Oersetsprint foar Frysk Facebook op Mercator-konferinsje

In team fan frijwilligers jout freed yn it Ljouwerter kafee Van Buren it lêste triuwke oan it folslein beskikber meitsjen fan Facebook yn it Frysk. Dizze ‘Fryske Facebook Oersetsprint’ fynt tagelyk plak mei in ynternasjonale konferinsje oer meartaligens en sosjale media fan it kennissintrum Mercator fan ’e Fryske Akademy.

Facebook wurdt ûnderstipe yn mear as santich talen. Sûnt 2010 is it populêre sosjale netwurk ek beskikber yn ’e Fryske taal, noch hieltyd allinnich mar as bèta-ferzje. Neffens Wim Benes, ynisjatyfnimmer fan ’e Oersetsprint, is de lêste wiken stoef oanskreppe en moat no noch de lêste 4 of 5 persint oerset wurde. “Mei stipe fan Facebook sille wy ús oersetwurk ôfmeitsje en tagelyk de puntsjes op ’e i sette om de kwaliteit op in heger nivo te krijen”, seit Benes.
Benes rûst dat der freedtemiddei sa’n tweintich frijwilligers nei kafee Van Buren komme en oan ’e oersetsprint dielnimme sille. Dêrnjonken skoot in fertsjinwurdiger fan Facebook fan it Europeeske haadkertier yn Dublin, Julian Müller, oan by de Oersetsprint. “Hy sil ús helpe mei problemen dêr’t wy tsjin oan rinne en kin fragen oer it oersetten beäntwurdzje.”

De risseltaten wurde nei de oersetsprint presintearre op ’e konferinsje ‘Multilingualism & Social Media’, dy’t dan plakfynt yn it neistlizzende Eden Oranje Hotel. Dizze ynternasjonale konferinsje, organisearre troch it kennissintrum Mercator fan ’e Fryske Akademy en it Londenske universitêre taalsintrum SOAS, stiet yn it teken fan it tanimmend ûndersyk nei minderheidstalen lykas it Frysk, Baskysk, Welsk en Gaelic op sosjale media.
De Oersetsprint wurdt stipe troch Facebook, Praat mar Frysk, Fryske Akademy/Mercator en Mozilla.

Fryske Facebook Oersetsprint
Datum en tiid: Freed 28 novimber 2014, 13.30-16.30 oere
Lokaasje: Kafee-restaurant Van Buren, Stasjonswei 4, Ljouwert
Link: http://www.praatmarfrysk.nl/blog.php?navpage=1&id=606

Konferinsje ‘Multilingualism and Social Media’
Datum: Freed 28 en sneon 29 novimber 2014
Lokaasje: Eden Oranje Hotel, Stasjonswei 4, Ljouwert.
Link: http://lyt.sr/c36hw

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.