Wurkbesite Steateleden en Gemeenteriedsleden oan twatalige bernedeiferliuwen yn Ljouwert, Snits en op De Jouwer

Foto: SFBO

Yn Fryslân binne op it stuit rom 160 Frysk- en twatalige pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen. Dizze wike wie op trije fan dy foarsjennings in wurkbesite foar leden fan Provinsjale Steaten en Riedsleden. Op It Sinnebern yn Ljouwert, by Humpy Dumpy yn Snits en by De Stuiterbal op ‘e Jouwer waarden yn totaal 16 folksfertsjintwurdigers begroete. Sy krigen te sjen wat it twatalich wurkjen mei jonge bern yn de praktyk ynhâldt. De wurkbesites waarden organisearre troch de Provinsjale advysgroep fan organisaasjes dy’t aktyf binne op it mêd fan twataligens yn de foarskoalske perioade. It giet om û.o.: Afûk, it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de Bibliotheekservice Fryslân (BSF).

Op de foto sjocht in tal Steate- en Gemeenteriedsleden nei in Tomke-aktiviteit op it twatalige bernedeiferbliuw Sinnebern fan Catalpa yn Ljouwert. De gasten wiene ûnder de yndruk fan it gemak wêrmei’t de Nederlânsktalige en ek bûtenlânske bern it Frysk oppikke.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.