Fryslân nimt ôfskied fan Tomke

Tys & Teske wurde nije Fryske pjuttefreontsjes

Wa ken ’m net? Dat mantsje altyd blier mei syn krol yn it hier? Enoarme oantallen pjutten kamen yn ’e rin fan ’e jierren yn ’e kunde mei Tomke, mar nei 30 jier komt der in ein oan it Tomke-projekt. Sa waard hjoed yn in parsekonferinsje troch Tomke sels bekend makke. It hommels ferstjerren fan Tomke syn geastlik heit en tekener Luuk Klazenga oardel jier lyn foarme de oanlieding om it fuortbestean fan it projekt yn de hjoeddeistige foarm op ’e nij te besjen. Yn oparbeidzjen mei belutsenen en ferskate pedagogysk professionals is ûnder lieding fan de Afûk in nij konsept foar foarskoalske edukaasje ûntwikkele: Tys & Teske. Krekt as by Tomke sille in hiel soad ferhalen, aktiviteiten en oare produkten fan Tys & Teske net allinne foar de profesjonele pjutte-opfang makke wurde, mar likegoed geskikt wêze yn de thússituaasje.

It Tomke-projekt ûntstie yn de jierren ’90 út in ferlet fan Frysktalich materiaal foar pjutten. ‘By in twatalige ûntwikkeling sa’t wy dat hjir yn Fryslân hawwe, is it lizzen fan in sterke taalbasis belangryk’, sa seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk. ‘Dy twatalige basis wurdt lein yn de earste fjouwer jier fan in bern. Krekt yn de earste jierren is it dêrom nedich om de taalûntwikkeling te stimulearjen, yn de thússituaasje mar ek by de opfang. Dêrby is ekstra omtinken foar in minderheidstaal sa as it Frysk nochris ekstra belangryk.’

It Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân inisjearre it Tomke-projekt. Der waard in Tomke-wurkgroep gearstald wêryn’t Afûk (algemiene koördinaasje), FERS (út namme fan de biblioteken fan Fryslân), Omrop Fryslân, Cedin en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) gearwurken en meielkoar soargen foar promoasje en fersterking. Yllustrator Luuk Klazenga waard frege om in jonkje te tekenjen en sa ferskynde yn 1996 it alderearste Tomke-boekje.

It giele tydskriftke soe dêrnei jierliks yn de Fryske Foarlêswike útdield wurde oan alle pjutten yn Fryslân. Yn ’e rin fan ’e jierren waarden geandewei mear produkten fan en oer Tomke ûntwikkele: telefyzje-aventoeren, ferhalen en boeken yn alle tema’s, edukative materialen, in website, in app, hânpoppen en gean sa mar troch.

Al dy jierren joech Luuk Klazenga foarm oan Tomke, hûntsje Romke, Kornelia en Yana Yu. ‘It hommels ferstjerren fan Luuk yn 2024 rôp de fraach op hoe no fierder mei Tomke’, fertelt Rienstra. ‘Ferskate opsjes passearren de revu, mar nei in soarchfâldich proses, wêryn’t wy de belutsenen om it Tomke-projekt hinne mar ek foaral de doelgroep fan pedagogysk professionals befrege hawwe, hawwe wy besluten om gjin nij Tomke-materiaal mear te ûntwikkeljen en yn te stekken op de ûntwikkeling fan in nije line.’

Tys & Teske: in nije line mei suksesfolle aspekten fan Tomke

By it ûntwikkeljen fan Tys & Teske is gebrûk makke fan kennis, ferlet en winsken fan in groep pedagogysk professionals dy’t ek as testgroep funksjonearre. De fierder noch te ûntwikkeljen ferhalen, aktiviteiten en materialen sille oansette ta foarlêzen en (Frysk) praten, ta boartsjen en dreamen. ‘Wy wolle de suksesfolle aspekten fan Tomke graach behâlde, mar mei nije karakters en in nije, frisse útstrieling dy’t oanslút by it ferlet fan de pedagogysk professionals en minsken thús, en dy’t fansels foaral soarget foar in
soad taalwille by jonge bern!’

Op de fraach wêrom’t der keazen is foar twa karakters seit Rienstra: ‘De twa karakters, in jonkje en in famke, hawwe elk in eigen persoanlikheid. Teske is wat dryster en Tys wat mear skruten, hy sjocht de kat earst út ’e beam. Elke pjut sil him of har mei ien fan de twa identifisearje kinne.’ De nije karakters sprekke jonge bern oan om’t se werkenber binne, feilich en fertroud as in freontsje, se hawwe deselde emoasjes en gefoelens as it jonge bern en sa wurde bern nijsgjirrich nei wat de karakters allegear belibje.

Willemke Brouwer fan De Jouwer joech letterlik foarm oan Tys & Teske. De kar foar Willemke wie al gau makke: ‘Willemke kin prachtich tekenje, har yllustraasjes hawwe persoanlikheid en fertelle in eigen ferhaal.’

Organisaasje

Tys & Teske is in gearwurkingsprojekt mei likernôch deselde partijen as dy’t by Tomke belutsen wiene. De Afûk is de karrelûker fan it projekt en ûntwikkelet de materialen by Tys & Teske yn gearwurking mei it SFBO, dat in soad op twatalige berne-opfanglokaasjes te finen is en dy lokaasjes helpt om it Frysk in folweardich plak te jaan. FERS tinkt mei út namme fan de biblioteken fan Fryslân en Omrop Fryslân is by it projekt belutsen mei as doel om te sjen oft Tys & Teske ek ta libben brocht wurde kinne op it skerm. Al dy partijen wurkje mei-inoar gear yn it Lês-mar-foar-projekt, dat mei de jierlikse Lês-mar-foar-wiken yn septimber omtinken freget foar it belang fan foarlêzen oan jonge bern. Yn de materialen dy’t alle jierren yn dy Lês-mar-foar-wiken útdield wurde, sille Tys & Teske fan no ôf ek fertsjintwurdige wêze.

Deputearre Eke Folkerts kriget fan Tomke it earste Tys&Teske boekje útrikt. Foto: Jacob van Essen, Fotobureau Hoge Noorden

Einlik de wrâld yn
Nei in lang en deeglik ûntwikkelingsproses wie it op ’e earste dei fan de Nationale Voorleesdagen tiid foar Tys & Teske om einlik de wrâld yn. It alderearste boekje fan Tys & Teske, mei in ferhaaltsje skreaun troch Paul van Dijk, waard yn de biblioteek fan Dronryp oerhandige oan deputearre Eke Folkerts, dy’t it dêrnei oan de oanwêzige pjutten foarlies.
It boekje is fan hjoed ôf fergees te krijen by alle biblioteken yn Fryslân en ek alle berne-opfanglokaasjes hawwe in eksimplaar tastjoerd krigen, sadat alle pjutten yn ’e kunde komme kinne mei Tys & Teske. Letter yn it jier ferskine in knibbelboek mei ferhalen, (opsis)ferskes en tips en aktiviteiten by tema’s dy’t oanslute by besteande Nederlânske VVE-metoaden lykas Uk & Puk en Piramide. Ek in foarlêsboek, poppen, in website mei mear ynformaasje, tips en oanfoljende materialen per tema en spultsjes foar bern steane op ’e rol.

Op ’e hichte bliuwe fan nijs oer Tys & Teske? Gean nei www.tysenteske.frl en meld dy oan foar de nijsbrief, want dat kin no al.

Twa nije bysûndere skinkingen oan Tresoar

Tresoar hat dizze simmer twa bysûndere skinkingen krigen: dokuminten fan de eardere Frjentsjerter Universiteit en in unyk foto-album mei foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum. Dy autentike dokuminten heakje nije ynformaasje ta oan it ferhaal fan Fryslân en binne dêrom in prachtige oanfolling op de kolleksje fan Tresoar.

Dokuminten fan de Frjentsjerter Universiteit

It echtpear Ferenc Postma en Margriet Gosker hat Tresoar in tal dokuminten skonken dy’t mei de skiednis fan de Frjentsjerter universiteit ferbûn binne. Twa stikken slane op Elias Wigeri (1730 -1791). It earste is syn beneaming yn 1755 ta bûtengewoan heechlearaar yn it Romeinske rjocht oan dizze akademy. It twadde stik, ûndertekene troch steedhâlder prins Willem V fan Oranje, is de beneaming fan Wigeri ta professor honorarius. Dêrmei waard er frijsteld fan it jaan fan kolleezjes. De oarkonde is opbrocht mei in fraai oranje siden lint.

It echtpear skonk ek argivalia dy’t te krijen hawwe mei Paul Ernst Jablenski (1693 -1757). Dy professor út Frankfurt waard beneamd as heechlearaar yn de teology oan de Frjentsjerter universiteit, mar seach úteinlik ôf fan syn beneaming fanwegen bestjoerlike kwestjes.

Postma hat in ymposante kolleksje hânskriften en boeken sammele op it mêd fan teology en tsjerkeskiednis, yn it bysûnder printwurk fan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy hat in grut tal Frjentsjerter printingen, brieven fan Frjentsjerter professoaren en objekten dy’t te krijen hawwe mei Hongaarske studinten dy’t yn Frjentsjer studearren. Koartlyn skonk it echtpear Postma-Gosker noch in oarkonde út 1778 en twa seldsume sulveren tinkpinningen út 1785 oan Museum Martena.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Tresoar hat in grutte kolleksje op it mêd fan de skiednis fan de universiteit fan Frjentsjer. Dy bestiet út de eardere akademybiblioteek, mei hûnderten bannen en it argyf fan de eardere ûnderwiisynstelling.

Fotoalbum fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum

Van Drukkerij Horstman yn Assen hat Tresoar in unyk foto-album krigen. It album befettet prachtige foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum, oprjochte yn 1904. Dat bedriuw anneks gruthannel fan de firma S. Bouma wie fêstige yn it pakhûs mei deselde namme oan it Grootdiep. Bouma liet yn 1933 in filla foar himsels bouwe njonken it fabryk, oan it Suderbolwurk. It album, dat net datearre is, is makke foar de bou fan de filla. De foto’s, makke troch fotograaf Breitschat fan Kollum, jouwe in hierskerp byld fan it bedriuwsproses yn it fabryk.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Skinking oan Tresoar

Mocht ien in skinking dwaan wolle oan Tresoar, dan is it ferstannich om yn it foar kontakt op te nimmen mei de kolleksjefoarmers. Sy kinne beoardielje oft it materiaal oanslút by de besteande kolleksje, dy’t as kearntema Fryslân hat.

Kontaktgegevens: collectievorming@tresoar.nl

Ljouwerter Biblioteken pleitsje foar data dy’t foar elkenien tagonklik binne

Yn oanrin nei de ynternasjonale Open Access Week freegje de Ljouwerter Biblioteken en Research Services fan NHL Stenden Hogeschool omtinken foar frije online tagong ta wittenskiplike ynformaasje. Net allinne foar ûndersikers en professionals, mar krekt foar elkenien yn de maatskippij. It boadskip is dúdlik: wittenskiplik ûndersyk dat betelle is mei publyksjild moat foar elkenien yn de maatskippij tagonklik wêze.

Hogeschool Van Hall Larenstein, NHL Stenden Hogeschool, dBieb en Tresoar hawwe de krêften bondele en as Ljouwerter Biblioteken binne se sûnt 2019 dwaande om de tagonklikheid fan wittenskiplike ynformaasje yn Fryslân op de kaart te setten. Want Open Access is fan belang foar elkenien. Gjin wûnder dat hieltyd mear ynstellingen de útgongspunten fan de ynternasjonale Open Science-beweging ûnderskriuwe.

Undersiken subsidiearre mei publyksjild
Ingrid van Gorkum, projektlieder fan it Research Support Team by NHL Stenden Hogeschool, leit út: “Stel dat we de situatie van universiteitsstudenten in ontwikkelingslanden als voorbeeld nemen. Deze studenten hebben daar minder toegang tot wetenschappelijke publicaties en data, omdat er simpelweg geen geld is voor de aanschaf van dure databanken. Ook in Nederland moeten hogescholen en universiteiten keuzes maken in de databanken die ze aanbieden. Dit houdt in dat studenten geen toegang hebben tot alle wetenschappelijke informatie. Door Open Access kan iedereen gebruik maken van up-to-date kennis, zonder dat daar verdere kosten aan zijn verbonden. Het is toch ook vreemd dat wij onderzoeken die nota bene gesubsidieerd zijn, niet kosteloos kunnen inzien? Dat is – als je het mij vraagt – echt de omgekeerde wereld.”

Wrâldwiid, mar ek yn Fryslân is Open Access dus in hot item. Brigette Lee, teamlieder tagonklikheid by Tresoar en ien fan de inisjatyfnimmers fan it gearwurkingsferbân, fertelt: “Daarom willen wij in Fryslân een platform voor Open Science opzetten waar onderzoekers gebruik van kunnen maken en waarmee we ook burgers geïnformeerd houden.”

Open Access Week
Nettsjinsteande dizze ûntwikkelingen oangeande Open Access, binne we der noch net. “Ik denk dat het begint met bewustwording,” seit Lee. “Daarom wordt er ieder jaar een Open Access Week georganiseerd, om het belang van Open Access steeds weer te benadrukken met nieuwe inzichten en ontwikkelingen.” Oer de hiele wrâld wurde fan 24 o/m 28 oktober 2022 aktiviteiten organisearre om mear omtinken te freegjen foar frije online tagong ta wittenskiplike ynformaasje.

Open Access Event yn Ljouwert
De Ljouwerter Biblioteken en Research Services fan NHL Stenden Hogeschool organisearje op tiisdeitemiddei 25 oktober in Open Access Event yn Ljouwert. Mei in workshop oer FAIR data troch Jellie Visser en Ingrid van Gorkum (NHL Stenden Hogeschool) en in lêzing ‘Open data van de overheid’ fan Britta Ricker (Universiteit Utrecht) wurdt it in nijsgjirrige middei. Belangstellenden binne fan herte útnûge om it evenemint by te wenjen. 

Tresoar en Literatuurmuseum wurkje gear oan lansearring auteursportaal

Frysk letterkundich en histoarysk sintrum Tresoar en it Literatuurmuseum yn Den Haag binne mei de Koninklijke Bibliotheek en oare organisaasjes mei biblioteekkolleksjes in gearwurking oangien om Nederlânsk literêr erfgoed oan elkoar te ferbinen. Dy gearwurking hyt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken.’ In auteursportaal dêr’t alle ynformaasje oer ien skriuwer yn te finen is, tsjinnet as praktyske tapassing fan it ‘verbonden erfgoed’.

It wurk fan de yn Fryslân berne skriuwer Theun de Vries (1907-2005), dy’t in ûnbidich grut literêr oeuvre skreaun hat, tsjinnet as pilot foar it auteursportaal. Ynformaasje oer in auteur is faak net op ien plak te finen. Sa bewarret it Literatuurmuseum brieven en manuskripten fan Theun de Vries en Tresoar boeken, foto’s en artikels. Ynformaasje oer syn publikaasjes is te finen by de Koninklijke Bibliotheek en it NIOD Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies bewarret in fersetsberjocht.

It online auteursportaal Theun de Vries moat in ein meitsje oan de oerlaap oan biografyske en bibliografyske ynformaasje en bringt de belangrykste boarnen by elkoar yn in oersichtlik gehiel. It portaal wurdt op sa’n wize makke dat it ek brûkt wurde kin foar ynformaasje oer oare auteurs. Ein 2022 komt it portaal online.

Nij oan dit portaal is dat gebrûk makke wurdt fan Linked Open Data (LOD). LOD is de standert wize om gegevens sa online op it web te publisearjen dat se (wer)brûkber binne. It kin dan gean om digitale of digitalisearre materialen lykas tekst, ôfbyldingen of audiofisueel materiaal, mar ek ynformaasje oer materialen: de metadata. De data wurdt op sa’n wize oanbean dat der folle makliker, en sels automatysk, ferbining lein wurde kin mei oare data. Dêrtroch wurdt de data riker en nuttiger foar de brûker. De ynformaasje giet net ferlern as in webside opheft wurdt.


In resintlik takende subsydzje fan Stichting Pica makket it mooglik it projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ út te fieren en dêrmei it auteursportaal te realisearjen. It projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ rint oant en mei maart 2023.

Tomke tien jaar in ’t Bildts en dat mot fierd worre!

’t Is nou foor de tiende keer dat ’t themaboeky ‘Tomke’ in ’t Bildts ferskynt. En at d’r ’n pretsy komme mot, dan mot dat fansels altiten weze en dat fiere wij útteraard met peuters/kleuters fan 3-6 jr.

Dut fesy sil op saterdeg 25 septimber e.k. plakfine in de bibletheek fan St.-Anne en ’t begint om 15.00 uur. Bauky Luinstra en Hein Jaap Hilarides sille deuze overdâg ’t programma fersorge.

Foor de kines is d’r fansels ranja met wat lekkers d’rbij en foor de ouweloi is d’r koffy of thee.

Wel wille wij graag wete hoefeul kines d’r komme op ’t fesy fan Tomke. Dus wille jim d’rhine, haal dan even ’n fergeefse kaart út de bibletheek. Klopt, foor ’n kaartsys hoeft niet betaald te worren. Dat sou ok ’n núvvere boel weze at wij jim betale late foor ’n fesy!

Heel graag tot saterdeg 25 septimber e.k.

Wittenskiplike biblioteek Fryske Akademy oer nei Tresoar

De biblioteekkolleksje fan de Fryske Akademy, ynklusyf dy fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, wurdt woansdeitemiddei 26 maart oerdroegen oan Tresoar. Direkteuren dr. Hanno Brand (Fryske Akademy) en drs. Bert Looper (Tresoar) tekenje dêrta in ferklearring fan permaninte brûklien; de ûndertekening fynt plak yn de Gysbert Japicx-seal fan Tresoar. Continue reading “Wittenskiplike biblioteek Fryske Akademy oer nei Tresoar”