28e Ynterfrysk Kongres: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne

Fan 15-17 septimber hat it 28e Ynterfrysk Kongres plak yn Ljouwert en Dokkum. It tema fan it kongres is: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

It Ynterfrysk Kongres wurdt organisearre troch de Fryske Rie en is dit jier yn gearwurking mei de ynternasjonale Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen, organisearre troch û.o. de Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversteit Grins. Dielnimmers fan it Friezenkongres kinne harren oanslute by de publyksmiddeis fan 15 en 16 septimber. Op 17 septimber organisearret de Fryske Rie it sympoasium mei de titel De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

Sprekkers

De haadsprekkers op it sympoasium fan 17 septimber binne binne û.o. Nelleke Ijssennagger van der Pluijm en Han Nijdam (Fryske Akademy), Pieter van der Valk (Universiteit Wageningen) en Ynze Salverda, Martin Cnossen en Otto Knottnerus.

Nei it sympoasium is der in ekstra program mei in rûnlieding troch de Bonefatiuskapel en oekumenyske meartalige tsjerketsjinst en de jûns sil der ôfsluten wurde mei muzyk.

De útnûging en it folsleine programma (FRY, NL, DE) is hjir te finen.

Lokaasje en opjefte

It sympoasium op sneon 17 septimber hat plak yn Dokkum, yn De Ijsherberg oan de Harddraversdijk 1.

Kosten dielnimmers Deiprogram 25 euro, ynklusyf jûnsiten en jûnsprogram 52,50 euro, koarting studinten 7,50 euro. It opjefteformulier is te finen yn de flyer.

Twadde Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen: Fearkrêft fan 14-16 septimber

Fan 14-16 septimber hat de Twadde Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen plak yn Ljouwert. It tema fan dizze ynternasjonale konferinsje is mei it tema ‘Fearkrêft’

Fearkrêft

It Frysk en de Fryske skiednis kent op ferskate mêden in grutte fearkrêft. Sa wiene de Friezen yn de midsiuwen by steat om har eigen bestjoer en eigen rjochtssysteem oerein te hâlden. De ferneamde Fryske Frijheid jildt as in prachtich foarbyld fan fearkrêft. Mar men kin ek tinke oan de 19e iuw, doe’t de Romantyk en de Fryske Beweging opkamen yn de kontekst fan it nije Keninkryk der Nederlannen. Dy ûntwikkelings ha in soad betsjutten foar de komst fan in standert grammatika, de stúdzje nei de Fryske taal en foar de Fryske literatuer. 

Fearkrêft fan it Frysk is ek hjoed-de-dei in wichtich tema. Hoe kin in lytse taal har steande hâlde yn in hieltyd globalisearjendere wrâld? Ek no sjogge wy ûntwikkelings, bygelyks binnen it ûnderwiis mei it ambisjeuze Taalplan 2030 en de opkomst fan technologyske tapassings lykas spraakwerkenning en –synteze foar lytse talen.

Men kin tinke oan de yntegraasje fan lytse of minderheidstalen yn it meartalich ûnderwiis, sawol binnen it foarskoalsk ûnderwiis as basis-, fuortset ûnderwiis en oant ûnderwiis oan folwoeksenen. De útdagings dêr’t lytse talen tsjinoan rinne as sy spraak- en/of taaltechnologyske tapassings ûntwikkelje wolle komme oan bod

Sprekkers

De haadsprekkers op de konferinsje fan trije dagen binne Barbara Gross (Free University of Bozen-Bolzano en Goethe-University Frankfurt), Jarich Hoekstra (Christian-Albrechts-Universität Kiel), Joep Leerssen (Universiteit van Amsterdam) en Odette Scharenborg (TU Delft). It folsleine programma is hjir te finen.

Publyksmiddeis en Akademydei

Op ‘e tongersdeitemiddei is der in publyksmiddei en op ‘e freedtemiddei is it de Akademydei en wurdt de 84ste Dies Natalis fan de Fryske Akademy fierd. Dy beide middeis binne fergees tagonklik (tagong foar de moarns ynklusyf drinken en middeisiten is €45,-). 

Organisaasje

De organisaasje fan de Konferinsje yn hannen fan de Fryske AkademyMercator European Research CentreNHL Stenden University of Applied SciencesUniversity Groningen en University Groningen / Campus Fryslân. Boppedat wurdt der gearwurke mei de Fryske Rie y.f.m. it Ynterfrysk Kongres mei in sympoasium op 17 septimber, yn Dokkum.

Lokaasje en opjefte

De konferinsje hat plak yn Ljouwert, yn it Westcord WTC Hotel yn Ljouwert. In passe-partout is €160,- of €100,- mei studintekoarting.

Op Conference on Frisian Humanities kinne jo jo (oant 1 septimber) opjaan foar de aktiviteiten en mear ynformaasje fine oer de konferinsje, sprekkers, programma, ensafh.

Tresoar organisearret de ynternasjonale wittenskiplike konferinsje ‘The 24th Board Game Studies Colloquium’ (BGSC)

Fan moandei 16 maaie o/m freed 20 maaie organisearret Tresoar ‘The 24th Board Game Studies Colloquium’ (BGSC): in ynternasjonale konferinsje foar wittenskippers en praktykminsken út tal fan fakgebieten en dissiplines dy’t elk jier yn in oar lân hâlden wurdt. By de BGSC wurde spulstúdzjes út meardere perspektiven wei besjoen en ek wurdt sjoen nei tinksporten fan eartiids en no. It tema fan de konferinsje dit jier is Ludus in Academia (it spul yn akademyske setting).

It doel is om de grutte tinksportkolleksje dy’t Tresoar beheart nasjonaal en ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen en it brûken derfan te befoarderjen foar maatskiplike en wittenskiplike doelen. Ek wol Tresoar de gearwurking fergrutsje mei organisaasjes dy’t belangrike tinksportkolleksjes beheare.

BGSC-programma
Yn ferskillende online en live lêzingen wurde tinksporten út ferskillende perspektiven (wiskundich, psychologysk, sosjaal, archeologysk) wei beljochte. De BGSC-dielnimmers gean op ekskurzje nei de akademystêd Frjentsjer dêr’t se in besite bringe oan Museum Martena, it Planetarium en de Martinitsjerke. Ek meitsje se in akademyske stedskuier. Boppedat wurde de dielnimmers offisjeel ûntfongen op it Provinsjehûs troch Sietske Poepjes, deputearre fan Fryslân.

Publykslêzingen op 17 maaie
Tresoar hat de ambysje om yn de takomst foar it bredere publyk dat ynteressearre is yn tinksporten en selskipsspullen aktiviteiten te organisearjen ûnder de namme ‘Denksportdagen Tresoar’. Foarútsjend dêrop wurde op tiisdeitejûn 17 maaie yn Rijksuniversiteit Groningen/Campus Fryslân yn Ljouwert in twatal publykslêzingen organisearre oer tinksporten. De sprekkers binne Arjen Dijkstra (direkteur fan it Universiteitsmuseum Groningen) en Hans van der Heijde (Nederlânsk politikolooch, auteur en bridgesjoernalist). Studinten en tinksportleafhawwers binne fan herte wolkom. Mear ynformaasje oer dizze lêzingen dy’t yn it Ingelsk hâlden wurde en de opjefte (foar 13 maaie) is te finen op de webside fan Tresoar.


Denksportcollectiecentrum Tresoar
Yn Nederlân en ek yn Fryslân is fan âlds in soad omtinken foar it beoefenjen fan tinksporten en foar kolleksjes op dat mêd. Tresoar is yn 2018 fan start gien mei it ynrjochtsjen fan in nij kennissintrum: it Denksportcollectiecentrum Tresoar. De fjouwer tinksporten skake, bridge, go en damje (wêrûnder ek Frysk damje) stean dêryn sintraal. De biblioteekkolleksjes fan it Denksportcollectiecentrum en de argiven binne ûnderbrocht yn de ‘Denksportcollectie Nederland, Tresoar’.

Tresoar hat de skaakkolleksje fan Haije Kramer yn hûs, krekt as de damkolleksje fan Geert Bosma. Binnen it lanlike netwurk fan Openbare Bibliotheken mei wittenskiplike stipefunksje, de Plusbibliotheken, fertsjinwurdiget Tresoar al in pear jier it swiertepunt Denksporten. Yn dat ramt is de skaakkolleksje fan de Atheneum-bibliotheek Deventer nei Ljouwert ferhuze.

Yn 2017 is de Bridgekolleksje fan de UB Amsterdam oan Tresoar oerdroegen. Troch de akwisysje fan de kolleksje, by elkoar brocht troch bridgesamlers Jac Fuchs en Bob van de Velde, beskikt Tresoar oer de op ien nei grutste iepenbiere bridgekolleksje op de wrâld (nei de Victoria State Library yn Melbourne, Australië).

Neist boeken en tydskriften beheart Tresoar ek argiven op it mêd fan de fjouwer grutte tinksporten. In tal eardere KB-kolleksjes, nammentlik de skaakargiven fan Niemeijer en Palamedes, it damargyf De Jong en ek it FIDE argyf (1949-1998), binne yn Tresoar ûnderbrocht (dit materiaal is noch net te rieplachtsjen).

Yn 2020 binne argyf en biblioteek fan de Nederlandse Go Bond en fan de European Go Federation fan it eardere European Go Cultural Centre (EGCC) yn Amsterdam nei Tresoar ferhuze (dit materiaal is noch net te rieplachtsjen).

Mei tank oan de Ryksuniversiteit Grins en Provinsje Fryslân

Fryske media inisjearje opliedingstrajekt foar sjoernalisten Provinsjale subsydzje foar trainee-programma Fryske taal en kultuer

Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant, het Friesch Dagblad bondelje de krêften om sjoernalisten op te lieden yn de Fryske taal en kultuer. Se begjinne mei in traineeprogramma foar jonge sjoernalisten. Foar it ûnderwiisdiel dêrfan wurkje de mediabedriuwen gear mei de Afûk en de Ryksuniversiteit fan Grins (RUG). De provinsje Fryslân makket it inisjatyf mei mooglik mei in bydrage fan goed 200.000 euro, ferspraat oer trije jier. Dêrmei kin de helte fan de traineeplakken finansiere wurde.

It giet foarearst om in projekt foar trije jier, dêr’t jierliks trije jonge sjoernalisten oan mei dwaan kinne. Sy kinne harren ûntwikkelje op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis, sjoernalistyk en aktualiteit. De trainees dogge praktykûnderfining op by de redaksjes fan de trije media en folgje dêrnjonken in  opliedingsprogramma. Dat programma wurdt yn gearwurking mei de Afûk en de RUG útwurke. It doel is in kurrikulum te ûntwikkeljen dat op termyn ek brûkt wurde kin yn de opliedingen fan studinten sjoernalistyk en Frysk. Dêrmei wolle de partijen de kwaliteit fan it Frysk yn de media yn stân hâlde en fierder ferbetterje en dêrnjonken Frysk sjoernalistyk talint behâlde foar de takomst.

Foto: Omrop Fryslân

De taal fan it publyk
De Fryske mediabedriuwen steane noed foar de Fryske taal, kultuer en identiteit, sa jouwe haadredakteuren Ria Kraa (Friesch Dagblad) en Sander Warmerdam (Leeuwarder Courant) oan. Warmerdam: “It is wichtich dat ús sjoernalisten de taal fan it hert fan ús publyk begripe, prate en skriuwe kinne.” Ingrid Spijkers (haadredakteur fan Omrop Fryslân) follet oan: “Foar de Fryske taal en kultuer is no gjin omtinken yn de stúdzjes sjoernalistyk. Dêrom pakke we dit mei-inoar, en mei de ûnderwiispartners, op.”

In wichtich inisjatyf
De taalûnderrjochtynstelling Afûk en de ôfdieling Fryske taal- en letterkunde fan de RUG binne by de tarieding en útfiering fan it opliedingstrajekt belutsen. “Dit inisjatyf is wichtich om’t der sa mear sjoernalisten komme dy’t Frysk skriuwe kinne en dy’t boppedat better op ‘e hichte binne fan de Fryske taal en kultuer”, seit heechlearaar Fryske taal- en letterkunde prof. dr. Goffe Jensma. Direkteur Alex de Jager fan de Afûk: “It ferhaal fan Fryslân sa autentyk mooglik fêstlizze yn de taal fan de minsken út de regio, dat is wêr’t wy as Afûk mei dizze nije talinten én de hjoeddeiske betûfte sjoernalisten graach fierder oan wurkje.” 

Oer Omrop Fryslân
Omrop Fryslân is de regionale publike omrop foar elkenien dy’t him mei Fryslân ferbûn fielt. De organisaasje makket ferhalen dy’t ynformearje, ynspirearje en amusearje en bringt de kontint fia ferskillende platfoarmen lykas radio, telefyzje en online kanalen.

Oer Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant 
It Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant binne ûnderdiel fan NDC mediagroep, fêstige yn Ljouwert en Grins. NDC mediagroep is ek útjouwer fan Dagblad van het Noorden en mear as 35 nijs- en wykblêden en sy beheart rom 50 digitale regionale kanalen. NDC leaut yn ûnôfhinklike sjoernalistyk en foarsjocht mear as 2 miljoen minsken yn Noard-Nederlân fan nijs en ynformaasje.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek Frysk yn foar Mozilla Common Voice.

Wat soe it moai wêze dat dyn telefoan Frysk ferstiet en prate kin! Takomstmuzyk? Der wurdt al oan wurke en wy hawwe dyn stipe derby nedich!

Mozilla Common Voice

Mozilla Common Voice is in iepen source platfoarm rjochte op it sammeljen fan spraakmateriaal foar ferskillende talen wêrmei’t spraaktechnology ûntwikkele wurde kin. Spraaktechnology wurdt ynset om masines te learen hoe’t minsken sprekke yn ferskillende talen en om masines sels spraak produsearje te litten. Tink oan in soarchrobot, Siri, Google Home ensafh. Dy technology wurdt de kommende jierren hieltyd wichtiger en it is wichtich dat dy technyk ek yn it Frysk wurket.

Fryske ynsprekwike

Om de database te foljen, is de stipe fan hûnderten Friezen nedich. It earste doel is om oan 300 oeren ynsprutsen tekst te kommen. Dochst ek mei oan de Fryske ynsprekwike fan 20 oant en mei 26 septimber? Harkje yn dy wike ek nei Omrop Fryslân radio, mei in soad omtinken foar taaltechnology en de ynsprekwike. Alle dagen wurdt fia in aksje op Omrop Fryslân radio in Google Home miny weijûn!

Hoe dochst mei?

Hast dyn tillefoan, tablet of kompjûter by de hân?

1. Gean nei: voice.mozilla.frl (wurket mei Mozilla Firefox, Microsoft Edge en Google Chrome, op in iPhone/iPad allinnich mei Safari).

2. Klik op de mikrofoan ûnder de tekst ‘Sprekke. Donearje jo stim.’

3. Sprek de sinnen yn. Do kinst it eventueel weromharkje foardatst it ynstjoerst. Klik op de knop ‘Yntsjinje’.

4. Ast leaver net sels ynsprekst, kinst ek ynsprutsen fragminten fan oaren tsjekke. Klik dan op de griene ôfspylknop ûnder de tekst ‘Harkje. Help ús stimmen te falidearjen’.

Do kinst fansels safolle sinnen ynsprekke of tsjekke ast sels wolst! Súkses!

Tûke trúks

  • Praat sa’tst altyd praatst. De útsprutsen sinnen moatte represintatyf wêze foar it ferskaat oan útspraken dy’t wy yn ‘e provinsje hawwe, tink oan Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk, lykas âldere en jongere, manljus- en frouljusstimmen.
  • Do hoechst gjin aparte mikrofoan te brûken. De ynboude mikrofoan fan dyn telefoan, tablet as kompjûter is goed genôch. It hoecht net folslein stil te wêzen om opnimme te kinnen.
  • De betingsten fan Mozilla binne datst op syn minst 18 jier wêze moatst.
  • Do kinst derfoar kieze om in akkount oan te meitsjen, mar dat hoecht net perfoarst.

De aksje om in Fryske database yn Mozilla Common Voice te foljen is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. Gearwurkingspartners binne: Mozilla, Afûk, Fers, Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle, Omrop Fryslân, Tresoar, RUG/Campus Fryslân.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek yn!

Ljouwert krijt universiteit mei hûnderten studinten

Fryslân krijt wer universitêr ûnderwiis. De University Campus Fryslân yn Ljouwert wurdt de 11e fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins. Der komme 5 oant 10 masteropliedingen en in University College yn Ljouwert mei plak foar hûnderten studinten. Professor Jouke de Vries wurdt mei yngong fan 1 maaie beneamd ta dekaan fan de fakulteit. De universiteit wol gearwurkje mei de besteande hegeskoallen yn Ljouwert.

Deputearre Jannewietske de Vries is bliid mei de komst fan de universiteit, 200 jier nei de sluting fan de universiteit yn Frjentsjer.

Boarne: Omrop Fryslân