FFU: Frysk earste taal yn ûnderwiis

 

De Feriening Frysk Ûnderwiis (FFU) hat yn in iepen brief oan it provinsjebestjoer in krityske reaksje jûn op de provinsjale taalnota ‘Grinzen oer’. Dy reaksje is yn al syn hear en fear te lêzen op de side fan literêr tydskrift ensafh. Foar in fierder en konkreter útwurkjen fan de nota is yn it brief op in rychje setten wat de FFU allegearre nedich achtet om ‘it Frysk te hoedzjen en te noedzjen’:

Continue reading “FFU: Frysk earste taal yn ûnderwiis”

Ried fan Europa trunet oan op strukturele dialooch tusken Ryksoerheid en taalminderheden yn Nederlân

De Nederlânske oerheid moat de posysje fan it Frysk yn alle lagen fan it ûnderwiis, en yn it bysûnder yn it fuortset ûnderwiis, ferbetterje. Ek soe it Ryk befoarderje moatte dat it Nedersaksysk in gewoan skoalfak wurdt en in plak krijt op skoallen yn it Nedersaksysk taalgebiet. Dy advizen steane yn it fjirde rapport fan de Ried fan Europa yn Straatsburch oer it tapassen fan it Hânfêst foar regionale en minderheidstalen troch lidsteat Nederlân. Dat Hânfêst is sûnt 1998 yn wurking. De Ried fan Europa lit om de pear jier in ynternasjonale kommisje fan saakkundigen neigean yn hoefier’t de lidsteaten har oan it Hânfêst hâlde en oft der ek foarútgong makke wurdt.

Continue reading “Ried fan Europa trunet oan op strukturele dialooch tusken Ryksoerheid en taalminderheden yn Nederlân”

Expert Seminar on “Social Media and Lesser Used Languages”

Eksperts op it mêd fan sosjale media en minderheidstalen diele kennis by Fryske Akademy

Ljouwert, 28 novimber 2012 – Ferline jier simmer waard it kontrakt tusken de Baskyske oerheid en it Mercator Kennissintrum fan de Fryske Akademy ferlingd. Dêrom sil op 29 en 30 novimber yn kongres- en stúdzjesintrum ‘It Aljemint’ fan de Fryske Akademy it seisde Europeeske ekspert seminar plakfine yn it ramt fan dizze gearwurking. It ûnderwerp dit jier: “Social Media and lesser used languages”, sil útdjippe wurde troch wittenskippers en minsken út de praktyk. Neist lêzingen binne der ditkear ek workshops dêr’t aktive dielname ferwachte wurdt.
Continue reading “Expert Seminar on “Social Media and Lesser Used Languages””

Bijzondere Lezing door prof. dr. Arjen Versloot op donderdag 29 november

In samenwerking met de Illustere School, UvA

Lezing/College

Prof. dr. Arjen Versloot is hoogleraar Germaanse taalkunde, in het bijzonder de Duitse, Scandinavische en Friese talen. Daarin opgenomen de Bijzondere leerstoel Friese taalkunde, ingesteld vanwege de Fryske Akademy in Leeuwarden.

Het belang van Meertaligheid in opvoeding en dagelijks leven

Lezing met Folkert Kuiken en Henk Kas

Dinsdag 20 november organiseren Stichting Ons Bildt, bibliotheek en het Bildts Dokumintasysintrum een lezing over het belang van meertaligheid in opvoeding en in het dagelijks leven. De bijeenkomst wordt gehouden in MFC Ons Huis, Beuckelaerstraat 2, 9076 DA St.-Annaparochie en begint om 20.00 uur. De toegang is gratis.
De avond wordt verzorgd door Folkert Kuiken en Henk Kas.
Continue reading “Het belang van Meertaligheid in opvoeding en dagelijks leven”

Skriuw mar Frysk mei PraatmarFrysk

Moandei 22 oktober is by PraatmarFrysk ‘Skriuw mar Frysk’ begûn. In leechdrompelige manier om fia de Social Media Frysk te learen en te brûken! Oan de hân fan in filmke wurdt der alle wiken troch ‘professor’ Henk Wolf in belangrike staveringsregel útlein. By elke regel heart fansels ek in diktee. Yn totaal wurde der 14 regels behannele. De lessen binne te folgjen fia de Facebookpagina en it Twitterkanaal fan PraatmarFrysk en op www.praatmarfrysk.nl.

FNP fernuvere oer reaksje 112 by brân Boazum

De Steatefraksje fan de FNP stelt op’e nij fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten oer it Frysk by de Noardlike Meldkeamer. By de grutte brân yn Boazum hat op’e nij bliken dien dat 112 gjin Frysk ferstiet, wêrtroch de boarger yn need net goed holpen wurdt.

De FNP wiist der op dat begjin dit jier al tasizzingen dien binne dat de belsintra fan de oerheid tarist wurde soene om wol Frysk te ferstean en te sprekken. Korpsbehearder Crone fan de nije Fryske feilichheidsregio is ferantwurdlik foar de organisaasje.

Fragensteller Annigje Toering wol no witte wat der konkreet dien is, wat de ôfspraken binne en wannear’t de Fryske boarger resultaten sjen kin.

Neffens de FNP bewiist it foarbyld fan Boazum mar wer ris dat der sa gefaarlike sitewaasjes yn omstannichheden fan libben en dea ûntstean kinne. De oerheid is mei de nije Noardlike Meldkeamer noch hieltyd net klear foar in adekwate kommunikaasje mei de Fryske boarger. De partij freget him ôf oft der ek ekskuzes oanbean wurde sille.

Boarne: www.fnp.nl

Jannewietske de Vries president NPLD

 

Jannewietske de Vries

Deputearre Jannewietske de Vries is keazen ta president fan it NPLD. Dizze letters steane foar Network to Promote
Linguistic Diversity. De Vries is op it eilân Korsika keazen. It is foar it earst dat in polityk bestjoerder foarsitter wurdt fan it NPLD.

It Network to Promote Linguistic Diversity is in Europeeske organisaasje . Dy bestiet út 11 regionale oerheden en oerheidsorganisaasjes, dy’t yn de eigen regio ferantwurdlik binne foar it befoarderjen fan meartaligheid, útgeande fan in minderheidstaal. Dêrneist binne 16 net-goevernmentele organisaasjes (ngo’s) oansletten by it NPLD as associate lid.
Continue reading “Jannewietske de Vries president NPLD”

Fûle striid om foarsitterskip

 

Op de jiergearkomste fan minderhedenetwork NPLD yn Corti op Korsika is in spannende striid oan de gong om it foarsitterskip. Jannewietske de Vries en de Korsikaanske minister fan kultuer Pierre Ghionga binne beide kandidaat.

Om har kandidatuer te understreekjen is De Vries ôfreizge nei Korsika mei struibrieven yn it Ingelsk en Spaansk, dêr’t se harsels yn foarstelt. Beide kandidaten krije in kertier om harsels te presintearjen. De Vries die dat yn fjouwer talen: Ingelsk, Fransk, Italiaansk en Spaansk.

It is dreech te foarsizzen hoe’t de stemming utpakke sil. Fan NPLD binne tsientallen regio’s en organisaasjes foar minderheidstalen lid. It NPLD wurdt finansjeel stipe troch de Europeeske kommisje.

Boarne: Omrop Fryslân