Moardferhalewedstriid

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it feest BoekmoardBoek dat op freed 8 july om 20.00 oere yn Café Het Grauwe Paard yn Marsum holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn minst 1000 wurden te skriuwen dêr’t moard in ûnderdiel fan is. Dat kin fansels breed: fan wreed en spannend oant healwiis en hilarysk. Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.

De winner wurdt op it feest sels bekend makke en mei syn/har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden tusken de oare Fryske skriuwers dy’t dêr de jûns al steane om harren koarte moardferhaal hearre te litten, lykas Sipke de Schiffart, Johan Veenstra, Jetske Bilker, Sjoerd Bottema en Erik Betten. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre.

Ynstjoeringen moatte op syn lêst freed 24 juny binnen wêze op it e-mailadres ynfo@boekenfanfryslan.frl en foarsjoen wêze fan namme en
kontaktgegevens.

Tresoar organisearret de ynternasjonale wittenskiplike konferinsje ‘The 24th Board Game Studies Colloquium’ (BGSC)

Fan moandei 16 maaie o/m freed 20 maaie organisearret Tresoar ‘The 24th Board Game Studies Colloquium’ (BGSC): in ynternasjonale konferinsje foar wittenskippers en praktykminsken út tal fan fakgebieten en dissiplines dy’t elk jier yn in oar lân hâlden wurdt. By de BGSC wurde spulstúdzjes út meardere perspektiven wei besjoen en ek wurdt sjoen nei tinksporten fan eartiids en no. It tema fan de konferinsje dit jier is Ludus in Academia (it spul yn akademyske setting).

It doel is om de grutte tinksportkolleksje dy’t Tresoar beheart nasjonaal en ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen en it brûken derfan te befoarderjen foar maatskiplike en wittenskiplike doelen. Ek wol Tresoar de gearwurking fergrutsje mei organisaasjes dy’t belangrike tinksportkolleksjes beheare.

BGSC-programma
Yn ferskillende online en live lêzingen wurde tinksporten út ferskillende perspektiven (wiskundich, psychologysk, sosjaal, archeologysk) wei beljochte. De BGSC-dielnimmers gean op ekskurzje nei de akademystêd Frjentsjer dêr’t se in besite bringe oan Museum Martena, it Planetarium en de Martinitsjerke. Ek meitsje se in akademyske stedskuier. Boppedat wurde de dielnimmers offisjeel ûntfongen op it Provinsjehûs troch Sietske Poepjes, deputearre fan Fryslân.

Publykslêzingen op 17 maaie
Tresoar hat de ambysje om yn de takomst foar it bredere publyk dat ynteressearre is yn tinksporten en selskipsspullen aktiviteiten te organisearjen ûnder de namme ‘Denksportdagen Tresoar’. Foarútsjend dêrop wurde op tiisdeitejûn 17 maaie yn Rijksuniversiteit Groningen/Campus Fryslân yn Ljouwert in twatal publykslêzingen organisearre oer tinksporten. De sprekkers binne Arjen Dijkstra (direkteur fan it Universiteitsmuseum Groningen) en Hans van der Heijde (Nederlânsk politikolooch, auteur en bridgesjoernalist). Studinten en tinksportleafhawwers binne fan herte wolkom. Mear ynformaasje oer dizze lêzingen dy’t yn it Ingelsk hâlden wurde en de opjefte (foar 13 maaie) is te finen op de webside fan Tresoar.


Denksportcollectiecentrum Tresoar
Yn Nederlân en ek yn Fryslân is fan âlds in soad omtinken foar it beoefenjen fan tinksporten en foar kolleksjes op dat mêd. Tresoar is yn 2018 fan start gien mei it ynrjochtsjen fan in nij kennissintrum: it Denksportcollectiecentrum Tresoar. De fjouwer tinksporten skake, bridge, go en damje (wêrûnder ek Frysk damje) stean dêryn sintraal. De biblioteekkolleksjes fan it Denksportcollectiecentrum en de argiven binne ûnderbrocht yn de ‘Denksportcollectie Nederland, Tresoar’.

Tresoar hat de skaakkolleksje fan Haije Kramer yn hûs, krekt as de damkolleksje fan Geert Bosma. Binnen it lanlike netwurk fan Openbare Bibliotheken mei wittenskiplike stipefunksje, de Plusbibliotheken, fertsjinwurdiget Tresoar al in pear jier it swiertepunt Denksporten. Yn dat ramt is de skaakkolleksje fan de Atheneum-bibliotheek Deventer nei Ljouwert ferhuze.

Yn 2017 is de Bridgekolleksje fan de UB Amsterdam oan Tresoar oerdroegen. Troch de akwisysje fan de kolleksje, by elkoar brocht troch bridgesamlers Jac Fuchs en Bob van de Velde, beskikt Tresoar oer de op ien nei grutste iepenbiere bridgekolleksje op de wrâld (nei de Victoria State Library yn Melbourne, Australië).

Neist boeken en tydskriften beheart Tresoar ek argiven op it mêd fan de fjouwer grutte tinksporten. In tal eardere KB-kolleksjes, nammentlik de skaakargiven fan Niemeijer en Palamedes, it damargyf De Jong en ek it FIDE argyf (1949-1998), binne yn Tresoar ûnderbrocht (dit materiaal is noch net te rieplachtsjen).

Yn 2020 binne argyf en biblioteek fan de Nederlandse Go Bond en fan de European Go Federation fan it eardere European Go Cultural Centre (EGCC) yn Amsterdam nei Tresoar ferhuze (dit materiaal is noch net te rieplachtsjen).

Mei tank oan de Ryksuniversiteit Grins en Provinsje Fryslân

Dútske premjêre Fryske film Stjer by 21ste ‘Friesendroapen’ op Hilgelân    

Sneon 21 maaie is op Hilgelân (Helgoland) de Dútske premjêre fan de Fryske aksjekomeedzje Stjer. It is ien fan de programmaûnderdielen fan it 21ste Friesendroapen dat fan 20 oant en mei 22 maaie plakfynt. De Frysktalige bioskoopfilm fan de band De Hûnekop en regisseur Janko Krist is op 6 septimber 2021 útkaam en wurdt yn opdracht fan de Fryske Rie spesjaal foar dizze gelegenheid fan Dútske ûndertitels foarsjoen troch Geertrui Visser yn oparbeidzjen mei dr. Claas Riecken fan it Nordfriisk Instituut.

Filmposter Stjer

Freedtejûn 20 maaie draait de film ‘Der Krug an der Wiedau’. De earste Noardfryske film ea. In komyske misdiefilm yn fiif talen: it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk. Dy film is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dútsktalige minderheid yn Denemarken en regisearre troch Gary Funck. Begjin fan it jier is de film fan Fryske ûndertitels foarsjoen troch Geertrui Visser foar de premjêre yn Nederlân, dat organisearre wie op Ynternasjonale Memmetaaldei troch it EBLT, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film.

“Wy bin bûn, ferparte mar nea oerwûn…” sa begjint it nije Ynterfryske liet wêrfan’t de tekst troch de dielnimmers fan in wurkwinkel wilens it Friesendroapen yn 2019 skreaun waard ûnder begeleiding fan de Fryske folkband Baldrs Draumar. It is no op muzyk set en dit Friesendroapen is Baldrs Draumar presint om it nije Ynterfryske Liet foar it earst live nei foaren te bringen. It doel fan it liet is om de ferbining tusken de Fryslannen te beklamjen en te fergrutsjen.

Oan it begjin fan de sechstiger jierren ûntstiene de earste oerwagingen foar in ynterfryske gearkomste foar alle leeftiidsgroepen. Yn 1962 wie it earste treffen op Hilgelân, dat om ‘e trije jier East-, West- en Noard-Friezen yn de betide simmer foar trije dagen nei it eilân lûkt. 20–22 maaie 2022 is it wer safier. De organisaasje wikselet om ‘e trije jier fan seksje en dit jier is de organisaasje yn hannen fan de Frasche Rädj (Sektion Nord). De Fryske Rie is presint mei sa’n 60 dielnimmers, wêrûnder De Fryske Dûnsers.

Bosk by Obe – Als bomen kunnen wandelen

De kulturele produksje ‘Als bomen kunnen wandelen’ by Obe, poadium foar Fryske kultuer, fertelt dizze simmer tusken 7 maaie en 14 augustus it ferhaal achter Bosk: de mear as tûzen seis, sân meter hege beammen dy’t troch de binnenstêd fan Ljouwert ‘kuierje’ en fia alve lokaasjes úteinlik op it Aldehoustertsjerkhôf einigje.

De kuierjende bosk is basearre op it essay Planet Paradise fan Bruno Doedens, artistyk lieder fan Bosk. Yn dit essay ropt er op it ferhaal fan de ierde op ’e nij te skriuwen. Net allinne de natuer hat dêr baat by, de minske ek. We hawwe nije ferhalen nedich dêr’t we yn leauwe kinne, want it ferhaal fan no is te belêstend foar de ierde. De kulturele produksje ‘Als bomen kunnen wandelen’ draacht dat boadskip út mei in multydissiplinêr programma wêryn it Boskpoadium in sintrale rol spilet. It fertelt en ûndersiket de sintrale fraach fan Bosk: wat kinne we leare fan beammen?


 Fan rûp nei flinter

Yn Obe makket de besiker de transysje fan ego-tinken nei eko-tinken, de transysje fan rûp nei flinter. De minske: warber, ûndernimmend en by steat ta bysûndere prestaasjes. Fan komplekse organisaasjestruktueren oant ûnfoarstelbere technyk en ymminse bouwurken: de minske kin én docht it allegearre. De oare kant? De minske tinkt foaral oan de minske, en net sa bot oan de ierde. Hoe transformearje we ús ego-tinken yn eko-tinken?

Plantsje in beam-belofte

By in besite oan Obe falle in seis meter grutte stielen rûp en flinter fuort op. By de start binne se noch keal, mar besikers wurde útnûge lapkes stof oan de rûp of flinter te knoopjen. Mei dat ritueel ferbine se har oan de belofte in beam te plantsjen, en dêrnei it leafst nóch in beam op elke kommende jierdei. As betankje oan de ierde. Alle lapkes stof soargje derfoar dat de rûp en flinter oan de ein fan de produksje in eksploazje fan beloften binne.

Boskpoadium

It Boskpoadium is it multydissiplinêre programma fan ‘Als bomen kunnen wandelen’ dat net foar neat yn de eko-romte is: dêr wêr’t we ús in foarstelling meitsje fan de wrâld fan moarn. Keunstners, artysten, makkers, partners en publyk wurde útnûge om mei te tinken, te meitsjen, te ûndersykjen en te presintearjen by de sintrale fraach ‘wat kinne we leare fan beammen?’ Dêrmei wurdt Obe in libben publyksplak.

Yn Boskpoadium siket Tresoar bewust de gearwurking mei ferskate kulturele organisaasjes, artysten of kollektiven dy’t as kurator fan it programma fungearje. Dat liedt ta in breed ferskaat wykeinprogramma, lykas in jûn mei livemuzyk, workshops op it mêd fan duorsumens, in performance of in jûn mei spoken word, dichtkeunst en rap.

Bosklab

Yn it Bosklab wurkje sa’n fiifentweintich makkers oan ferskate artistike projekten dy’t op allerhanne Bosklokaasjes binne. Elke trije wiken is in oare makker oan it wurk yn it Bosklab, ynspirearre troch de sintrale fraach wat we fan beammen leare kinne om ússels op ‘e nij út fine te kinnen. Dy makkers jouwe by it Boskpoadium in koart optreden dêr’t se mear oer har projekt fertelle.

Oprop en mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer ‘Bosk by Obe – Als bomen kunnen wandelen’, it Boskpoadiumprogramma en de oprop fan Tresoar oan it publyk om in kollektestik te dielen oer de skiednis fan bosk en natuer yn Fryslân, is te finen op de webside fan Tresoar.

‘Bosk by Obe – Als bomen kunnen wandelen’ is in gearwurking fan Tresoar en Arcadia.

Dizze wike is it Sichtberensakkoart Frysk / Fryske taal ûndertekene troch minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Hanke Bruins Slot en deputearre Sietske Poepjes.

sichtberens Frysk

It akkoart, as oanfolling op ‘e BFTK 2019-2023, makket it Frysk sichtberder yn ‘e iepenbiere romte en yn kommunikaasje-uterings. Sa wurde paadwizers yn iepenbiere romten yn Rykskantoaren yn ’e provinsje Fryslân twatalich en wurdt ek de tydlike bebuording en
oare iepenbiere tydlike ynformaasjefoarsjenning om Rykswegen hinne twatalich. Boppedat ser it ministearje fan Ynlânske saken en Keninkryksrelaasjes Ryksbreed yn
op it better foarljochtsjen oer it brûken fan ’e Fryske taal yn kommunikaasje-
uterings út ’e Ryksoerheid wei.

It folsleine akkoart is hjir del te laden.

sjoch ek it berjocht op Omrop Fryslân. Foto: Onno Falkena

Ynterfryske frouljusmoeting yn Eastermar

Fan 13 oant 16 septimber 2022 organisearret de Fryske Rie wer in ynterfryske frouljusmoeting. Dat twajierlikse barren is diz’ kear yn in groepsakkommodaasje yn Eastermar, yn ús, Westerlauwersk, Fryslân. Dielname stiet iepen foar froulju út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân.

Programma

In nijsgjirrich programma is gearstald troch in wurkgroep út de Fryske Rie, oanfold mei 2 froulju út de Vrouwen van Nu Friesland. Sa stiet der in besite oan de Sweach op it programma, û.o. nei de Tropyske Kas, in bisite oan it Skútsjemuseum yn Earnewâld en in fartocht troch de Alde Feanen. Jûns wurdt der soarge foar ferdivedaasje mei sjongen en it fertellen fan ferhalen. Meiïnoar yn ‘e kunde komme en útwikseling fan ûnderfinings én geselligens stiet dizzer dagen foarop.

Sjoch foar it folsleine útwikselprogramma, en www.fryskerie.frl en op Facebook

Ynterfryske Rie

De frouljusmoeting is in aktiviteit fan de Ynterfryske Rie, in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard. Fan West binne diz’ kear ek de froulju fan it Westfries Genootschap yn Westfriesland (Noard-Hollân, Ned.) útnûge.

De leden fan de Ynterfryske Rie binne de trije Fryske Rieden en it foarsitterskip dêrfan wikselet om de trije jier. De Seksje Noard hat op it stuit it foarsitterskip oant healwei 2024. Dêrnei nimt de Seksje East dat wer foar trije jier oer. Neffens in fêst skema wurdt der om de trije jier ek in Friezemoeting op Hilgelân (Helgoland) organisearre. Dat is dit jier fan 20 oant en mei 22 maaie. Yn 2021 koe it trijejierliks Ynterfrysk Kongres fanwege koroana net trochgean, no wurdt dat trijejierliks kongres oanslutend oan de frouljusmoeting yn septimber 2022 yn Fryslân hâlden.

Fryske Rie

opjefte

Opjefte foar froulju dy’t belangstelling hawwe om diel te nimmen, stiet no iepen. Opjaan kin oant 1 juny 2022 by de Fryske Rie, fia dit e-mailadres

Mear ynformaasje kin ek fia dat e-mailadres opfrege wurde.

Wrâldboekedei en de Katalaanske ‘Dei fan Sant Jordi’ op 23 april by de Afûk

Sneon 23 april is it yn Kataloanië ‘De dei fan Sant Jordi (Sint Joris)’, in dei dat de minsken dêr elkoar neffens tradysje boeken en roazen kado dogge. Boppedat falt dy dei gear mei de jierlikse ‘Wrâldboekedei’, yn 1995 fêststeld troch de UNESCO om oandacht te freegjen foar it belang fan boeken en lêzen. De kombinaasje fan dy twa fieringen wie foar Ignasi Ripoll fan it Assemblea Nacional Catalana Nederland (ANC) reden om de tradysje dit jier troch te jaan oan Nederlân en kontakt te sykjen mei de Afûk. Beide partijen steane foar de promoasje fan harren taal en kultuer. Mei-inoar organisearje sy no de ‘Boeke- en Roazedei’ op 23 april yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert.


Boeke- en roazedei

Op inisjatyf fan Ignasi Ripoll fiere wy dit jier op sneon 23 april foar it earst de Boeke- en Roazedei by de Afûk. Om 12.00 oere set it evenemint yn de winkel útein, dêr’t ferteld wurdt oer de dei fan Sant Jordi en Wrâldboekedei. Ek wurde der Katalaanske gedichten foardroegen, foar in part oersetten nei it Frysk troch Syds Wiersma, en der is omtinken foar Fryske wiisheden. Boppedat krije alle klanten op sneon 23 april yn de Afûk-winkel in moaie roas kado. (op=op)

Gearwurking ANC en Afûk

It Katalaansk heart, lykas it Frysk, ta de Europeeske minderheidstalen. “Wy wurdearje en beskermje ús talen”, seit it ANC-Nederland. It ANC-Nederland is ien fan de bûtenlânske takken fan it Assemblea Nacional Catalana, in Katalaanske sivile maatskiplike organisaasje dy’t him ûnder oaren ynset foar de promoasje fan kultuer en minderheidstalen. Dat doel slút hiel moai oan by de missy en it wurk fan de Afûk as it giet om de Fryske taal. Dêrnjonken is de Afûk net allinne útjouwer fan boeken yn it Frysk en oer Fryslân, mar hat dy ek noch in spesjalisearre boekwinkel. Alle reden om yn te gean op dat Katalaanske inisjatyf en mei te wurkjen oan de organisaasje fan it evenemint.

foto Assemblea Nacional Catalana Nederland

Tradysje

De ‘Diada de Sant Jordi’ (dei fan Sint Joris), op 23 april, is in bysûndere feestdei yn Kataloanië. Net allinnich is it de dei fan de beskermhillige, mar it is ek de dei fan de roas as symboal fan de leafde en de dei fan it boek as symboal fan de kultuer. It is in tradysje mei in lange skiednis. De ferearing fan Sant Jordi yn Kataloanië waard troch de Generalitat, it regear fan Kataloanië, yn 1456 útroppen ta in offisjeel feest. In wichtich ûnderdiel fan de hjoeddeistige festiviteiten is it tradisjonele útwikseljen fan kado’s: de man jout de frou in roas en hy kriget fan har in boek. Tsjintwurdich kriget elkenien fansels in boek: frou, man én bern. “Wy tinke dat it ien fan de moaiste tradysjes is dy’t wy Katalanen hawwe en dat it oeral fierd wurde kinne soe”, seit Ignasi Ripoll.

De Dei fan it Boek is yn 1926 ynsteld omdat op 23 april de dea fan Cervantes betocht wurdt. It fieren fan de Dei fan it Boek waard al gau oernommen yn Kataloanië, en wylst de tradysje op oare plakken ferwettere, is er yn Kataloanië útgroeid ta ien fan de populêrste feesten, kompleet mei boekemerken en blommedissen en tal fan kulturele aktiviteiten.

Boekpresintaasje Oekraynsk berneboek ‘Maia en har freonen’ –

Op tongersdei 21 april fynt de presintaasje plak fan Maia en har freonen, in berneboek út Oekraïne, oersetten fia it Ingelsk nei it Frysk troch Tialda Hoogeveen. De tastânkomming fan it boek is in unikum: alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân en nimme ek de ferkeap fan it boek mei-inoar op harren.

Opbringsten ferkeap Fryske útjefte foar UNICEF-Oekraïne

De folsleine opbrinst fan de ferkeap fan it boek giet nei UNICEF-Oekraïne, dy’t har ynset foar bern dy’t yn Oekraïne achterbleaun binne. It boek fynt net allinne syn wei nei de Fryske lêzers, mar is ek oersetten yn in soad oare talen, sadat it no te lêzen is yn Sweden, Letlân, Dútslân, it Feriene Keninkryk, Poalen, Estlân en Yslân. Yn Fryslân is it ynisjatyf rom sponsore troch: de Provinsje Fryslân, Stichting FLMD, Douwe Kalma Stifting, Ried fan de Fryske Beweging, Tony Feitsma Fûns, Arjen Witteveen Fûns en Drukkerij Van der Eems.

Krimoarloch

De skriuwster fan it Oekraynske boek Larysa Denysenko, sy ferbliuwt op it stuit noch yn Oekraïne, hat it boek yn ‘e tiid fan de anneksaasje fan de Krim skreaun. It boek is yn Oekraïne net mear te krijen, mar stiet troch de Europeeske útjouwers wer rûnom yn de belangstelling.

Utnûging boekpresintaasje

De presintaasje fan it boek sil plakfine yn de bibleteek fan Snits, op tongersdei 21 april 2022.

Adres: Wijde Noorderhorne 1.
Oanfang: 16.30 oere.
Minsken dy’t belangstelling hawwe foar it bywenjen fan de presintaasje, kinne harren opjaan by de bibleteek fan Snits fia: sneek@BMF.nl.

Dichter tot de kern – hartstochtelijk pleidooi om je diepe dalen te koesteren


Theatermaker en liedjesschrijver Maurice Mulderij schrijft nieuwe liedjes voor zijn nieuwe soloprogramma die hij vanaf aanstaande september speelt in de Nederlandse theaters. ‘’Dichter tot de kern’’ ligt ten grondslag aan het schrijven van zijn nieuwe voorstelling en de weg die hij bewandelt in het leven. De gelijknamige single is vanaf 8 april te beluisteren via alle bekende streamingskanalen. Vorig jaar stond Maurice met de Drentstalige versie van het lied in de finale van het Drèents Liedtiesfestival.

Maurice Mulderij heeft een grote liefde voor het luisterlied, hoe meer melancholie hoe beter. ‘’Het zijn juist de kwetsbare momenten die ons dichter bij onszelf brengen en hoe mooi is het om dat op papier te zetten en hierbij een melodie te schrijven’’. Tekst en muziek zijn van Maurice Mulderij. De single is opgenomen in de TecLats studio van Ton Snijders, al jaar en dag de vaste pianist van Frank Boeijen. Met veel liefde werken we samen aan
heel kwetsbare liedjes.

foto: Jaap Reedijk

Theater
Maurice timmert als theatermaker en liedschrijver al enige tijd aan de weg. Hij ontvangt enthousiast reacties op theatersolo’s, werkt samen met acteur Bartho Braat en raakt menig luisteraar met inhoudsvolle liedjes als ‘Ongeneeslijk Ziek’ , ‘Jouw Ideale Man’ en ‘Alzheimer’. Maurice is er trots op zijn nieuwe werk nu eindelijk tekunnen presenteren en weer in de theaters te kunnen spelen nu hiervoor weer ruimte is. Maurice: “Van alle
liedjes die ik heb gemaakt, voelt deze als de absolute basis’.


Dichter tot de kern van Maurice Mulderij verschijnt op 8 april op alle bekende streamingskanalen.

Plan foar bettere beleanning en promoasje Fryske skriuw(st)ers

It bestjoer fan it Skriuwersboun hat op 7 april yn Tresoar it rapport fan harren Wurkgroep Honoraria presintearre, it plan foar bettere beleanning en promoasje Fryske skriuw(st)ers

Yn dat rapport stean in tal fan advizen om de Fryske skriuw(st)ers te stypjen:

  • minimum-tariven foar optredens en wurk yn opdracht
  • de oanbefelling om wer 50% fan de royalties as foarskot te freegjen yn it kontrakt mei de útjouwer
  • Boeken fan Fryslân te fersterken troch bettere en mear promoasje te meitsjen foar de Fryske literatuer troch jierliks in tal spearpuntboeken sa grut mooglik yn it publike domein te promoatsjen

It plan waard goed ûntfongen troch de oanwêzige minsken en organisaasjes yn de seal. It Skriuwersboun sil hjir ferfolch oan jaan troch, as earste, yn petear te gean mei de Provinsje Fryslân.