komme ouwe gebouwen, bedriven en ferenigings foorbij.

De Betelgeuze yn De Lemmer behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen

De Betelgeuze hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. Sy wurkje mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Op 28 septimber wie it dêrom feest. Dat feest stie folslein yn it teken fan it libben op de buorkerij mei allerhande tapaslike aktiviteiten. Dêrby ûntbleate wethâlder Chris van Hes it sertifikaat. Hy hat by de Fryske Marren it Frysk taalbelied yn syn portefeuille.

By it sertifisearringstrajekt kriget De Betelgeuze begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd. De Betelgeuze is de earste opfanglokaasje fan de Lemmer dy’t dit sertifikaat behellet. 

It sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ is útrikt troch wethâlder Chris van Hes. Foto: SFBO

De pedagogysk meiwurkers fan de Betelgeuze wurkje mei dúdlike taalôfspraken. Se brûke konsekwint ien taal, it Frysk of it Nederlânsk. Dêrby soargje sy dat der in grut oanbod is fan de Fryske taal. Dizze wurkwize soarget foar in optimale twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern.


De Betelgeuze is ûnderdiel fan de koepel Doomijn. Sy biede berne-opfang oan yn Noard en Midden Nederlân. Se hawwe ek in oantal lokaasjes yn Fryslân, dy’t foar in grut part mei it twatalich belied wurkje. 


By de fisitaasje hawwe twa leden fan de kommisje sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkeling. De kommisje skriuwt yn har rapport: 

“Op it bernedeiferbliuw De Betelgeuze binne de pm‘ers posityf en motivearre dwaande mei it taalbelied. Troch de wikseling fan kollega’s en ynfallers is it in komplimint dat de pm’ers it taalbelied sa oerein hâlde en harren ynsette om te kommen wêr’t sy no binne. It strukturearre oanbieden fan beide talen bliuwt ek foar de takomst in moaie útdaging.”

Presintaasje The Last Crossing – De lêste oerstek mei skriuwer Brian McGilloway

It spannende Noard-Ierske boek The Last Crossing is oerset yn it Frysk. Skriuwer Brian McGilloway út Belfast is freedtejûn 14 oktober te gast by It Skriuwersbûn op “Nieuw Allardsoog” yn Bakkefean. Tegearre mei oersetster Ammerins Moss-de Boer bepraat hy it suksesfolle boek dat no ek te ferkrijen is yn it Frysk: “De lêste oerstek”.

McGilloway en Moss-de Boer sille prate oer har bining mei Nothern Ireland, oer it plak fan “the troubles” yn it wurk fan McGilloway, oer de kar foar in thriller mei maatskiplike djipgong. Wat betsjut de bining mei de regio foar de skriuwer en foar ús? Wat moat de literatuer oan mei in ferdielde regio fol minsken dy’t elkoar sa skeind hawwe?

“In djipsinnich, oandwaanlik en moreel kompleks boek”

“Alwer in útsûnderlike roman fan ien fan de masters fan de Ierske misdaadliteratuer”

“In meislepend ferhaal oer ferlies en skuld yn in brutsen maatskippij. In prachtich skreaun boek dat jin lang bybleaut”

“Ast Noard-Ierlân begripe wolst, of eltse maatskippij dy’t konflikten trochmakke hat, set dit boek dan op dyn list… It is foartreflik skreaun”

Sa loovjend is de Ingelsktalige parse. Martsje de Jong bespruts it boek (“bysûnder, prachtich, spannend, taast jin yn it moed”) op Omrop Fryslân.

De jûn op 14 oktober begjint om 19:30 oere, op “Nieuw Allardsoog” yn Bakkefean. Tagong is €10,-

Wa’t sin hat om derby te wêzen kin har of him oant en mei 13 oktober opjaan fia bestjoer@skriuwersboun.nl.

“De lêste oerstek” wurdt útjûn troch ‘Elikser

Lezing SPLIKA: Krachtige kunst

Op zaterdagmiddag 29 oktober organiseert SPLIKA de lezing “Krachtige Kunst” met beeldhouwer Nelson Carrilho in het Nationaal Archief Den Haag. Carrilho zal vertellen over zijn werken die een ode zijn aan de Caribische en dus de Afrikaanse cultuur.

