Presintaasje Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild.

Op freed 2 july presintearje de Afûk en Rubinstein yn gearwurking mei it Keninklik Nederlânsk Keatsbûn it Gouden Boekje: Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild.

Topkeatser Tjisse Steenstra en auteur Lida Dijkstra jouwe it boekje kado oan trije jonge keatsende Sipke’s, foarôfgeand oan de finale (tusken 18.00 en 19.00 oere) fan de hearen haadklasse by keatsferiening “De Pompeblêdden” op It Hearrenfean.

Oer it boek

It jierlikse famyljekeatsen is yn folle gong. Sipke sjocht fol spanning ta hoe’t it partoer fan pake Pipermûs it opnimt tsjin de iikhoarns. Oant ynienen muoike Aaf it ankel ferkloft, en net fierder spylje kin. Pake ropt Sipke it fjild yn. Mar ús lytse pipermûs hat noch noait keatst! Kin er de wedstiid rêde…..?

Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild is alwer it fjirde boekje yn de searje oer de lytse pipermûs Sipke. De twatalige boekjes binne makke yn gearwurking mei de Afûk.

De Lytse Haskes yn Aldehaske behellet sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’

Sûnt maart 2017 wurket berne-opfang De Lytse Haskes mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe de ôfrûne jierren begelieding hân om it twatalich belied foarm te jaan, passend by har eigen wurkwize. Dat trajekt is no ôfrûne en de lokaasje hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle.

De Lytse Haskes en twatalichheid

De Lytse Haskes is in partikulier bernedeiferbliuw yn Aldehaske. Eigner Stien Ploegstra hat de lokaasje opsetten yn de skuorre fan in pleats. Der waard earst wurke mei ien berne-opfanggroep, mar ûnderwilens is dêr in twadde groep by kommen.

Sûnt 2017 wurdt der wurke mei in twatalich belied. Dat sjocht der yn de praktyk as folget út: guon pedagogyske meiwurksters prate konsekwint Frysk mei alle bern en guon pedagogyske meiwurksters prate konsekwint Nederlânsk mei elkenien. Beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan inoar te skieden, leare de bern de talen goed út inoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftiid bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Fisitaasjekommisje

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by De Lytse Haskes west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘In gouden momint nei’t Stien in Tomkeferhaal oer in spin foarlêzen hat. De bern harkje oandachtich, begripe it ferhaal ûnderstipe troch Stiens mimyk en yntonaasje. Kwa ynhâld past by it ‘grizeltema’ Halloween. Stien praat efkes mei de bern nei, mar it wurdt hielendal kânsryk as in tal bern it ferhaal sels nóch in kear ‘foarlêze’. Hiel goed om de bern sels sa oan it wurd te litten. Dat binne tige learsume taalmominten! Ek moai dat de bern har sa feilich fiele en sels it inisjatyf nimme.’

By it sertifisearringstrajekt kriget De Lytse Haskes begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Foto: Stien Ploegstra

Thuishuis Pompidoe yn Kollumerpomp behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

Op tongersdei 18 febrewaris wie it feest by berne-opfang Thuishuis Pompidoe yn Kollumerpomp. De lokaasje wurket sûnt 2018 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. Om dit te fieren, wie der in feestje foar de pjutten.

It hiele feest stie yn it teken fan de Alvestêdetocht. Der wiene alderhande aktiviteiten betocht, passend by de Alvestêdetocht. Der wie in hindernisbaan by de 11 stêden del, der moast kluund wurde, mûtsen en sjaals oan dien wurde, en de bern moasten ûnder brêgen trochkrûpe. Fansels wie der by dizze Alvestêdetocht ek koek en zopie. It wie in prachtich feest by Thuishuis Pompidoe.

eigen foto
Thuishuis Pompidoe en twatalichheid

Thuishuis Pompidoe is in partikuliere berne-opfang yn Kollumerpomp, yn 2012 opsetten troch Bregtje Kingma. Sy biede berne-opfang, pjutte-opfang en bûtenskoalske opfang yn in eigen romte yn doarpshûs Trefpunt. Ek is der in goede gearwurking mei de basisskoalle.

It twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje as folget út: Bregtje, Alie en Froukje prate konsekwint Frysk mei alle bern. Dynke, Lisanne en Inge dogge dat yn it Nederlânsk. Foar beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Thuishuis Pompidoe west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Alle ûnderdielen binne posityf beoardiele. Yn har einkonklúzje skriuwt de kommisje: ‘It taalbelied fan Thuishuis Pompidoe hat in stevich plak krigen. De pm’ers hawwe sjen litten dat sy de beide talen bewust oanbiede en dat de bern stipe wurde om harren yn in rike taalomjouwing ûntwikkelje te kinnen. Myn kompliminten!’

By it sertifisearringstrajekt krijt Thuishuis Pompidoe begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 265 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Pjutte-opfang ‘De Veenscheiding’ fan Ychtenbrêge behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen

Pjutte-opfang De Veenscheiding fan Ychtenbrûge hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ foar trije jier ferlinge. De lokaasje fan Doomijn wurket sûnt 2014 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn 2017 hawwe sy dêr it sertifikaat foar behelle. Om ‘e trije jier wurdt der op ‘e nij besjoen oft lokaasjes noch altyd neffens de rjochtlinen wurkje. By De Veenscheiding wie dat yn oarder en it sertifikaat is wer foar trije jier fertsjinne.

By it sertifisearringstrajekt krijt pjutte-opfang De Veenscheiding begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Deputearre Poepjes lokwinsket 200ste twatalige bernedeiferbliuw

foto-1-ria-maurits-betanket-deputearre-en-wethalderOp freed 11 novimber wie deputearre Sietske Poepjes yn Stiens om te fieren dat 200 pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân in Frysk- of twatalich belied ynfierd hawwe of dêrmei dwaande binne. De 200e lokaasje is bernedeiferbliuw De Zeeparels yn Stiens, fan Kids First COP Groep. Op alle 200 lokaasjes sette liedsters en management har yn ‘e mande mei it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) yn foar de twatalige ûntwikkeling fan de bern.

Poepjes is wiis mei dit risseltaat en hat it tiim fan De Zeeparels en alle oare belutsenen op 11 novimber lokwinske. Continue reading “Deputearre Poepjes lokwinsket 200ste twatalige bernedeiferbliuw”

EBLT freget omtinken foar de sichtberens fan it Frysk

EBLT-foarstel foar ferkearsboerden yn Fryslân (ôfbylding Dirk Jan Haarsma)

Op de jiergearkomste fan de Europeeske organisaasje Network for the Promotion of Linguistic Diversity NPLD hat it EBLT deputearre fan kultuer Jannewietske de Vries frege om de kommende jierren omtinken te jaan oan de sichtberens fan it Frysk yn Fryslân. It EBLT die dat troch frou De Vries, dy’t ek foarsitter fan it NPLD is, in foarbyld oan te bieden fan in twatalich ANWB-ferkearsboerd.

It EBLT hat okkerdeis besletten om fan de sichtberens fan it Frysk ien fan de prioriteiten foar de kommende jierren te meitsjen en is dwaande om hjir neiere plannen en foarstellen foar te ûntwikkeljen. Utgongspunt fan dy foarstellen is twataligens: brûk njonken it Nederlânsk ek it Frysk op bygelyks de ANWB-ferkearsboerden en op alle treinstasjons. De twataligens en it Frysk binne dan beide sichtber. Nederlânsktaligen en minsken fan bûten Fryslân, dy’t faak krekt aardichheid oan de twataligens hawwe, wurde dan net útsletten en beide talen komme sa better as no ta syn rjocht.

Yn it ferline is der yn Fryslân gauris striid fierd omdat der in kar makke wurde moast tusken of Nederlânsk of Frysk, wêrtroch der altiten in groep is dy’t him achtersteld fielt. It EBLT wol dizze patstelling graach trochbrekke troch te pleitsjen foar in twatalige benadering.
Continue reading “EBLT freget omtinken foar de sichtberens fan it Frysk”