Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

Op freed 27 juny 2025 organisearret Tresoar in literêr sympoasium mei as tema Lêze is willewurk. Fan 14.30 oant 16.15 oere is der in ôfwikseljend programma mei sprekkers én muzyk.

De sprekkers op it sympoasium binne Alderik Blom, Joke Corporaal, Alex Riemersma en Joop Koopmans. Muzyk is der fan Janneke Warringa, Peter van der Zwaag en Andrea Meijer.

Yn it programma is ek omtinken foar Jelle Krol (spesjalist Fryske Literatuer Tresoar), dy’t dit jier mei pensjoen sil. Jelle Krol hat earder sit hân yn it bestjoer fan it EBLT.

Do bist fan herte útnûge om it sympoasium by te wenjen!

Reservearje hjir in sitplak (maks. 2 tickets de man)

Programma

  • 14.00 oere
    • Ynrin mei kofje/tee
  • 14.30 oere
    • Start programma
  • 16.15 oere
  • Offisjele programma ôfrûn
  • 16.15 – 17.15 oere
    • Neisit

Lokaasje

Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden, Wirdumerdijk 18, Ljouwert

  • Komst mei de auto? Dan kinst parkeare yn Parkeergarage Zaailand.
  • Komst mei de fyts? Der is in fytsestalling op it Zaailand

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *