By de Afûk is in prachtich nij berneboek ferskynd: Ate en de seeheks. It is it debút fan Elbrich Vreeling, dy’t ek de yllustraasjes foar it boek makke.
It ferhaal
Lâns de Gaasterlânske kliffen wenje de klifminskjes. De kâns datst ien tsjinkomst, is net sa grut: se binne mar hiel lyts en as se minsken sjogge, krûpe se gau fuort. Klifmantsje Ate wennet oan it Marderklif. Op in dei kriget er in brief fan syn omke, dy’t slim siik is. Hy freget oft Ate foar him nei de seeheks yn Laaksum gean wol. Har drankjes hawwe al hiel wat
klifminskjes better makke. Mar Ate hat ek heard dat de seeheks it net stean hat op klifmannen. Sa giet der in ferhaal om dat se ea in klifmantsje feroare hat yn in wjirm. Ate grizelet as er dêroan tinkt. Hy doart net nei dy heks! Mar kin er syn omke wol yn ’e steek litte?
Oer de auteur
Elbrich Vreeling makket mei Ate en de seeheks har debút as skriuwer en yllustrator. Mei har
ferbyldingskrêft en sfearfolle yllustraasjes bringt se in bysûndere wrâld ta libben. Earder hat Vreeling bydragen levere foar It Grutte Foarlêsboek, diel 1 en 2. Ek sit se by de ‘Keimpe-skriuwgroep’, in groep skriuwers dy’t meiwurket oan de ferhalen fan Keimpe de Krokodil, foar bern fan 4 oant 8 jier.
Boekgegevens Ate en de Seeheks

- Auteur en yllustraasjes : Elbrich Vreeling
- Utfiering: ynbûn
- ISBN: 978 949 331 8793
- Ferkeappriis: € 14,95
- Tal siden: 55
- Leeftiid: 6+
- websjop.afuk.frl