Reprize fan Heimwee nei Hurdegaryp

Heimwee nei  Hurdegaryp wurdt reprisearre! Tryater hat yn it kommende seizoen twawiken frijmakke foar it stik dat de ôfrûne wike mei in protte sukses op Oerol stie. It publyk moat noch al even geduld ha: fan 21 jannewaris 2014 ôf is ‘Heimwee’ noch 10 kear te sjen yn ús eigen gebou. Kaarten binne fan moandei ôf te bestellen opwww.tryater.nl. De kapasiteit is beheind.

Heimwee nei Hurdegaryp, mei Eelco Venema en Lourens van den Akker, raffelet in ferline útinoar dat allinne noch mar bestiet as in kleaune fan tinzen. De twa spilers sette alle sintugen iepen, litte alle fêstichheden los en ferkenne de raffelrânen fan it bewustwêzen. Sy riigje ferhalen oan mekoar oant se merke dat harren plaat fêstrint. Binne oantinkens wol betrouber? Hoe wie it ‘echt’? Bin ik feroare of is de wrâld om my hinne feroare? In nostalgyske trip oer langstme nei in thúsgefoel, dêr’t werklikheid, ûnthâld, dream en yllúzje troch mekoar rinne. In stik fol humor en oandwaning, regissearre troch de jonge regisseur Tatiana Pratley.

Vincent Kouters fan De Volkskrant en Kirsten van Santen van de Leeuwarder Courant sprutsen fan in ‘pareltje’!

Regie en concept Tatiana Pratley; Spel Lourens van den Akker en Eelco Venema; Decor en kostuums Janne Sterke; Muziek Laurens van der Meulen; Geluid en specials Aart Laferte; Licht Bart Schurer

 

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.