It Nederlands Letterenfonds en Tresoar noegje jo mei út namme fan de provinsje Fryslân út foar it programma Nei Frankfurt! Oanlieding dêrfoar is de earste mienskiplike promoasje fan de Fryske literatuer op de kommende Frankfurter Buchmesse. In wichtige publikaasje yn dit ferbân is de brosjuere 10 Books from Friesland, dy’t op dizze middei presintearre wurde sil.
Wedstriid nije Fryske wurden
Mar leafst 61 persoanen hawwe meidien oan de wedstriid nije Fryske wurden, útskreaun troch de Ried fan de Fryske Beweging, yn gearwurking mei de Fryske Akademy en Tresoar. De bedoeling wie om út in list fan 24 Hollânske wurden dy’t yn 2012 yn ’t nijs wiene, in moaie Fryske oersetting te meitsjen.
De sjuery, besteande út Truus de Vries, Hindrik Sijens en Wieke de Haan, hat sjoen nei hoe orizjineel, yntuïtyf en praktysk tapasber de wurden wiene en oft it flot Frysk wie. Boppedat moast it nije Fryske wurd safolle mooglik de lading dekke.
Continue reading “Wedstriid nije Fryske wurden”
Wa skriuwt de moaiste Twicht?
Ek dit jier wurdt der yn de Moanne fan it Fryske Boek wer in wedstryd om de moaiste twicht hâlden. In twicht is in twittergedicht, in gedicht dat fia twitter ferstjoerd wurdt. As dichter is men beheind troch de maksimaal 140 tekens fan in twitterberjocht. Boppedat moat de ‘hashtag’ #twicht der ek noch yn stean om mei te dwaan oan de wedstryd. De twicht wurdt publisearre op it eigen twitteraccount en mei út mar ien tweet bestean. De wedstryd rint fan 15 augustus 2012 0.00 oere oant 30 septimber 2012 24.00 oere. De winner fan de bêste twicht ûntfangt de sulveren TWICHT.
Boarne: Tresoar
Spannend! Komt der in nije Skriuwerskalinder?
Yn 2010 ferskynde de Skriuwerskalinder foar it lêst en út reaksjes docht bliken dat dy tige mist wurdt. Dêrom wol in wurkgroep fan It Skriuwersboun en Tresoar besykje dizze âlde tradysje wer nij libben yn te blazen. We binne drok dwaande mei de organisaasje, mar soe it dizze simmer net slagje, dan dogge we it takom jier!
Dêrom no alfêst in oprop foar it stjoeren fan bydragen foar de kalinder fan 2013. It tema wurdt:
Spannend
In aktueel tema dêr’t je alle kanten mei út kinne. Dêrby kin men tinke oan de krisis, in relaasje, sport, fakânsje en oare aventoeren. Mooglik ropt sa’n wurd noch wol mear en oare assosjaasjes op.
It tema is ornearre as in hânfet. As jo der net mei út ’e fuotten kinne meie jo ek in oar ûnderwerp kieze. Dêrby kinne jo tinke oan eveneminten, hjeldagen, seizoenen en sa fierder. Njonken literêre bydragen binne foto’s en oar byldmateriaal wolkom, sa wolle wy ek oare keunstfoarmen in kâns jaan.
Continue reading “Spannend! Komt der in nije Skriuwerskalinder?”
Wa wint de Fedde Schurerpublykspriis?
It lêzerspublyk kin no stimme
Sûnt 6 april is de website www.fedde2012.nl iepensteld. It Fryske lêzerspublyk kin op dy site syn favoryt oanwize foar de Fedde Schurerpublykspriis. Yn it nijste nûmer fan algemien-kultureel opinyblêd De Moanne is in shortlist bekendmakke fan fiif titels dêr’t út keazen wurde kin. De shortlist is opsteld troch in kommisje, dy’t Deputearre Steaten ek in advys jout foar de Fedde Schurerpriis. Sawol dizze sjuerypriis as de publykspriis wurdt om de trije jier troch de Provinsje Fryslân útrikt foar it bêste Fryske debút of debút yn in nij sjenre. De prizen bedrage €2000 elk.
De fiif nominearre titels binne:
1. De oerwinnings fan Tido Houtsma – Thys Wadman – Ferhalen foar bern fan groep 7/8 en de brêgeklasse
2. Fan glês it brekken – Elske Kampen – Gedichten
3. Fol túch de mist yn – Hidde Boersma – Ferhalen
4. De keunstner fan it dûbele krús. Gerben Rypma – Eeltsje Hettinga – Monografy
5. Identiteit & kowesturten. Essays oer Fryske literatuer – Abe de Vries – Essays en kritiken
De advyskommisje foar de Fedde Schurerpriis is ôfrûne hjerst ynstallearre en bestiet út Tsead Bruinja, Hille Faber en Mette Meinou Piebenga. De organisaasje fan de publykspriis is yn hannen fan Tresoar. De priisútrikking is op freed 12 oktober om 16:00 oere yn it Provinsjehûs.