Iepen oprop: hasto it yn ‘e pinne? Doch mei oan de Gielegou Rige!

Bisto in talintfolle skriuwer en hast in ambisjeus plan foar in modern en orizjineel literêr wurk yn it Frysk? Mar bist noch op syk nei begelieding en finansjele middels om dyn wurk ta in kwalitatyf heechweardich einresultaat te bringen? Dan is dit dyn kâns! 

Tresoar biedt fiif skriuwers de mooglikheid om harren plan yn twa, trije jier út te bouwen ta in Fryske roman. Wy sykje skriuwers dy’t mei har proaza oanslute by de fraach fan in jonge(re) groep lêzers en ambysjes hawwe om de Fryske literatuer in nije ympuls te jaan.

Wa sykje wy? 

  • Debutanten en begjinnende auteurs: dit wurdt dyn earste of twadde Frysktalige proazawurk. 
  • Ferskaat oan skriuwers en proazafoarmen: wy binne û.o. ek op syk nei oare foarmen as de klassike roman. 
  • Behearsking fan it Frysk: de primêre taal fan dyn proazawurk is it Frysk. 
  • Wurk dat oanslút by in jongere generaasje lêzers: it projekt rjochtet him foar in part mar net útslutend op young adult literatuer.

Wat biede wy?

Njonken in skriuwersbeurs – oant in maksimale fergoeding fan 20.000 euro foar de doer fan it projekt – krijst in romme begelieding. Do wurdst keppele oan in redakteur dy’t dy stipet by dyn skriuwproses. Fierders bringe wy dy yn kontakt mei in útjouwer. It doel is om dyn boek ta in Fryske literêre bestseller te meitsjen. Om dat te realisearjen hawwe wy ekstra middels reservearre foar de boekpromoasje. 

Tidens it projekt wurdst holpen om dy te ûntjaan as Frysktalich auteur. Wurdst dêrby begelaat troch dyn redakteur en krijst stipe fan de Skriuwersfakskoalle om dyn skriuwfeardigens fierder te ûntwikkeljen. Mei de fjouwer oare selektearre auteurs foarmest in groep dêr’t jim ideeën útwikselje en oerlizze oer jim skriuwproses.

Wy fine it wichtich om dit projekt te dielen mei in breed publyk binnen en bûten Fryslân. Dêrom silst geandewei it proses yn de publisiteit komme en stypje wy dy om as skriuwer nei bûten te treden. 

As dyn ynstjoering net selektearre wurdt, mar de seleksjekommisje fynt dat dyn plan foar in literêr wurk wol in bysûndere potinsje hat, dan bringe wy dy yn kontakt mei mooglike útjouwers, redakteurs en literêre fûnsen. Dielnimme oan workshops en kursussen by de Skriuwersfakskoalle is dan ek in opsje.

Gielegou Rige 

De boeken dy’t binnen dit projekt skreaun wurde, wolle wy ferskine litte yn in nije Frysk literêre rige: de Gielegou Rige. De gielegou (wielewaal; goudlijster) is in seldsume sangfûgel mei in bysûnder lûd. De namme gielegou ferwiist nei it goudgiel yn it fearrekleed, mar is ek in onomatopee foar it lûd en de melody dy’t de fûgel produsearret: sy sjongt har eigen namme. Dy skaaimerken passe by it talint dat wy foar dit projekt sykje: skriuwers mei in eigen stim en persoanlike styl. 

Yn de Gielegou Rige wurkje we gear mei de dielnimmende útjouwers.  

Oanlieding en doelen 

De Fryske taal hat in rike literêre tradysje mei in sterk literêr netwurk dat wichtich is foar it fuortbestean fan de taal. Dochs fergrizet de groep proazaskriuwers en nimt de produksje ôf. Boppedat is it foar Fryske literatuer faak lestich om in breed lêzerspublyk te finen. Wy wolle besykje it bredere publyk te finen troch talintfolle skriuwers te fasilitearjen en in jongere groep lêzers foar Frysktalige literatuer te ynteressearjen. Wy sette yn op de fersterking fan it Frysk literêre fjild, fan skriuwer oant lêzer. 

Foar de Gielegou Rige is Tresoar pinfierder en belûke wy oare organisaasjes by de útfiering. Provinsje Fryslân en it Nederlands Letterenfonds hawwe it projekt finansjeel mooglik makke. 

Hoe dochst mei? 

Stjoer foar 1 oktober 2026 de folgjende dokuminten op nei: gielegourige@tresoar.nl

  • in pear siden fan it boek datst skriuwe wolst – maks. twa A4-siden 
  • in plot en in plan foar dyn boek – maks ien A4
  • in skriuwersbiografy – wat is dyn ûnderfining as skriuwer, hoe sjochst dysels as skriuwer, wêr lizze dyn sterke en swakkere punten, wêr soest dy graach fierder yn ûntwikkelje wolle? – maks ien A4

 Wy freegje dy mei klam om gjin folslein ûntwikkele plan of kompleet manuskript yn te stjoeren. De útwurking komt yn it skriuw- en redaksjeproses.

Alle ynstjoeringen wurde beoardiele troch in ûnôfhinklike kommisje fan saakkundigen: 

  • Erik Betten – skriuwer, histoarikus
  • Akke Gerlsma – dosint Frysk en Nederlânsk oan de learare-oplieding NHL Stenden
  • Bart Kingma – skriuwer, dokumintêremakker
  • Ronnie Terpstra – boekhanneler by Van der Velde
  • Baukje Zijlstra – skriuwer, redakteur, meartalichheidskoördinator 

It ferfolch 

De skriuwers dy’t troch de kommisje selektearre binne, wurde begjin novimber by in feestlike literêre byienkomst yn de Fryske Boekewike bekend makke. Nei de bekendmakking organisearje wy petearen tusken de auteurs en de belutsen redakteuren. Nei it ûndertekenjen fan dyn kontrakt wurkest foar de doer fan it projekt (2027-2029) oan dyn boek. Wy stribje dernei om de earste boeken yn de Gielegou Rige yn 2029 te presintearjen.

Fragen en ynformaasje

Kontaktpersoan by Tresoar: Syds Wiersma, projektlieder. 

Mail: gielegourige@tresoar.nl

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *