Klik op de links hjirûnder om de fakatueres te besjen.
Reagearje kin oant 1 desimber 2012.
Lezing met Folkert Kuiken en Henk Kas
Dinsdag 20 november organiseren Stichting Ons Bildt, bibliotheek en het Bildts Dokumintasysintrum een lezing over het belang van meertaligheid in opvoeding en in het dagelijks leven. De bijeenkomst wordt gehouden in MFC Ons Huis, Beuckelaerstraat 2, 9076 DA St.-Annaparochie en begint om 20.00 uur. De toegang is gratis.
De avond wordt verzorgd door Folkert Kuiken en Henk Kas.
Continue reading “Het belang van Meertaligheid in opvoeding en dagelijks leven”
Moandei 22 oktober is by PraatmarFrysk ‘Skriuw mar Frysk’ begûn. In leechdrompelige manier om fia de Social Media Frysk te learen en te brûken! Oan de hân fan in filmke wurdt der alle wiken troch ‘professor’ Henk Wolf in belangrike staveringsregel útlein. By elke regel heart fansels ek in diktee. Yn totaal wurde der 14 regels behannele. De lessen binne te folgjen fia de Facebookpagina en it Twitterkanaal fan PraatmarFrysk en op www.praatmarfrysk.nl.
De Steatefraksje fan de FNP stelt op’e nij fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten oer it Frysk by de Noardlike Meldkeamer. By de grutte brân yn Boazum hat op’e nij bliken dien dat 112 gjin Frysk ferstiet, wêrtroch de boarger yn need net goed holpen wurdt.
De FNP wiist der op dat begjin dit jier al tasizzingen dien binne dat de belsintra fan de oerheid tarist wurde soene om wol Frysk te ferstean en te sprekken. Korpsbehearder Crone fan de nije Fryske feilichheidsregio is ferantwurdlik foar de organisaasje.
Fragensteller Annigje Toering wol no witte wat der konkreet dien is, wat de ôfspraken binne en wannear’t de Fryske boarger resultaten sjen kin.
Neffens de FNP bewiist it foarbyld fan Boazum mar wer ris dat der sa gefaarlike sitewaasjes yn omstannichheden fan libben en dea ûntstean kinne. De oerheid is mei de nije Noardlike Meldkeamer noch hieltyd net klear foar in adekwate kommunikaasje mei de Fryske boarger. De partij freget him ôf oft der ek ekskuzes oanbean wurde sille.
Boarne: www.fnp.nl
Deputearre Jannewietske de Vries is keazen ta president fan it NPLD. Dizze letters steane foar Network to Promote
Linguistic Diversity. De Vries is op it eilân Korsika keazen. It is foar it earst dat in polityk bestjoerder foarsitter wurdt fan it NPLD.
It Network to Promote Linguistic Diversity is in Europeeske organisaasje . Dy bestiet út 11 regionale oerheden en oerheidsorganisaasjes, dy’t yn de eigen regio ferantwurdlik binne foar it befoarderjen fan meartaligheid, útgeande fan in minderheidstaal. Dêrneist binne 16 net-goevernmentele organisaasjes (ngo’s) oansletten by it NPLD as associate lid.
Continue reading “Jannewietske de Vries president NPLD”
Op de jiergearkomste fan minderhedenetwork NPLD yn Corti op Korsika is in spannende striid oan de gong om it foarsitterskip. Jannewietske de Vries en de Korsikaanske minister fan kultuer Pierre Ghionga binne beide kandidaat.
Om har kandidatuer te understreekjen is De Vries ôfreizge nei Korsika mei struibrieven yn it Ingelsk en Spaansk, dêr’t se harsels yn foarstelt. Beide kandidaten krije in kertier om harsels te presintearjen. De Vries die dat yn fjouwer talen: Ingelsk, Fransk, Italiaansk en Spaansk.
It is dreech te foarsizzen hoe’t de stemming utpakke sil. Fan NPLD binne tsientallen regio’s en organisaasjes foar minderheidstalen lid. It NPLD wurdt finansjeel stipe troch de Europeeske kommisje.
Boarne: Omrop Fryslân
It programma fan Fryslân Connected op 28 septimber 2012 is rûn.
Continue reading “Programma Fryslân Connected”
‘Fryslân Connected. Music, People and Multilingualism’.
In ynternasjonaal Walk in Event op freedtemoarn 28 septimber by it Saailân.
Op freed 28 septimber fan 10.00 oant 13.00 oere fynt it ynternasjonaal evenemint ‘Fryslân Connected’ oer meartaligens en kultueroerdracht plak op it fernijde Saailân yn Ljouwert. Dit is fergees tagonklik en is opset nei oanlieding fan it 10-jierrich bestean fan Liet International en it 25-jierich bestean fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy). It programma wurdt yn gearwurking mei it Europeesk Buro foar de Lytse Talen (EBLT) gearstald en is drinze fan ynterviews en muzyk. Dit evenemint is in ûnderdiel fan festiviteiten dy’t yn itselde wykein plak fine, yn ferbân mei de feestlike iepening fan it Saailân.
De tematyk fan it event giet oer meartaligens en de ynfloed hjirfan op kultueruterings, benammen yn muzyk. Foaral ek it perspektyf op de globalisearring en de lokale kultuer komt oan bar. Wethâlder Kultuer Isabelle Diks fan gemeente Ljouwert sil de konferinsje iepenje, dêrnei ynterviews mei gasten út Fryslân likegoed as út oare dielen fan Europa, mei harren eigen ynfalshoeken. Under oare direktrise fan Taalbelied fan Asturias Ana María Fueyo LLaneza en ynternasjonaal kultureel adviseur fan de Kulturele Haadstêd 2018 Rudi Wester sille prate. Sake Hylkema hat it oer Frysktalich muzykteäter dat hy bringt op ferskate skoallen. Elts dy’t hjiroer meiprate wol, of gewoan harkje, is wolkom!
By dit evenemint wurdt ek muzyk brocht en it slút oan by de festiviteiten dy’t letter op ‘e dei plak fine mei âld-winners fan Liet International.
Continue reading “Walk in Event oer meartaligens en kultuer”
De Fryske Akademy noeget jo fan herte út foar it bywenjen fan de jierlikse Akademy-dei. Dit jier wurdt dy holden op freed 14 septimber. Jo binne wolkom fan 13:30 oere ôf yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint, Doelestrjitte 4-6 te Ljouwert. Foar mear ynformaasje en it programma sjoch hjir.
Boarne: Fryske Akademy
Der is wer in skriuwerskalinder foar 2013! De Skriuwerskalinder is dit jier wer opstarten op inisjatyf fan It Skriuwersboun, yn de mande mei Tresoar.
Der steane 41 literêre bydragen yn en 12 hiel ferskillende, mar allegearre tige goed passende ôfbyldings fan ferskillende keunstners: foto’s, skilderijen, en grafysk wurk. Op de omslach in stedslânskip fan skriuwer/fotograaf Abe de Vries.
Los jildt de skriuwerskalinder € 7,50, mar yn de Moanne fan it Fryske Boek by oankeap fan € 10,00 oan Fryske boeken is de ferkeappriis € 5,00.
Boarne: It Skriuwersboun