Lês-mar-foar-wiken 2025 ôftrape mei de ‘Foarlêstafette’

Fan 1 oant en mei 26 septimber binne it de ‘Lês-mar-foar-wiken’. Fan ’e moarn wie de ôftraap op CBS De Hoekstien yn Surhústerfean, dêr’t foarlêzen waard troch wethâlder Tjibbe Brinkman fan de gemeente Achtkarspelen en troch Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen. Mei dy foarlês-mominten waard tagelyk it startskot jûn foar de ‘foarlêstafette’. Dat hâldt yn dat twa foarlêstassen, mei dêryn ûnder oaren in Tomke- en in Keimpe-boekje en in lêsdeiboekje, alle dagen trochjûn wurde oan in oare foarlêzer. Sa reizgje de boekjes hiel Fryslân troch!

Oftraap lês-mar-foar-wiken 2025 mei wethâlder Tjibbe Brinkman fan de gemeente Achtkarspelen en Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen. Foto: Jacob van Essen

Alle jierren yn septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken organisearre. Mei dy jierlikse kampanje wolle wy omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 oant en mei 8 jier. Oeral yn Fryslân wurdt dan (ekstra) foarlêzen yn it Frysk: op de berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels ek thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern. Hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk.

Tomke & Keimpe

It tema fan 2025 is ‘aventoer’ en slút dêrmei oan op it tema fan de lanlike Kinderboekenweek, dy’t yn oktober plakfynt. Foar de pjutten ferskynt yn dat tema in nij Tomke-boekje, dêr’t by gastâlden en op de pjutte- en berne-opfang út foarlêzen wurdt. Nei ôfrin krije de pjutten it boekje mei nei hûs, sadat bern en âlders thús ek genietsje kinne fan de ferhalen. It boekje ferskynt net allinnich yn it Frysk, mar ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

Foar de âldere bern (4 oant en mei 8 jier) ferskynt in nij Keimpe-boekje yn itselde tema, dat elkenien fergees ophelje kin by de biblioteek. Alle basisskoallen krije ek in eksimplaar fan it boekje tastjoerd, om yn de Lês-mar-foar-wiken út foar te lêzen. Der is ek
in echte ‘Keimpe Lêsrap’! Skoallen dy’t dêr in live-optreden fan winne wolle, kinne foar 20 septimber in aventoerlike foarlêsfoto ynstjoere nei keimpe@afuk.frl.

Tomke ferskynt net allinnich yn it Frysk, mar ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

Oare foarlêsaktiviteiten

Op 13 septimber, mei ‘Uit in Huis’, kinne bern meidwaan oan ús ‘foarlês-speurtocht’ by Tresoar ynLjouwert. Sykje nei de foarlêzers en genietsje fan de ferhalen dy’tst fynst! Op tsjil.omropfryslan.nl binne yn septimber nije bernefilmkes te besjen. En op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren! Dêrneist wurde der mei de Lês-mar-foar-wiken ferskate foarlês-, dûns- en muzykfoarstellingen organisearre yn de biblioteken fan Fryslân. Foar bern fan 2 oant en mei 8 jier leit dêr in fergees Tomke- of Keimpe-boekje klear. Dus: lês mar foar!

It Lês-mar-foar-projekt wurdt organisearre troch Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer de Lês-mar-foar-wiken is te finen op lesmarfoar.frl

Lês-mar-foar-wiken

Fan 1 o/m 26 septimber 2025 binne it wer de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? En it is ek nochris in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. It tema fan dit jier is ‘aventoer’. In werkenber tema foar eltsenien dy’t mei jonge bern te krijen hat! 

Foar de pjutte-opfang

Foar pjutten (2-4 jier) ferskynt alle jierren in nij Tomke-boekje, fol mei ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. It tema fan 2025 is ‘aventoer’.  Der is ek in Stellingwerfske, in Bildtske en in Franeker ferzje fan it Tomke-boekje. Sjoch foar mear ynformaasje oer Tomke op tomke.frl.

Alle pjutte- en berne-opfanglokaasjes yn Fryslân (én gastâlden dy’t har opjûn ha), krije nije Tomke-boekjes besoarge yn de wike foarôfgeand oan de Lês-mar-foar-wiken. Sy kinne dêrút foarlêze (litte) en de boekjes dêrnei oan de pjutten mei nei hûs jaan.

Der is ek in Stellingwerfske, in Bildtske en in Franeker ferzje fan it Tomke-boekje.

Foar skoallen

Keimpe de Krokodil hâldt fan Frysk lêzen! Keimpe stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, foar bern fan 4-8 jier en wol bern, âlders en learkrêften stimulearje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Mei de Lês-mar-foar-wiken ferskynt in nij boekje fan Keimpe mei ferhaaltsjes en spultsjes, yn it tema ‘fol aventoer’. Alle basisskoallen fan Fryslân krije it Keimpe-boekje en in byhearrende lêsbrief tastjoerd, dêr’t sy mei de Lês-mar-foar-wiken út foarlêze kinne. En kenne jim de Keimpe-rap al? Besjoch, lústerje en sjong mei en miskien winne jim wol in optreden fan Sytse en Melissa op jim skoalle! 

Foar thús

Foarlêzen, dêr begjint it mei! Tegearre in boekje lêze fersterket de bân mei dyn bern. En bern dêr’t as lytse poppe al oan foarlêzen wurdt, binne letter better yn taal. Asto wolst dat dyn bern yn it Frysk opgroeit, is foarlêzen is in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. Lês hjir mear oer meartalich opgroeien.

Op telefyzje

Op tsjil.omropfryslan.nl binne allegear leuke filmkes te besjen foar bern. Sa binne der 4 printeboekfilmkes, filmkes fan Hinke de Ko en de nije searje ‘Wat in aventoer!’. Op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út de Tomke-boekjes te hearren!

Yn de biblioteek

Mei de Lês-mar-foar-wiken is it ek wer feest yn de biblioteek! Dit jier binne der foarstellingen foar pjutten fan Willy van Assen (Danswil), Poppentheater Rozemarijn en fan Willy van der Meer. Pyke Kroes & Carel van Leeuwen sille harren foarstelling oer it populêre boek ‘Lampke’ wer opfiere foar de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis. It sil grif wer in sukses wurde!

It Lês-mar-foar-projekt

It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan de Tomke- en de Keimpe-wurkgroep en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier.

It Lês-mar-foar-projekt ynvestearret mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân.

Femke van Kammen wint Lyts Frysk Diktee 2025

Femke van Kammen fan de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 10 flaters wie se hjoed de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it Provinsjehûs, de skriuwwedstriid foar learlingen út groep 7 en 8. Twadde waard Dieuwke Buma fan de Master Frankeskoalle yn Earnewâld mei 11 flaters. It tredde plak, mei 13 flaters, wie foar Marianne van der Veen fan Kindcentrum de Wel yn Broeksterwâld.

Lyts Fryske Diktee 2025. F.l.n.r. Marianne van der Veen (3e), Femke van Kammen (1e), Dieuwke Buma (2e). Foto makke troch Marieke Balk

Der dienen likernôch 50 learlingen fan 24 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Sjongeres en skriuwer Janneke Brakels skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.

Brakels hie in dikteetekst makke oer in learling dy’t troch de rein nei skoalle fytse moast. De dreechste wurden wiene dit jier dan ek ‘ierdrykskundetoets’, ‘moatst’ (mei -tst-) en ‘rûte’, dat faak skreaun waard as roete/route. Mear ynformaasje oer it Lyts Frysk Diktee kinne jo fine op de website fan it diktee. Dêr kinne jo ek ynformaasje fine oer it Grut Frysk Diktee, dat op tiisdei 8 april holden wurdt yn it Provinsjehûs.

Lyts Fryske Diktee 2025 mei 50 learlingen fan 24 skoallen. Foto makke troch Marieke Balk

Poëzywike 30 jannewaris -5 febrewaris

Dizze wike is it wer tiid foar it twadde topprojekt fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis, de Fryske Poëzywike. De Fryske Poëzywike slút oan by it tema fan de lanlike Poëzieweek (fan 30 jannewaris o/m 5 febrewaris 2025): liiflikheid. It is bedoeld foar alle groepen yn it primêr ûnderwiis. Fryske gedichten foarmje de basis om op in kreative wize mei it Frysk, Biltsk of Stellingwerfsk oan ‘e slach te gean.

Foar alle bouwen wurde der aktiviteiten makke dy’t sammele wurde yn magazines. Dizze binne fergees del te heljen op de webside. Fierder wurde de gedichten dy’t skoallen meitsje by elk tema sammele. Dizze binne werom te finen yn de earegalery op de webside en kinne as foarbyld tsjinje.

Kinst it materiaal fan de Poëzywike fia dizze link fine: Poëzywike – Inspirerend meertalig onderwijs.

Hiel Fryslân lêst foar mei de Lês-mar-foar-wiken

Fan 9 o/m 27 septimber binne it wer de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op ’e berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar- foar-wiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje, en foar bern fan 4 o/m 8 jier is der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Mar der is mear: de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz! En yn de biblioteken is der ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk, wêrby’t alderhande feestlike foarlêsaktiviteiten organisearre wurde.

Foto: Hippe Kiek Fotografie

Tomke & Keimpe

It tema fan de Lês-mar-foar-wiken is dit jier ‘eigenwiis’, wat oanslút op it tema fan de Kinderboeken- week yn oktober. Alle pjutten krije by de opfang, de biblioteek en it konsultaasjeburo wer in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje yn dat tema. Yn it boekje stean ferhaaltsjes, ferskes en spultsjes fan ferskate skriuwers en yllustratoaren. De Tomke-yllustraasjes binne noch makke troch de krekt ferstoarne tekener Luuk Klazenga. It boekje ferskynt ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

It Tomke-foarlêsboekje ferskynt yn it Frysk, Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

Bern fan 4 o/m 8 jier krije it nije Keimpe-boekje mei leuke ferhaaltsjes en spultsjes op skoalle of se kinne it fergees ophelje yn ’e biblioteek. Spesjaal foar Keimpe syn 5e jierdei is der in echte Keimpe- memory ûntwikkele en kinne alle bern en harren âlders, juffen en masters mei sjongeres Melissa Pander en rapper Sytse de Wite meisjonge en -dûnsje op de eigenwize Lês-rap!

Minyboekjes sammelje by de Poiesz

Yn de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz. Alle wiken ferskine der twa nije boekjes dy’tst fergees meinimme meist by oankeap fan in griente- of fruitoanbieding. Bekende én nije skriuwers en yllustratoaren hawwe spesjaal foar dizze aksje acht prachtige boekjes makke. Op is op, dus fluch nei de Poiesz, en sammelje se alle acht!

Feest yn de biblioteek!

Yn de biblioteken binne yn de moanne septimber ferskate lês-, dûns- en muzykfoarstellingen te sjen. Foar pjutten binne der foarstellingen fan Janneke Brakels, Danswil en Het Muziekbeestje. Foar de doelgroep 4 o/m 8 jier spilet Jan Tiede Bouma in foarstelling oer Keimpe de Krokodil, en Pyke Kroes & Carel van Leeuwen ha in foarstelling makke oer it populêre boek ‘Lampke’. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. En hast it nije Tomke-temaboekje of Keimpe-boekje noch net? Helje ’m dan gau fergees op by de biblioteek!

Oare foarlêsaktiviteiten

Op 14 septimber mei ‘Uit in Huis’ wurdt der de middeis foarlêzen yn de Prinsetún yn Ljouwert. Tusken 14.00 en 16.00 oere sil dêr troch in tal minsken foarlêzen wurde út prachtige eigenwize berneboeken.

Fierder binne yn it programma ‘Tsjil’ fan Omrop Fryslân nije bernefilmkes te besjen en op Tjits Floch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren.

It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan jonge bern.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.lesmarfoar.frl

Marije Buma wint it Lyts Frysk Diktee 2024

Marije Buma fan de Master Frankeskoalle út Earnewâld kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 6 flaters wie se tiisdei 14 maaie de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it provinsjehûs. Ferline jier wûn se it ek al. Twadde waard Annarixt Weststeijn fan de Doarpsskoalle út Nij Beets mei 9 flaters. En it tredde plak wie foar Saphyra Holwerda fan de Tijstream út Holwert.

Der dienen yn totaal 46 learlingen fan 22 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Skriuwer Jan Minno Rozendal skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. Jan Minno Rozendal is bekend fan ûnder oaren it boek Tie Break (2024).

De priiswinners flnr Marije Buma, Annarixt Weststeijn en Saphyra Holwerda. Foto: Jacob van Essen/Hoge Noorden

De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân. 

Sjochtip: It Grut Frysk Diktee

Op woansdei 24 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters besykje te skriuwen. Waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt dit jier de dikteetekst. Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne bekende Friezen mei ûnder oare Marijke Groenewoud en Steyn Land, Yung Frysk, de Harkemase Boys, Freonen fan Fryske organisaasjes en studinten Frysk fan de Universiteit fan Amsterdam.

Tekst fan Gerrit Hiemstra

Ferline jier waard de tekst skreaun troch sjongeres Iris Kroes, doe gie it oer in bepaalde faze yn it libben. Dit jier weaget Gerrit Hiemstra him oan it skriuwen fan de dikteetekst dy’t gean sil oer de ympakt fan it klimaat.

“Ik woe it oer it klimaat ha”, seit Hiemstra. “Mar dat is in hiel grut ûnderwerp mei in hiel soad ferskillende ynfalshoeken. Uteinlik haw ik keazen om foaral oer it minsklike aspekt te skriuwen. It komt derop del dat we ôfskied nimme moatte fan it klimaat fan eartiids en dêr hawwe in soad minsken grutte muoite mei.”

Fan bekende Friezen oant Harkemase Boys

Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne Bekende Friezen, Yung Frysk, Harkemase Boys, Freonen fan Fryske organisaasjes en studinten Frysk fan de Universiteit fan Amsterdam.

Skriuw mei op woansdeitejûn 24 april

It Grut Frysk Diktee wurdt op woansdei 24 april om 19.30 oere útstjoerd by Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân.

Gerrit Hiemstra skriuwt Grut Frysk Diktee oer de ympakt fan it klimaat

Op tiisdei 23 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t besykje om de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters te skriuwen. Waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt dit jier de dikteetekst. Kwalifisearje foar it diktee kin fan tiisdei 5 maart ôf troch it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl te meitsjen.

Ferline jier waard de tekst skreaun troch sjongeres Iris Kroes en doe gie it oer in bepaalde faze yn it libben. Dit jier weaget Gerrit Hiemstra him oan it skriuwen fan de dikteetekst dy’t gean sil oer de ympakt fan it klimaat: “Ik woe it oer it klimaat ha, mar dat is in hiel grut ûnderwerp mei in hiel soad ferskillende ynfalshoeken. Uteinlik haw ik keazen om foaral oer it minsklike aspekt te skriuwen. It komt der op del dat we ôfskied nimme moatte fan it klimaat fan eartiids en dêr hawwe in soad minsken grutte muoite mei.”

Fan bekende Friezen oant de Harkemase Boys
Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne: Bekende Friezen, Yung Frysk, Harkemase Boys, Freonen fan Fryske organisaasjes en studinten Frysk fan de Universiteit van Amsterdam.

Ek meidwaan?
Minsken dy’t op 23 april graach meidwaan wolle oan it Grut Frysk Diktee, moatte harren dêrfoar kwalifisearje. Fan 5 oant 31 maart kin elkenien online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl. Ut de bêste dielnimmers wurde tweintich kandidaten selektearre dy’t meidwaan meie oan de grutte finale yn de Steateseal.

It Grut Frysk Diktee wurdt op woansdei 24 april om 19.30 oere útstjoerd by Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.

Rekôrtal skoallen docht mei oan it Frysk diktee!

Op tiisdei 4 april wurdt wer it jierlikse Lyts Frysk Diktee holden foar bern út de heechste groepen fan it basisûnderwiis. Sa’n 750 bern fan 38 skoallen hawwe meidien oan de foarseleksje. Dêr dogge diskear 50 bern fan mei oan ‘e finale. Wiene der ferline jier noch 16 skoallen dy’t bern opjoegen, dit jier is dat mear as ferdûbele. It diktee wurdt lykas wenst wer ôfnommen yn de Steateseal fan provinsje Fryslân.  

De tekst foar it diktee is fan ‘t jier skreaun troch Tialda Hoogeveen, de berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Tialda is as skriuwer bekend fan boeken as Abe en de Aardichman, Maia en har freonen en Wurden fan Timo.  

Tialda Hoogeveen. Foto: Natalia Balanina.

Organisaasje 
It Lyts Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, Cedin, Provinsje Fryslân en de Fryske Akademy.  

Fan ‘t jier wurdt it Grut Frysk Diktee ek wer holden. Dat is op tiisdei 23 maaie, de kwalifikaasje foar dat diktee set meikoarten útein. 

Oftraap projekt WikiWomen yn Burgum

Yn Burgum is tiisdei de ôftraap jûn foar it Europeeske projekt WikiWomen. Yn gearwurking mei partners yn Fryslân, Ierlân en Baskelân sille learlingen fan HAVOtop (Burgum) en vwo5 fan it Drachtster Lyseum wurkje oan nije biografyen oer Fryske froulju.

Skeve ferhâlding manlju-froulju

In oanlieding foar it projekt is de ferhâlding tusken manlju en froulju op Wikipedia (Frysk: Wikipedy), dy’t yn frijwol alle talen op sa’n 80-20% sit. “Wikipedia is de grutste ensyklopedy fan de wrâld en wy wolle dat it de realiteit wjerspegelet. It kin net sa wêze dat fan elkenien dy’t in biografy op Wikipedia fertsjinnet, 80 % man is. Dat leau ik net,” seit Welmoed Sjoerdstra, projektmeiwurker by Afûk. By de ôftraap hat sy mei har kollega’s Lisa Boersma en Stephan Berger en Anna Marije Bloem fan Cedin sa’n 60 boppeboulearlingen fan beide skoallen entûsjast makke om oan it nije projekt te wurkjen. Ek wie der in Mystery Guest oanwêzich: biologysk boerinne en powerfrou Welmoed Deinum fan Sondel, dy’t sels (noch) gjin Wikipagina hat.

Foto: Afûk

Searje 36

 It projekt kriget in plak op Searje 36, dé digitale metoade foar it fak Frysk, mar de biografyen komme op Wikipedy sels, want, sa seit Welmoed Sjoerdstra: “De measte minsken tinke dat Wikipedia net betrouber is, mar krekt omdat elkenien deroan tafoegje én yn korrizjearje kin, soest it sjen kinne as in (op syn eigen wize) tige betroubere ynformaasjeboarne.” In ‘jildich’ artikel hat dêrby op syn minst trije boarnen neamd, dêr’t út bliken docht dat it ûnderwerp (of de persoan) wichtich is. Dêrom is it dwaan fan boarne-ûndersyk part fan it projekt en sille de learlingen ek in besite bringe oan in GLAM (galery, bibleteek, argyf of museum).

Utwikseling

Op HAVOtop en it Drachtster Lyseum kinne se no los. Yn maart sil in delegaasje learlingen út Drachten wei nei Ierlân ta om dêr mei leeftydsgenoaten út Ierlân en Baskelân de nij skreaune biografyen út te wikseljen. Sa draacht harren wurk ek by oan de Iersk- en Baskysktalige Wikipedia’s, en oarsom! Takom jier sil der in twadde gearkomste wêze, yn Spanje, dêr’t learlingen fan Burgum hinne sille. It projekt makket de learling ta auteur en jout dy de kâns mei te wurkjen oan it tichtsjen fan de saneamde Gender Gap. Dêrmei is it in moai foarbyld fan betsjuttingsfol skriuwûnderwiis.

Wikiwomen

WikiWomen is in gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân en Fryslân om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten te brûken as in middel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De trije Fryske kennispartners binne de Afûk, de Fryske Akademy/Mercator Europeesk Kennnissintrum en Learning Hub Friesland. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.