Nij projekt fan de Ried fan de Fryske Beweging: Fan ûnderen op

De Ried fan de Fryske Beweging start in nij projekt: Fan ûnderen op. Dat spilet him ôf yn de doarpen en yn wiken fan gruttere plakken. Doel fan it projekt is dat we wat bewuster mei it Frysk omgeane, de taal bewust mear brûke. Troch faker Frysk te praten, kinne we mei-inoar foarkomme dat de taal yn de takomst ferlern giet. Ut ûndersyk blykt nammentlik dat we hieltyd minder Frysk prate en skriuwe. Sa stappe we bygelyks frij gau oer op it Hollânsk as immen ús yn dy taal te wurd stiet. We fine it wol sa aardich en fatsoenlik om ús oan te passen. Mar oerskeakelje op it Hollânsk is faak hielendal net nedich, om’t de measte minsken wol Frysk fersteane. Boppedat helpe we de net-Frysktaligen mei it learen fan de taal troch Frysk tsjin harren te praten. Continue reading “Nij projekt fan de Ried fan de Fryske Beweging: Fan ûnderen op”

De streektalenatlas fan Fryslân

Op 18 desimber is de streektaalatlas fan Fryslân ferskynd, mei gebrûk en behearsking fan de ferskate streektalen yn de Fryske streektaalgebieten. Deputearre fan provinsje Fryslân Jannewietske de Vries presintearre de atlas yn it Bilt, dêr’t de eigen streektaal tige wichtich is, sa docht bliken út it ûndersyk.

Der hat yn 2014 in enkête ûnder hast 19.000 húshâldens west. Yn it Bilt wie de respons it heechst. Fryslân hat njonken de Fryske en Nederlânske taal in grut ferskaat oan streektalen: it Biltsk, Stellingwerfsk, Amelânsk, Aastersk, Midslânsk, Westersk, Skiermûntseagersk, Hylpersk en it Stedsfrysk, yn acht farianten. Continue reading “De streektalenatlas fan Fryslân”

Brede stipe foar Taalweb Frysk en oanpaste stavering

Foto: Omrop Fryslân, Jaap Elzes
Yn Provinsjale Steaten is in soad stipe foar it plan fan de Fryske Akademy foar Taalweb Frysk: in nije Fryske online wurdlist mei staveringshifker en online wurdboek. Neffens de measte partijen hat it ûnderwiis dêr in soad ferlet fan. Ek binne der yn Fryslân in soad minsken dy’t wol wat stipe brûke kinne by it skriuwen fan it Frysk.

De nije wurdlist moat lykwols net sjoen wurde as in ferplichte standert, mar as in foarkarswurdlist. Der bliuwt romte foar regionale farianten lykas Wâldfrysk en Súdwesthoeks. De list giet begjin 2015 online. Continue reading “Brede stipe foar Taalweb Frysk en oanpaste stavering”

Europeesk Parlemint hâldt kommisje minderheidstalen

Foto: BNR
Der bliuwt in kommisje foar minderheidstalen en -kultueren yn it Europeesk Parlemint. De saneamde yntergroep soe ôfskaft wurde, mar it EP hat tongersdei besluten dat er yn alle gefallen oant 2019 bestean bliuwe mei.

Yntergroepen binne ynformele kommisjes fan it EP mei in beskaat ûnderwerp as binende faktor. De EP-leden yn sa’n kommisje hawwe yntinsyf kontakt mei organisaasjes en lobbyisten dy’t mei dat ûnderwerp dwaande binne. In yntergroep kin allinne mar oprjochte wurde en bestean bliuwe as er de stipe kriget fan de grutte partijen yn it EP. Boppedat moatte op syn minst trije fraksjes yn it EP leden leverje wolle. Continue reading “Europeesk Parlemint hâldt kommisje minderheidstalen”

Tryater fiert har 50-jierrich jubileum

Foto: Omrop Fryslân
Tryater fiert takom jier har 50-jierrich jubileum en dêrmei is it selskip it âldste teaterselskip fan Nederlân. Yn it ramt fan it jubileum komt de teatergroep mei in nij inisjatyf. Se rjochtsje in groep beskermers op, dy’t Tryater stipet en ek meitinkt mei de teatermakkers.

Der binne tsien plakken beskikber foar de beskermhearen en -froulju. Dy moatte 2500 euro bydrage. Yn ruil dêrfoar meie se meiprate oer it belied fan Tryater. Continue reading “Tryater fiert har 50-jierrich jubileum”

Pjutteboartersplak ‘It Boartersplak’ yn Ternaard is sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling

Op tongersdei 4 desimber wie it dûbelt feest op pjutteboartersplak It Boartersplak yn Ternaard. It pjutteplak fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradiel wurket sûnt febrewaris 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it trajekt no ôfrûne en it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Op 4 desimber wie it Sinteklaasfeest op It Boartersplak. Ferrassingspyt hat it sertifikaat út in Fryske Pitesek helle en oan liedsters Grietsje, Nynke en Annette oerlange. Alle bern hawwe in Frysk Pitesekje mei in Tomke-kado en in Sinteklaaskado fan Ferrassingspyt krigen. Continue reading “Pjutteboartersplak ‘It Boartersplak’ yn Ternaard is sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling”

Oersetsprint foar Frysk Facebook op Mercator-konferinsje

In team fan frijwilligers jout freed yn it Ljouwerter kafee Van Buren it lêste triuwke oan it folslein beskikber meitsjen fan Facebook yn it Frysk. Dizze ‘Fryske Facebook Oersetsprint’ fynt tagelyk plak mei in ynternasjonale konferinsje oer meartaligens en sosjale media fan it kennissintrum Mercator fan ’e Fryske Akademy.
Continue reading “Oersetsprint foar Frysk Facebook op Mercator-konferinsje”

Dekker: “Ek Omrop moat gewoan besunigje”

Foto: Omrop Fryslân
Omrop Fryslân moat gewoan meidwaan yn de besunigings dy’t it Ryk trochfiere wol op de regionale omroppen. Mar it Frysk moat fansels wol waarboarge wurde. Dat sei steatssikretaris Sander Dekker moandei yn it mediadebat dat de hiele dei yn Den Haach plakfynt.

Alle regionale omroppen moatte 17 miljoen besunigje foar 2017. De provinsje Fryslân wol dat Omrop Fryslân minder rekke wurdt troch de besunigings omdat de omrop as iennige yn it Frysk útstjoert. De CDA-Twadde Keamerfraksje fynt dat ek. Se wurdt stipe troch PvdA, SP en Christen Unie. Continue reading “Dekker: “Ek Omrop moat gewoan besunigje””