Omrop Fryslân sil opgean yn ien grutte regionale omrop foar Noard-Nederlân. Dat alteast is it plan dat de direksjes fan alle regionale omroppen yn ús lân betocht ha en oanbean ha oan steatssekretaris Dekker.
De meiwurkers fan Omrop Fryslân binne it net iens mei dizze plannen en meitsje har grutte soargen. Wy fine dat de omrop hoe dan ek folslein ûnôfhinklik bliuwe moat yn de takomst. Neffens de direksjes soe ús redaksje selsstannich bliuwe kinne, mar wy tinke dat dizze ûntjouwing it begjin fan de ein fan ús autonomy is, en de folgjende stappen – it fierder opjaan fan ynhâldlike eigen sizzenskip – no gau fierder om de hoeke komme sille.
Ien fan de belangrykste redenen foar de oprjochting yn 1988 fan in selsstannich Radio Fryslân wie om ús eigen Fryske taal brûke te kinnen en ús eigen Fryske kultuer op de bêst mooglike manier foar it fuotljocht bringe te kinnen, mei in eigen stjoerder. Al hast tritich jier bringt de Omrop dat Frysk en dy kultuer by jo thús yn de keamer. It skûtsjesilen, de alvestêdetochten, kulturele eveneminten, dokumintêres, skoaltelevyzje, aktueel nijs en ferdivedaasje, allegear yn it Frysk of in Fryske streektaal.
Omrop Fryslân is de iennichste publike omrop dy’t útstjoert yn de twadde rykstaal, it Frysk. Fryslân hat neffens Europeeske ferdragen rjocht op in autonome, eigen omrop. It fúzje-plan is yn striid mei dizze ferdragen.
It plan fan de direkteuren fan de regionale omroppen jout net de garânsje dat Omrop Fryslân syn posysje as fertsjintwurdiger fan de Fryske kultuer hâldt. De plannen kinne as konsekwinsje ha dat in bestjoerder fan bûten ús provinsje om organisatoaryske redenen beslút dat we ophâlde moatte mei guon programma’s of ferslaggen fan yn Fryslân belangrike eveneminten. En úteinlik soe om deselde reden sels de Fryske taal einigje kinne mei in plakje yn de marzje fan sa’n organisaasje.
Dat is wat wy as meiwurkers perfoarst net wolle. Wy slute ús eagen net foar de realiteit – der moat besunige wurde en der komme in soad ûntwikkelings op ús ôf. Dêrom is it goed om gear te wurkjen mei oaren, bygelyks mei oare sjoernalistike partijen yn Fryslân, mar ek mei bedriuwen bûten Fryslân. Mar lit dat altyd gebeure op basis fan frijwilligens, sadat wy altyd selsstannich beslute kinne wat goed is foar Omrop Fryslân; wat úteinlik in ûnôfhinklike parse yn ús provinsje garandearret.
Wy binne bliid mei alle reaksjes fan minsken, organisaasjes en partijen dy’t it mei ús iens binne, en skouder oan skouder mei ús stride wolle foar it behâld en fierder fersterkjen en ferbetterjen fan in selsstannich Omrop Fryslân, dat selsbewust en fol fjoer en faasje de takomst yn kin. Omrop Fryslân is fan ús allegear mei elkoar en wat ús oanbelanget moat dat sa bliuwe!
De meiwurkers fan Omrop Fryslân.