Nelson Carrilho

De beeldhouwer Nelson Carrilho, (1953, Curaçao) heeft Amsterdam verrijkt met zijn monumentale beelden in het Vondelpark en het Westerpark. Ook in de rest van het land en over de grenzen komen we in de openbare ruimte zijn karakteristieke sculpturen tegen. Deze krachtige sculpturen onthullen zijn Afro Caribische en klassieke achtergrond. In zijn werk streeft hij naar verbinding en verzoening in een verdeelde samenleving.

lezing

‘Het leven bezien vanuit de beeldhouwkunst van Nelson Carrilho’ Carrilho zal vertellen over zijn werken die een ode zijn aan de Caribische en dus de Afrikaanse cultuur. Behalve een licht schijnen op deze krachtige en complexe erfenis, vertelt hij over het ambacht van beeldhouwen en bronsgieten. Via deze weg geeft hij inzicht in zijn visie op het leven.

Muziek en zang door de Nigeriaanse meesterpercussionist en componist Egobudike Emechete met dans van Nelson Carrilho, zullen de lezing omlijsten.

Datum: zaterdag 29 oktober 2022

Tijd: 14.00-16.00

Locatie: Nationaal Archief Den Haag

Prijs: GRATIS

Aanmelden: Lezing Nelson Carrilho | Nationaal Archief Aanmelden vóór 25 oktober!

Voor en na de lezing is er gelegenheid om de expositie Kòrsou – Curaçao te bezoeken. (Entree: Volwassenen €7,50; 65+/ studenten/ooievaarspas €5,- ; Museumjaarkaart gratis)

‘De waanzinnige boomhut’ no ek yn it Frysk!

Dit jier ferskynt yn de nasjonale Berneboekewike foar it earst ek in Fryske oersetting fan it
Kinderboekenweekgeschenk. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân is in Fryske oersetting
makke fan it Kinderboekenweekgeschenk 2022 ûnder de titel: ‘Healwize beamhutferhalen,
oer doe’t it Stoel-Yn-Dyn-Noasdei wie en oare healwize saken’. De oersetting is makke troch Martsje de Jong.

It Kinderboekenweekgeschenk is dit jier skreaun troch Andy Griffiths, tegearre mei yllustrator Terry Denton bekend fan de populêre ‘De waanzinnige boomhut’-rige. Yn de
Berneboekewike fan 5 o/m 16 oktober is de Fryske oersetting fergees te krijen by oankeap
fan op syn minst €12,50 oan Fryske boeken.

De Fryske oersetting fan it Kinderboekenweekgeschenk is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.

Lês-mar-foar-wiken feestlik ôfsluten

Yn de moanne septimber wiene de Lês-mar-foar-wiken en waard der troch de hiele provinsje foarlêzen oan pjutten op sa’n 400 pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlden. De feestlike ôftraap wie op 3 septimber mei it grutte Tomke Foarlêsfeest by paviljoen MeM yn Bûtenpost. Freed 30 septimber wiene de lêste foarlêsaktiviteiten en waard de foarlêsmoanne yn styl ôfsletten mei de foarstelling ‘Tomke syn pyamadei’ fan Geartsje Douma yn de biblioteek fan Grou.

Yn totaal binne der tidens de Lês-mar-foar-wiken mear as 25.000 Tomke-boekjes útdield oan Fryske pjutten. Yn de Stellingwerven binne dêrneist noch 1000 Stellingwerfske boekjes útdield. Tagelyk wiene der de hiele moanne septimber nije Tomke-útstjoeringen op Omrop Fryslân te besjen en wiene der flochs fan Tjitsfloch oer de ferskes en ferhaaltsjes út it Tomke-boekje. By de Fryske biblioteken koene bern nei foarstellings fan Tomke-skriuwster Geartsje Douma, sjongeres Janneke Brakels en De Vertellende Piano.

Foto: Hippe kiek fotografie by Sjoeke

‘Wy sjogge werom op in prachtige en suksesfolle earste edysje fan de Lês-mar-foar-wiken’, seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk. ‘Earder waarden de foarlêsaktiviteiten en in nij, fergees Tomke-boekje foar alle Fryske pjutten byelkoar brocht yn de Fryske Foarlêswike, mar om’t de organisaasje feroare is, wie it ek de tiid foar in nije namme en opset.’ Yn 2023 binne der yn septimber wer de Lês-mar-foar-wiken mei fansels in nij Tomke-boekje en in hiel soad leuke foarlêsaktiviteiten foar pjutten.

De Lês-mar-foar-wiken binne in inisjatyf fan de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS. Omrop Fryslân, Cedin en Sintrum Frysktalige Berne Opfang (SFBO) soargje foar promoasje en fersterking.