Sjochtip: It Grut Frysk Diktee

Op woansdei 24 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters besykje te skriuwen. Waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt dit jier de dikteetekst. Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne bekende Friezen mei ûnder oare Marijke Groenewoud en Steyn Land, Yung Frysk, de Harkemase Boys, Freonen fan Fryske organisaasjes en studinten Frysk fan de Universiteit fan Amsterdam.

Tekst fan Gerrit Hiemstra

Ferline jier waard de tekst skreaun troch sjongeres Iris Kroes, doe gie it oer in bepaalde faze yn it libben. Dit jier weaget Gerrit Hiemstra him oan it skriuwen fan de dikteetekst dy’t gean sil oer de ympakt fan it klimaat.

“Ik woe it oer it klimaat ha”, seit Hiemstra. “Mar dat is in hiel grut ûnderwerp mei in hiel soad ferskillende ynfalshoeken. Uteinlik haw ik keazen om foaral oer it minsklike aspekt te skriuwen. It komt derop del dat we ôfskied nimme moatte fan it klimaat fan eartiids en dêr hawwe in soad minsken grutte muoite mei.”

Fan bekende Friezen oant Harkemase Boys

Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne Bekende Friezen, Yung Frysk, Harkemase Boys, Freonen fan Fryske organisaasjes en studinten Frysk fan de Universiteit fan Amsterdam.

Skriuw mei op woansdeitejûn 24 april

It Grut Frysk Diktee wurdt op woansdei 24 april om 19.30 oere útstjoerd by Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân.

Werprintinge Jentsje-boekjes: se bliuwe populêr!

Seis Jentsje-boekjes ferskine op ’e nij yn in werprintinge fan 1000 stiks de titel

Al sûnt 1981 jout de Afûk de populêre rige mei Jentsje-boekjes út. Ferskynden der yn 1981 earst trije titels (Jentsje syn bear, Jentsje syn koekje, Jentsje syn auto), de searje waard stadichoan útwreide nei tsien titels. Dêrfan ferskine de seis dy’t ek yn 2007 en 2015 as kartonboekje útbrocht binne, no opnij yn in werprintinge fan 1000 eksimplaren per titel.

Boekjes dy’t jong en âld oansprekke

Heiten en memmen dy’t sels mei de Jentsje-boekjes opgroeid binne, kinne de boekjes dus no ek wer foarlêze oan harren eigen bern. De oarspronklike Sweedske útjeften bestiene út tekeningen mei twa of trije wurden derby. Yn de Fryske edysje hat Janny Vledder-van der Knoop (1925-2007) doedestiids by elke yllustraasje in rymke makke fan fjouwer rigels. Dy rymkes ha der mei foar soarge dat de boekjes sa’n sukses waarden.

Yn it ferline kamen der wol bern yn de winkel fan de Afûk dy’t it hiele boekje út ’e holle koene. Dat de boekjes it jonge publyk noch hieltyd oansprekke, docht wol bliken út de foto’s dy’t no ynstjoerd wurde op de Facebookside fan heit&mem, dêr’t ek in filmke by sit fan in fiifjierrich famke dat it boekje út ’e holle ‘foarlêst’.

  • Jentsje syn auto
  • Jentsje syn bear
  • Jentsje syn pemper
  • Jentsje syn pot
  • Jentsje yn ’t bad
  • Jentsje syn koekje

Printingen

De boekjes ferskynden earst as ynbûne printeboekjes, mar de lêste trije printingen (seis titels) binne útjûn as kartonboekjes: yn 2007 en 2015 en no yn 2024 dus wer. Yn 1995 presintearre de Afûk it 25.000ste Jentsje-boekje; mei de boekjes dy’t dêrnei noch printe binne, komt it totale oantal op in lytse 70.000 boekjes fan dat lytse mantsje!

Iteke van der Pol-Vledder, de dochter fan Janny, is dêr wakker wiis mei:

“Sa moai dat ús mem op dizze wize noch hieltyd in bytsje trochlibbet as de mem fan Jentsje”.

Iteke van der Pol-Vledder

boekgegevens

  • auteur Sweedske útjefte: Barbro Lindgren,
  • yllustraasjes: Eva Eriksson
  • auteur Fryske edysje: Janny Vledder-van der Knoop
  • Utfiering: karton
  • Ferkeappriis: € 9,95
  • te keap: www.websjop.afuk.frl

Nij Frysk ûndersyk nei taaloerdracht binnen jonge gesinnen

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, Afûk en it European Centre for Minority Issues (ECMI) yn it Dútske Flensburg sille in grutskalich ûndersyk yn Fryslân útfiere nei taaloerdracht binnen jonge gesinnen. De Provinsje Fryslân hat in subsydzje takend oan it projekt ‘The intergenerational transmission of West Frisian: promoting multilingual child-rearing and supporting (future) parents’, dat twa jierren yn beslach nimme sil.

taaloerdracht

Taaloerdracht is belangryk foar it fuortbestean fan in taal. De persoanlike hâlding dy’t minsken oannimme oangeande de (minderheids)taal spilet dêrby in wichtige rol. Ruth Kircher (ECMI), Jelske Dijkstra (Mercator/ Fryske Akademy), Mirjam Vellinga (Afûk) en Suzanne Dekker (Mercator/ Fryske Akademy) sille harren dêrom de kommende twa jierren dwaande hâlde mei ûndersyk nei de taalhâlding fan (takomstige) âlden oangeande it Frysk en it meartalich opgroeien. Dêrút folgjend sil in taalkampagne opstart wurde.

foto: pixabay

It ûndersyk rjochtet him op minsken mei in bernewinsk, takomstige âlden dy’t in poppe ferwachtsje en op âlden dy’t jonge bern ha. Mei it projekt wurdt mei fragelisten yn kaart brocht fan hokfoar ynformaasjeboarnen âlden ferlet hawwe as sy mear witte wolle oer it opbringen fan harren bern mei it Frysk en op hokfoar mominten sy dy ynformaasje ûntfange wolle. De data sille fierder ek ynsjoch jaan yn de motivaasje fan âlden om it Frysk wol of net oer te dragen oan harren bern en liede ta oanrekommandaasjes foar beliedsmakkers. Haadûndersiker Ruth Kircher hat ûnderfining mei ferlykber ûndersyk yn de Frânsk-Ingelske provinsje Quebec yn Kanada. Kircher sil it ûndersyk liede en tagelyk inselde ûndersyk útfiere yn Noard-Fryslân yn Dútslân. Sa kinne beide situaasjes mei-inoar ferlike wurde en der fan inoar leard wurde.

gearwurking

Kircher, Dijkstra, Dekker en Vellinga sille yn alle fazen fan it projekt nau mei inoar gearwurkje, mar it ECMI sil it ûndersyksûntwerp liede. It Mercator Kennissintrum en de Afûk binne ferantwurdlik foar de datasamling. Mercator hat de supervyzje oer de analyze en it rapport. De Afûk liedt dêrnei de bewustwurdingskampanje foar (takomstige) âlden, op basis fan de ûndersyksresultaten. Dêrneist wurde der materialen ûntwikkele foar profesjonals dy’t wurkje mei jonge bern en (takomstige) âlden, lykas ferloskundigen, logopedisten en bernedokters, om harren kennis en bewustwurding oer meartaligens en it Frysk te fergrutsjen.

Oer Mercator

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje oer regionale en minderheidstalen yn Europa. It Mercator Kennissintrum is ûnderdiel fan it wittenskiplik ûndersyksynstitút Fryske Akademy, dat dit jier 85-jier bestiet.

Oer Afûk

Afûk is de promoasje-organisaasje foar de Fryske taal en kultuer en hat sadwaande in ferskaat oan taken op it mêd fan ûnderwiis en taalpromoasje yn en oer it Frysk. Afûk fersoarget taalkursussen en Frysktalige learmiddels, mar jout ek boeken en tydskriften út, ûntwikkelet taal- en bewustwurdingskampanjes en is partner yn ynternasjonale minderheidstaalprojekten.

Oer European Centre for Minority Issues (ECMI)

It ECMI yn Flensburg is binnen Europa in renomearre ynstitút foar de beskerming en fersterking fan de posysje fan minderheden. It is in ûnôfhinklik en ynterdissiplinêr ûndersykssintrum, dat yn 1996 oprjochte waard troch de regearen fan Denemarken, Dútslân en Sleeswyk-Holstein.

Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’

In fleurich printeboek oer de magy fan beammen en dreamen dy’t útkomme.

‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ is in betsjoenend printeboek fan auteur en yllustrator Linda de Haan. Linda waard ynspirearre troch it projekt BOSK yn Ljouwert, wêrby’t mear as 1000 beammen in rûte troch de binnenstêd ‘kuieren’.

Yn it ferlingde fan Bosk, dêr’t Linda seach hoe’t bern genieten en boarten tusken de beammen fan it kuierjende bosk, nimt se ús mei op aventoer. Sy stelde harsels de fraach: “Hoe kin ik de ynspiraasje, de ferwûndering en de ynformaasje fan Bosk as byldmakker fêstlizze en trochjaan oan jonge bern en harren âlden en pakes en beppes?”

Yn dit fantasyfolle printeboek folgje wy Simke, dy’t mar ien grutte winsk foar har jierdei hat: in beam yn ’e strjitte. Sy skriuwt in brief oan de boargemaster en wachtet ôf. As sy in pear dagen letter wekker wurdt, stiet de strjitte fol mei beammen. Wat in geweldich kado! De hiele strjitte komt ta libben: in keunstner fertelt oer de kleuren en de foarmen fan de beammen en de blêden, heit lêst foar op it balkon, der wurde beamhutten boud en bern boartsje ferstopperke. Simke soe o sa graach wolle dat it bosk foar altyd yn har strjitte bliuwt, mar kin dat wol?

By útjouwerij Ploegsma yn Amsterdam is tagelyk de Nederlânske ferzje ferskynd ûnder de titel: ‘Ik wil een bos voor mijn verjaardag’.

Presintaasje/foarlêze:

Op freed 29 maart (Goedfreed) fan 14.00 – 15.00 oere lêst Linda de Haan foar út har nije boek, spesjaal foar bern fan 4 oant 7 jier. Dat fynt plak yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Ek wurdt dêr mei de bern noch in aktiviteit organisearre: sy sille mei Linda de Haan in eigen boekje meitsje. Elkenien is fan herten wolkom!

Boekgegevens

  • Titel: Ik wol in bosk op ’e jierdei
  • Auteur en yllustrator: Linda de Haan
  • Utfiering: hurd kaft
  • ISBN: 978 949 331 8267
  • Ferkeappriis: € 16,99
  • Utjouwer: Afûk
  • www.websjop.afuk.frl

Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: it Meslânzer Woardeboek

Neidat der moai wat jierren oan wurke wie, kaam dan einliks de dei dat der in wurdboek fan it dialekt fan Midslân op Skylge presintearre wurde koe, en dat wie op tongersdei 14 maart yn kafee “Het Wapen van Terschelling” yn Meslâns, sa’t Midslân lokaal neamd wurdt.

Skylge is dialektologysk in apart gefal. West-Skylge en de eastlike doarpen binne fanâlds Frysktalich, ek al is dat in Frysk dat flink ôfwykt fan dat fan ‘e fêste wâl. Boppedat ferskille it Westers en it Aasters ek wer faninoar. Dêrtuskenyn wurdt der yn Midslân en bybehearrende doarpen en buorskippen in taal praat dy’t heart by de Nederlânsk-Fryske mingdialekten lykas it Stedsfrysk, it Biltsk en it Amelânsk. Binnen dat gehiel hat it Meslânzers in eigen karakter. Sa wurde de begjinlûden g– en sk– op syn Nederlânsk útsprutsen.

Foto: Afûk. Kyndes Piet en Nel in Klederdracht.

Fierders hat it Meslânzers in grut tal eigen wurden. Dy binne yn it wurdboekpart fan sa’n 150 siden byinoar brocht. Se binne troch in yndeks ek fia it Nederlânsk op it spoar te kommen. It boek, dat yn totaal 286 siden telt, hat njonken in ynlieding ek in oersjoch fan útspraak en grammatika.

Oan it wurdboek is sûnt 2008 wurke troch Triny Martens, Gettje Pals, Nel Swart en Piet Smit, mei de stipe fan in klankboerdploech fan dialektsprekkers. In fiif jier lyn krigen sy ek help fan de doe krekt pensjonearre Siebren Dyk. De âld-meiwurker fan ‘e Fryske Akademy soarge dat de oarspronklike wurdlisten yn in wurdboekformaat oerbrocht waarden, en hy rette ek mei it grammatikale part.

Boekgegevens:

  • Titel: Meslânzer Woardeboek
  • Gearstald troch: Wurkgroep Meslânzers (Triny Martens, Gettje Pals, Piet Smit en Nel Swart) Mei meiwurking fan: Siebren Dyk
  • Utfiering: ynbûn
  • ISBN: 978 949 331 8250
  • Ferkeappriis: € 29,90
  • Utjouwer: Afûk, nûmer 1142 fan ‘e Fryske Akademy en as diel 14 yn ‘e Rige Fryske Dialektstúdzjes.
  • www.websjop.afuk.frl

Gerrit Hiemstra skriuwt Grut Frysk Diktee oer de ympakt fan it klimaat

Op tiisdei 23 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t besykje om de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters te skriuwen. Waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt dit jier de dikteetekst. Kwalifisearje foar it diktee kin fan tiisdei 5 maart ôf troch it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl te meitsjen.

Ferline jier waard de tekst skreaun troch sjongeres Iris Kroes en doe gie it oer in bepaalde faze yn it libben. Dit jier weaget Gerrit Hiemstra him oan it skriuwen fan de dikteetekst dy’t gean sil oer de ympakt fan it klimaat: “Ik woe it oer it klimaat ha, mar dat is in hiel grut ûnderwerp mei in hiel soad ferskillende ynfalshoeken. Uteinlik haw ik keazen om foaral oer it minsklike aspekt te skriuwen. It komt der op del dat we ôfskied nimme moatte fan it klimaat fan eartiids en dêr hawwe in soad minsken grutte muoite mei.”

Fan bekende Friezen oant de Harkemase Boys
Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne: Bekende Friezen, Yung Frysk, Harkemase Boys, Freonen fan Fryske organisaasjes en studinten Frysk fan de Universiteit van Amsterdam.

Ek meidwaan?
Minsken dy’t op 23 april graach meidwaan wolle oan it Grut Frysk Diktee, moatte harren dêrfoar kwalifisearje. Fan 5 oant 31 maart kin elkenien online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl. Ut de bêste dielnimmers wurde tweintich kandidaten selektearre dy’t meidwaan meie oan de grutte finale yn de Steateseal.

It Grut Frysk Diktee wurdt op woansdei 24 april om 19.30 oere útstjoerd by Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.

Nationale Boekenweek 2024

De Nationale Boekenweek 2024 hat as tema ‘Bij ons in de familie’ en fynt plak fan 16 o/m 24 maart. De famylje Chabot skriuwt it boekewikegeskink, mei as titel: Gezinsverpakking. Krekt as oare jierren ferskynt yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân ek wer in Frysktalige edysje fan it Boekewikegeskink. Ytsje Steen tekene foar de Fryske oersetting. Yn de Boekewike krigest it boekewikegeskink fergees by besteging fan € 15,- oan boeken.

Ek by de Afûk fiere wy de Boekewike!

Spesjaal foar de Boekewike is de Afûk-winkel op sneon 16 maart ekstra iepen foar it winkeljend publyk! Sjoerd Bottema komt dan del foar de presintaasje fan syn nijste boek.

Yn ‘e websjop fynst in kategory mei boeken dy’t passe by it tema ‘famylje’ en ek yn de Afûk-side yn de Leeuwarder Courant op 16 maart fynst de moaiste Fryske boeketips foar de Boekenweek.

Op woansdei 20 maart is Marianne Kootstra by yn de winkel mei har pop-up foarstelling. En op 22 maart is de presintaasje fan it nije boek ‘Ik wol in bosk op ‘e jierdei’ fan Linda de Haan.

Foar alles in ferske! in ferskeboek foar pjutte-opfang en ûnderbou primêr ûnderwiis

Op 1 maart ferskynt by Utjouwerij Afûk it nije ferskeboek ‘Foar alles in ferske!’ fan Clara Rullmann. It boek befettet tolve nije ferskes en ferhaaltsjes foar bern fan 2 o/m 6 jier. De ferskes binne makke foar gebrûk op de berne-opfang en yn de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis, en geane oer ûnderwerpen dy’t dêr deistige praktyk binne, lykas opromjen, iten, jierdei wêzen en grutter wurden. De feestlike presintaasje fan it boek is op 29 febrewaris by ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema.

De ferskes

Clara Rullmann skreau tolve ferskes oer ûnderwerpen dy’t ticht by de belibbingswrâld fan jonge bern steane. Pedagogysk meiwurkers en learkrêften yn de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis hawwe meitocht oer de ûnderwerpen en de nije ferskes ek yn de praktyk úttesten. Doel wie dat de ferskes jonge bern oanmoedigje om mei te dwaan en te bewegen. Clara: “Muzyk is ûnmisber yn ’e ûntwikkeling fan jonge bern. Troch meimekoar te sjongen en te dûnsjen stimulearrest de taalûntwikkeling, en hast tagelyk in hiel soad wille!”

Njoggen bern, learlingen fan ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema en dielnimmers oan it Berne- iepenloftspul, songen de ferskes yn by Sytse Broersma fan Noorderzon Muziekproducties, ûnder lieding fan Joke Krist. De arranzjeminten fan de ferskes binne makke troch Peter van der Zwaag.

It boek

Yn it boek steane de tolve ferskes en tolve bypassende ferhaaltsjes op rym. It boek kin ûnder it sjongen en fertellen rjochtop delset wurde, sadat de bern de prachtige yllustraasjes fan Marijke Klompmaker ek besjen kinne. By alle ferskes en ferhaaltsjes wurde praat- en aktiviteitetips jûn dy’t passe by it tema. Mei in QR-koade yn it boek komst by de online lokaasje dêr’t de ferskes te belústerjen binne en ek de blêdmuzyk downloaden wurde kin. It boek is makke mei subsydzje fanút it Taalplan Frysk. Pjutte-opfanglokaasjes en learkrêften yn de ûnderbou kinne it boek fergees oanfreegje fia www.tomke.frl.

De presintaasje

Op 29 febrewaris 2024 om 13.30 oere is de presintaasje fan it nije ferskeboek ‘Foar alles in ferske!’ op ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema. Clara Rullmann sil dêr it earste eksimplaar fan it boek yn ûntfangst nimme, tagelyk mei de bern dy’t de ferskes ynsongen hawwe. Foarôfgeand oan de presintaasje fersoargje Willy van Assen en Wytske Bouwma in clinic, dêr’t sy yn sjen litte hoe’t it boek en de ferskes ynset wurde kinne. Oare pjutte-opfanglokaasjes en skoallen koene de ôfrûne tiid al meidwaan oan in winaksje om ek sa’n clinic te bemachtigjen. Yn totaal wurde der tsien clinics weijûn.

Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: Gozert

It prachtige bekroande berneboek Gozert, skreaun troch Pieter Koolwijk, is no oersetten nei it Frysk troch Rymke Zijlstra. De boekpresintaasje is op woansdei 7 febrewaris, tagelyk mei de premjêre fan de teäterfoarstelling ‘Gozert’ foar basisskoallen, spile troch Jeugdtheater Frets.

Yn gearwurking mei Utjouwerij Afûk is Rymke Zijlstra frege om de Fryske oersetting te fersoargjen. Rymke hat mei in soad wille oan dizze oersetting wurke.

“It ferhaal fan Gozert is prachtich en hat in belangryk boadskip. Ik bin bliid dat bern de kâns krije om dat moaie boek no ek yn it Frysk te lêzen.” 

Rymke Zijlstra 

Yn 2021 waard Gozert bekroand mei de Gouden Griffel foar it bêste berneboek. Om’t de teäterfoarstellingen yn Fryslân yn it Frysk opfierd wurde, ûntstie it idee om it berneboek ek oer te setten.

  • Auteur: Pieter Koolwijk
  • Oersetter : Rymke Zijlstra
  • Yllustrator: Linde Faas
  • ISBN : 9789493318243
  • Siden : 256
  • Taal : Frysk
  • Utjouwer: Afûk
  • Priis: €16,99

Wurdsto pake of beppe? Of word jij opa of oma?

Kampanje foar pakes en beppes: Praat mar Frysk, ek mei dyn bernsbern

pakes en beppes & meartalige ûntwikkeling

Fan 9 o/m 23 jannewaris is der ekstra omtinken foar de pakes en beppes yn Fryslân.
Mei de pake & beppe-kampanje wol de Afûk (oansteande) pakes en beppes bewust meitsje fan de bysûndere rol dy’t sy spylje kinne yn de taalûntwikkeling fan harren bernsbern. As mei-opfieder kinne pakes en beppes de twa- of meartalige ûntwikkeling ekstra stimulearje, hielendal as sy geregeld oppasse. Boppedat kinne sy de Fryske taal dochs oan harren bernsbern meijaan, as dy benammen yn it Nederlânsk grutbrocht wurde.

Yn de kampanjeperioade hingje rûnom yn de provinsje posters mei de fraach ‘Wurdsto pake of word jij opa?’ en ‘Wurdsto beppe of word jij oma?’. Op www.pakebeppe.frl is mear ynformaasje te finen en wurde tips jûn foar it stimulearjen fan de twatalige ûntwikkeling.

Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek

De start fan de pake&beppe-kampanje is op sneon 13 jannewaris om 11 oere by Van der Velde Boeken yn Snits. Jan Arendz sil dan foarlêze út It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek fan Mirjam van Houten. Dat prachtige nije foarlêsboek bestiet út mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt om foarlêzen te wurden troch pakes en beppes oan bern fan 2 oant en mei 6 jier. Mei in QR-koade yn it boek kinst de ferhaaltsjes ek noch belústerje. De ferhalen binne ynsprutsen troch Hilly Harms, Leny Dykstra, Jan Arendz en Joop Wittermans.

Dy foarlêzers lêze live foar:

  • Op freed 19 jannewaris om 11.00 oere lêst Leny Dykstra foar yn de Afûkwinkel yn Ljouwert
  • Op sneon 20 jannewaris om 11.00 oere lêst Joop Wittermans foar by Van der Velde Boeken yn Drachten
  • Op sneon 27 jannewaris om 11.00 oere lêst Hilly Harms foar by Boekhandel Burgum.

oppastas

Spesjaal foar de pakes en beppes dy’t oppasse (sille) is in prachtige ‘oppastas’ te keap, mei dêryn It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek, in kuierbingo, in boekje mei oppastips en oare aardichheidsjes. In moai kadootsje foar oansteande pakes en beppes of as in tankjewol foar al it oppassen! De tas is te keap yn de Afûk Fryske Boek- en kadowinkel en fia websjop.afuk.frl.