Jan Kooistra op it ynternasjonale dichtersfestival Transpoesie 2025

Tongersdei 18 en freed 19 septimber hat yn Antwerpen en Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. It tema dit jier is “turbulent times” en yn dat ramt sil dichter Jan Kooistra in pear gedichten yn it Frysk foarlêze, ûnder oare Jûnskuier yn febrewaris. Dit jier dogge der dichters mei út 16 lannen, dy’t yn harren eigen – lytse of grutte – taal optrede sille. Alle gedichten binne ek oersetten en komme beskikber op de website.

Wa’t hinne wol om Jan Kooistra te sjen en te hearren, dat kin fansels! Hy treedt op tongersdei 18 septimber op yn it Letterenhuis yn Antwerpen tusken 19.00 en 21.30 oere, mar middeis binne der ek al mooglikheden om yn kontakt te kommen mei de ferskate dichters. Op freed 19 septimber binne der wer optredens, mar dan yn Poetik Bazar yn Halles de Schaerbeek, Brussel, tusken 17.00 en 19.00 oere.

Jan Kooistra is berne op 15 febrewaris 1959 yn Wâlterswâld. Hy wennet op it stuit yn Anloo en wurket as dosint Nederlânsk op it Praedinius Gymnasium yn Grins. Kooistra debutearre yn it literêre tydskrift Hjir, dêr’t er fan 1983 oant 1998 diel útmakke fan ‘e redaksje. Sûnt 2018 is er lid fan it Frysk dichterskollektyf Rixt. Op de webside binne dêr gedichten fan him te finen. Foar it Frysk literêre tydskrift Ensafh skriuwt er ek gedichten en publisearret er geregeld resinsjes.

De dielname fan Jan Kooistra oan Transpoesie 2025 wurdt mei mooglik makke troch It Skriuwersbûn, dichterskollektyf RIXT en it Jan Roelof Geertsmafûns.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *