Fan 4-6 juny wie de jierlikse General Assembly fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD), dêr’t deputearre Jannewietske de Vries foarsitter fan is. De GA wie diskear yn Ljouwert. De gearkomsten fûnen plak by Tryater en op it Provinsjehûs. It doel fan it NPLD is om op Europeesk nivo dúdlik te meitsjen hoe wichtich taaldiversiteit is. Fierder besiket de NPLD de útwikseling fan saneamde ‘best practices’ tusken beliedsmakkers, minsken út it wurkfjild, ûndersikers en eksperts yn hiel Europa te stimulearjen. It EBLT is, lykas Kennissintrum Mercator, lid fan it NPLD.
Klik hjir foar in ympresje fan de GA en it NPLD.