Op tiisdei 1 july 2025 wurdt op basisskoalle ’t Pompeblêd yn De Westereen it earste eksimplaar útrikt fan de nije Fryske lesboekjes Kreatyf Skriuwen en Staveringsline. Dé nije, ynspirearjende metoade foar Frysk skriuwen en staverjen op de basisskoalle!
De nije Skriuw- en Staveringsline is in folsleine metoade foar skoallen dy’t it Frysk in moai plak jaan wolle yn harren taalûnderwiis. De boekjes binne ûntwikkele foar de groepen 5 o/m 8 fan it primêr ûnderwiis. Bern leare mei dizze metoade net allinnich goed Frysk staverjen, mar ek frij en kreatyf skriuwen. Mei ferhalen, dialogen en ferskate stylfoarmen ûntdekke learlingen de Fryske taal op in natuerlike en útdaagjende wize.
De nije metoade befettet lesmateriaal dy’t sawol de kreativiteit as de taalfeardigens stimulearret. Foar de learkrêft is der in praktyske hantlieding by makke. De Afûk hat hjirmei in tagonklike metoade ûntwikkele mei oandacht foar kreatyf en fantasyryk skriuwen en de staveringsregels. Dat jout in stevige basis foar it Frysk skriuwûnderwiis. Dizze nijste metoade slút oan by de belibbingswrâld fan bern én de easken foar it Frysk op skoalle.
Der binne fjouwer omdraai-wurkboeken ûntwikkele mei oantreklike opdrachten en oefeningen. Yn alle boekjes steane oan ’e iene kant seis lessen kreatyf skriuwen en oan ’e oare kant seis lessen stavering. Alle lessen binne neffens in fêst stramyn opboud en biede in praktyske en effisjinte metoade foar de masters en juffen. De boekjes binne te bestellen yn de websjop fan de Afûk.