Winners Ferhalewedstryd 2015 bekend

Baukje Zijlstra, Janneke de Boer en Harmen Houtman binne de trije priiswinners fan de jierlikse Ferhalewedstryd, útskreaun troch It Skriuwersboun, it Friesch Dagblad en Omrop Fryslân. Ien fan de trije ferhalen makket boppedat noch kâns op in ferfilming.

De sjuery besteande út Abe de Vries (dichter en redakteur by it Friesch Dagblad), Bart Kingma (sjoernalist en regisseur by Omrop Fryslân) en Paul van Dijk (ûnderwizer en jeugdboekeskriuwer), ha de trije ferhalen selektearre. Yn totaal binne 54 teksten ynstjoerd, fan masikmaal 725 wurden. De ferhalen komme út alle leeftydskategoryen wei en waarden net allinnich yn it Frysk skreaun, mar ek bygelyks yn it Stellingwerfs en it Bildsk, sa lit de sjuery witte.

Tongersdeitemiddei 26 maart wurde de úteinlike winner en de winners fan de twadde en tredde priis live op Omrop Fryslân bekend makke yn it program Bynt. It bêste ferhaal wurdt beleanne mei in ferfilming troch Omrop Fryslân. Yn ’e moanne maaie wurdt dizze koarte film troch Bynt útstjoerd, yn fjouwer ôfleverings.

Oan de wedstryd is ek in jildpriis ferbûn. Dêrneist publisearret it Friesch Dagblad op 28 maart, 4 en 12 april eltse wike ien fan de trije priiswinnende ferhalen yn de Sneinspetiele.

Dit jier wie it tema: Lêste kans. It ûnderwerp is ûntliend oan 2015, it jier fan Marijke-muoi, dy’t 250 jier lyn ferstoar. Maria Louise van Hessen-Kassel, sa’t se offisjeel hjitte, wie de frou fan Johan Willem Friso, Prins fan Oranje en steedhâlder fan Fryslân en Grinslân. 48 dagen nei de dea fan har man, yn 1711, krige sy in soan, wêrtroch’t it keningshûs bestean bliuwe koe.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *