Fryske ferhalewedstriid fan Skriuwersboun no ek foar junioaren

De Fryske ferhalewedstriid fan it Skriuwersboun krijt dit jier foar it earst in junioredysje. Om de bern waarm te meitsjen foar it skriuwen sil skriuwster Lida Dijkstra gastlessen jaan op skoallen yn Koudum, Balk en Wommels. Folwoeksenen dy’t mear witte wolle oer it skriuwen fan in koart ferhaal kinne in workshop folgje by skriuwer Koos Tiemersma. It is de fjirde kear dat de Fryske ferhalewedstriid organisearre wurdt. Corporate-story-schrijven

Der binne seis prizen: trije foar de bêste junior- en trije foar de bêste seniorferhalen.
Alle seis winnende ferhalen wurde publisearre yn it Frysk Deiblêd. Boppedat kiest de sjuery, dy’t bestiet út Lida Dijkstra, Yvonne Dijkstra en Koos Tiemersma ien ferhaal út, dêr’t Omrop Fryslân in ferfilming fan makket. Dy film wurdt begjin juny as rige útstjoerd yn telefyzjeprogramma Bynt. Continue reading “Fryske ferhalewedstriid fan Skriuwersboun no ek foar junioaren”

Winners Ferhalewedstryd 2015 bekend

Baukje Zijlstra, Janneke de Boer en Harmen Houtman binne de trije priiswinners fan de jierlikse Ferhalewedstryd, útskreaun troch It Skriuwersboun, it Friesch Dagblad en Omrop Fryslân. Ien fan de trije ferhalen makket boppedat noch kâns op in ferfilming.

De sjuery besteande út Abe de Vries (dichter en redakteur by it Friesch Dagblad), Bart Kingma (sjoernalist en regisseur by Omrop Fryslân) en Paul van Dijk (ûnderwizer en jeugdboekeskriuwer), ha de trije ferhalen selektearre. Yn totaal binne 54 teksten ynstjoerd, fan masikmaal 725 wurden. De ferhalen komme út alle leeftydskategoryen wei en waarden net allinnich yn it Frysk skreaun, mar ek bygelyks yn it Stellingwerfs en it Bildsk, sa lit de sjuery witte. Continue reading “Winners Ferhalewedstryd 2015 bekend”

Priisútrikking ferhalenwedstryd

Begjin dit jier skreaunen It Skriuwersboun en it Friesch Dagblad in ferhalenwedstryd út foar minsken o/m 25 jier âld. It ûnderwerp: ‘Freonskip en sosjale media’. Ut de ynstjoerde ferhalen hat de sjuery, besteande út Jaap Krol, Sigrid Kingma en Ate Grypstra, fjouwer ferhalen útkeazen. Se binne skreaun troch: Theuna Zwaga, Ijsbrand Drost, Geart Tigchelaar en Meindert Reitsma.

Op freed 15 juny oansteande om 20.00 oere is de priisútrikking. Yn de Gysbert Japixcseal fan Tresoar, yn Ljouwert.

De fjouwer bekroande ferhalen sille dêr troch de skriuwers sels foarlêzen wurde, de sjuery sil harren kar ferantwurdzje en der is in optreden fan Carolien Hunneman út Easterwâlde, mei eigen lietsjes yn it Frysk en it Stellingwerfs.

Elkenien is wolkom op dizze nijsgjirrige literêre jûn. As jim fan doel binne te kommen, dan graach even in mailtsje stjoere: skriuwersboun @ hotmail.com