Liet International selektearret ferskes yn it Baskysk, Bretonsk, Gaelic, Platdútsk and Udmûrtysk foar finale yn Gijón/Xixón, Astûrië
De seleksjekommisje fan Stichting Liet International en har partners hat fiif ferskes selektearre foar de njoggende edysje fan it sjongfestival foar Europeeske minderheidstalen, letter dit jier yn Gijón/Xixón, Astûrie. Ut 35 ynstjoerings yn 18 ûnderskate minderheidstalen út alle hoeken fan Europa hat de seleksjekommisje de folgjende fiif bands en solisten selektearre:
Brian Ó hEadhra, Fathainn, Skots Gaelic (Feriene Keninkryk)
Enkore, Muxurik muxu, Baskysk (Spanje)
IB&4SP (Ivan Belosludtsev & 4 Cheber Pios), Tau Tynyd Udmûrtysk (Ruslân)
Lleuwen, Ar Gouloù Bev, Bretonsk (Frankryk)
The Voodoolectric, Slickermuul, East-Frysk (Dutslân)
De seleksjekommisje bestie dit kear út muzyksaakkundigen út Fryslân, Astûrie en fan Korsika. Neffens sjueryfoarsitter Frits Sieswerda wie it fanwege de hege kwaliteit fan ‘e ynstjoerings net maklik. ,,It is opmerklik, mar de kwaliteit fan ‘e ynstjoerings liket elts jier better te wurden.’’ De fiif selektearre finalisten meitsje hiel ûngelikense muzyk.
Brian Ó hEadhra komt út Inverness yn Skotlân en is ien fan de bêste en meast produktive Gaelic singer/songwriters fan de lêste jierren, mei komposysjes fan in tige heech nivo. Der wie earder alris in ferske fan him te hearren op Liet International 2006 yn Östersund, doe songen troch Anna Murray. Ek wie Brian alris yn Ljouwert by de finale fan Liet as bûtenlânsk sjuerylid oanwêzich. Liet International 2012 wurdt de earste kear dat Brian Ó hEadhra sels as finalist op it poadium stiet mei it gefoelige nûmer Fathainn.
By it liet Muxurik muxu wurdt de jonge Baskyske band Enkore fan Bilbao fersterke troch sjongeres Aiora Renteria fan de band Zea Mays út deselde stêd. Har stimme en bijdrage jout de jongesrock fan Enkore in ekstra diminsje. Enkore waard trije jier lyn oprjochte yn de wyk Rekalde yn Bilbao en jildt as ien fan de beste en meast nijsgjirrige nije Baskyske bands fan de lêste jierren. Se hawwe yn alle gefallen al ferskate Baskyske muzykprizen wûn lykas Gaztea Maketa Lehiaketa, Concurso de maquetas de Bizkaia TV and Concurso Nacional Barakaldo Pop-Rock 2010. Enkore liket seker in band mei gruttere ambysjes en potinsje as allinnich Euskal Herria.
IB&4SP (Ivan Belosludtsev & 4 Cheber Pios) is de twadde band út de Russyske republyk Udmûrtië dy’t de finale fan Liet International hellet. Ferline jier makke de band Silent Woo Goore in soad yndruk yn Italië. Sy waarden doe twadde op mar twa punten fan de Fruske winner Janna Eijer. Singer/songwriter Ivan Belosludtsev wurdt neffens eigen sizzen ynspirearre troch bands las Bad Religion en Dimmu Borgir, mar by Liet International 2012 bringe Ivan en syn begeliedingsband 4 Cheber Pios in gefoelich nûmer mei de titel Tau Tynyd.
Lleuwen fertsjintwurdiget Bretanje en it Bretonsk, mar is eins likefolle Welsk. Hikke en tein yn it noarden fan Wales, reizge se letter nei Bretanje om neffens eigen sizzen fereale te reitsjen op lân en taal en noait mear fuort te gean. Hjoeddedei is Lleuwen Steffan in bekend en suksesfol sjongeres yn har beide heitelannen. Har fans kinne har aventoeren op har website folgje yn fjouwer talen; Bretonsk, Ingelsk, Frânsk en Welsk. Muzikaal lit se har ek net maklik yn in hokje stopje. Har muzyk is jazzy, mar Lleuwen hâldt ek fan rhythm en blues en rock. Lounge jazz komt faaks noch it meast yn ´e buert.
The Voodoolectric skreau ferline jier skiednis troch de alderearste edysje fan Plattsounds, de Plattdútse fariant fan Liet yn Oldenburg te winnen. The Voodoolectric binne no fuortendaliks ek de alderearste Eastfryske band op Liet International. Eastfrysk is yn dit ferbân fansels gjin fariant fan ús Frysk, mar in fariant fan it Plattdúts. The Voodoolectric komme fan Aurich-Aurich/Auwerk. Sy ferrasten ferline jier sjuery en publyk mei de orizjinele útfiering fan harren nûmer Slickermuul. It winnen fan Plattsounds hat The Voodoolectric in triuw yn ´e rêch jûn. De band brocht in earste EP út en spilet in soad rûnom yn benammen it noarden fan Dútslân. Plattsounds is fierder noch net in foarronde foar Liet International. Band en har liet Slickermuul binne oppikt troch de seleksjekommisje.
Earder dit jier hawwe har al trije band kwalifisearre foar Liet International troch in sjongfestival yn eigen taal te winnen. Dizze bands binne:
Asturiana Mining Company, Premiu al Meyor Cantar 2012, Astûrias (Spanje)
Inger Karoline Gaup, Sami Grand Prix 2012, Sami (Noarwegen)
Yldau, Liet 2012, Fryslân
De kommende hjerst binne der yn it suden fa Europa noch twa sjongfestivals dy´t winners nei Liet International stjoere meie.
Op 3 oktober is yn it Korsikaanske universiteitsstedsje Corte de alderearste edysje Liet Corsica. De winner fan dit sjongfestival mei Korsika fertsjintwurdigje yn de finale fan Liet International. It evenemint wurdt ek hâlden om ûnderfining op te dwaan mei it organisearjen fan sjongfestivals, want Korsika sil yn 2013 Liet International ûntfange.
Op 2 novimber is yn it Friûlyske Udine, ferline jier noch it toaniel fan Liet International 2011, de fjirde edysje fan Suns, it sjongfestival foar alle minderheidstalen fan Itaalje en de Alpelannen. Fanwege it grutte ferskaat oan talen en it grutte tal yntstjoerings mei Suns twa winners (sjuerypriis en publykspriis) nei Liet International stjoere.
De finale fan Liet International sels is dit jier op 1 desimber 1 yn kultuerkompleks Laboral Ciudad de la Cultura yn Gijón (Xixón). Nei eardere edysjes yn Fryslân (fjouwer kear), Sweedsk Laplân (2 kear), Bretanje en Friuli is it de alderearste kear dat Liet International plakfine sil op it Ibearysk skiereilân.
Liet International wurdt stipe troch kandidaat Kulturele Haadstêd Leeuwarden/Ljouwert 2018, de autonome region Asturias, Collectivité Territoriale Corse en de Ried fan Europa yn Straatsburch.
Sjoch ek op www.liet.nl