Fryske ferhalewedstriid fan Skriuwersboun no ek foar junioaren

De Fryske ferhalewedstriid fan it Skriuwersboun krijt dit jier foar it earst in junioredysje. Om de bern waarm te meitsjen foar it skriuwen sil skriuwster Lida Dijkstra gastlessen jaan op skoallen yn Koudum, Balk en Wommels. Folwoeksenen dy’t mear witte wolle oer it skriuwen fan in koart ferhaal kinne in workshop folgje by skriuwer Koos Tiemersma. It is de fjirde kear dat de Fryske ferhalewedstriid organisearre wurdt. Corporate-story-schrijven

Der binne seis prizen: trije foar de bêste junior- en trije foar de bêste seniorferhalen.
Alle seis winnende ferhalen wurde publisearre yn it Frysk Deiblêd. Boppedat kiest de sjuery, dy’t bestiet út Lida Dijkstra, Yvonne Dijkstra en Koos Tiemersma ien ferhaal út, dêr’t Omrop Fryslân in ferfilming fan makket. Dy film wurdt begjin juny as rige útstjoerd yn telefyzjeprogramma Bynt.

De fjirde Fryske ferhalewedstriid hat as tema: Oars. Dat ûnderwerp hat alles te krijen mei Gysbert Japicx (1606-1666), de Boalserter skoalmaster, foarsjonger en dichter dy’t dit jier, 350 jier nei syn ferstjerren, betocht wurdt mei allerhanne festiviteiten. Japicx hat tige wichtich west foar de ûntjouwing fan it skreaune Frysk. De talen dêr’t de bydragen yn skreaun wurde meie, binne de streektalen fan Fryslân, dus neist Frysk bygelyks ek Stellingwerfsk, Skiermûnseagersk of it Snekers. Eins alles, útsein it Nederlânsk. Fan de dielnimmers wurdt ferwachte dat se in ferhaal skriuwe fan maksimaal 775 wurden.

Boarne: Omrop Fryslan

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *