Dekker fynt dat de posysje fan de regionale sjoernalistyk hieltyd wichtiger wurdt, om’t provinsjes en gemeenten mear taken krije fan it Ryk. Wol moatte de regionale omroppen efter de skermen mear gearwurkje om kosten te besparjen.
Koster is lykwols noch net tefreden oer de posysje fan de Fryske taal yn de nije Mediawet. Dêroer sil er noch yn petear mei Den Haach.
Boarne: Omrop Fryslân