Twa nije bysûndere skinkingen oan Tresoar

Tresoar hat dizze simmer twa bysûndere skinkingen krigen: dokuminten fan de eardere Frjentsjerter Universiteit en in unyk foto-album mei foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum. Dy autentike dokuminten heakje nije ynformaasje ta oan it ferhaal fan Fryslân en binne dêrom in prachtige oanfolling op de kolleksje fan Tresoar.

Dokuminten fan de Frjentsjerter Universiteit

It echtpear Ferenc Postma en Margriet Gosker hat Tresoar in tal dokuminten skonken dy’t mei de skiednis fan de Frjentsjerter universiteit ferbûn binne. Twa stikken slane op Elias Wigeri (1730 -1791). It earste is syn beneaming yn 1755 ta bûtengewoan heechlearaar yn it Romeinske rjocht oan dizze akademy. It twadde stik, ûndertekene troch steedhâlder prins Willem V fan Oranje, is de beneaming fan Wigeri ta professor honorarius. Dêrmei waard er frijsteld fan it jaan fan kolleezjes. De oarkonde is opbrocht mei in fraai oranje siden lint.

It echtpear skonk ek argivalia dy’t te krijen hawwe mei Paul Ernst Jablenski (1693 -1757). Dy professor út Frankfurt waard beneamd as heechlearaar yn de teology oan de Frjentsjerter universiteit, mar seach úteinlik ôf fan syn beneaming fanwegen bestjoerlike kwestjes.

Postma hat in ymposante kolleksje hânskriften en boeken sammele op it mêd fan teology en tsjerkeskiednis, yn it bysûnder printwurk fan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy hat in grut tal Frjentsjerter printingen, brieven fan Frjentsjerter professoaren en objekten dy’t te krijen hawwe mei Hongaarske studinten dy’t yn Frjentsjer studearren. Koartlyn skonk it echtpear Postma-Gosker noch in oarkonde út 1778 en twa seldsume sulveren tinkpinningen út 1785 oan Museum Martena.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Tresoar hat in grutte kolleksje op it mêd fan de skiednis fan de universiteit fan Frjentsjer. Dy bestiet út de eardere akademybiblioteek, mei hûnderten bannen en it argyf fan de eardere ûnderwiisynstelling.

Fotoalbum fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum

Van Drukkerij Horstman yn Assen hat Tresoar in unyk foto-album krigen. It album befettet prachtige foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum, oprjochte yn 1904. Dat bedriuw anneks gruthannel fan de firma S. Bouma wie fêstige yn it pakhûs mei deselde namme oan it Grootdiep. Bouma liet yn 1933 in filla foar himsels bouwe njonken it fabryk, oan it Suderbolwurk. It album, dat net datearre is, is makke foar de bou fan de filla. De foto’s, makke troch fotograaf Breitschat fan Kollum, jouwe in hierskerp byld fan it bedriuwsproses yn it fabryk.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Skinking oan Tresoar

Mocht ien in skinking dwaan wolle oan Tresoar, dan is it ferstannich om yn it foar kontakt op te nimmen mei de kolleksjefoarmers. Sy kinne beoardielje oft it materiaal oanslút by de besteande kolleksje, dy’t as kearntema Fryslân hat.

Kontaktgegevens: collectievorming@tresoar.nl

Spektakulêre fynst by Tresoar set Eise Eisinga yn oar ljocht

Oer Eise Eisinga (1744-1828) is faak skreaun dat er in autodidakt wie. De bouwer fan it Planetarium yn Frjentsjer soe ‘in iensum sjeny wêze dat himsels wiskunde en astronomy learde’. In spektakulêre fynst yn de kolleksje fan Tresoar rekkenet foargoed ôf mei dit byld.

Yn de argiven ûntduts Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, in hânskrift mei de summiere omskriuwing ‘Meetkonst van W.W. 4to’. Dêryn seach er wiskundige opjeften stean dy’t identyk binne oan opjeften yn Eisinga syn hânskriften.

De W.W. op de omskriuwing ferwiist nei Willem Wytzes, in wolkjimmersfeint. Hy wenne en wurke yn Frjentsjer en folge dêr wiskundelessen oan de universiteit. Wiskunde wie it iennige fak dat iepen stie foar studinten dy’t gjin Latyn koenen, it wienen spesjale kolleezjes dêr’t ek in wolkjimmersfeint oan meidwaan koe.

Fanwegen de oerienkomst tusken de opjeften fan Willem Wytzes en Eisinga, liket it logysk om oan te nimmen dat Willem Wytzes syn lessen oan Eisinga joech, op grûn fan wat er sels oan de universiteit fan Frjentsjer learde.

Opjeften út it hânskrift fan Eise Eisinga (swart-wyt-byld) en út it hânskrift fan W.W. (Foto Tresoar, Haye Bijlstra)

Yn syn biografy fan Eisinga skreau Dijkstra al dat in grut diel fan de opjeften dy’t Eisinga makke út oare boeken kamen en dat er les krige. Utsein dat yn it hânskrift fan Wytzes in pear Latynske termen ferfongen binne troch Nederlânske, is hast alles eksakt werom te finen yn Eisinga syn útwurkingen. Dêrmei wurdt dus dúdlik dat Eise Eisinga net yn isolaasje fan de universiteit wurke, mar der krekt fan profitearre. En dat is fansels in folle moaier en begrypliker byld fan it ferline, dan dat fan ien dy’t hielendal allinne him de wiskunde en astronomy eigen makke.

Ferhalewedstriid ‘Ut ’e bocht’

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan de BoekWinterBoek-ferhalejûn dy’t op freed 10 febrewaris om 20.00 oere yn kafee De Bogt fen Guné yn Frjentsjer holden wurdt.

Ut ‘e Bocht

Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden te skriuwen op it tema ‘Ut ’e bocht’. Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.

Ferhalejûn

De winner wurdt op de BoekWinterBoek-ferhalejûn yn Frjentsjer bekend makke en mei syn/har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden tusken de skriuwers fan dizze jûn: Anne Feddema, Koos Tiemersma, Sietse de Vries, Willem Schoorstra en Hylke Speerstra. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre.

Meidwaan

Ynstjoeringen moatte foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens en op syn lêst freed 27 jannewaris binnen wêze op dit e-mailadres

Tresoar organisearret de ynternasjonale wittenskiplike konferinsje ‘The 24th Board Game Studies Colloquium’ (BGSC)

Fan moandei 16 maaie o/m freed 20 maaie organisearret Tresoar ‘The 24th Board Game Studies Colloquium’ (BGSC): in ynternasjonale konferinsje foar wittenskippers en praktykminsken út tal fan fakgebieten en dissiplines dy’t elk jier yn in oar lân hâlden wurdt. By de BGSC wurde spulstúdzjes út meardere perspektiven wei besjoen en ek wurdt sjoen nei tinksporten fan eartiids en no. It tema fan de konferinsje dit jier is Ludus in Academia (it spul yn akademyske setting).

It doel is om de grutte tinksportkolleksje dy’t Tresoar beheart nasjonaal en ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen en it brûken derfan te befoarderjen foar maatskiplike en wittenskiplike doelen. Ek wol Tresoar de gearwurking fergrutsje mei organisaasjes dy’t belangrike tinksportkolleksjes beheare.

BGSC-programma
Yn ferskillende online en live lêzingen wurde tinksporten út ferskillende perspektiven (wiskundich, psychologysk, sosjaal, archeologysk) wei beljochte. De BGSC-dielnimmers gean op ekskurzje nei de akademystêd Frjentsjer dêr’t se in besite bringe oan Museum Martena, it Planetarium en de Martinitsjerke. Ek meitsje se in akademyske stedskuier. Boppedat wurde de dielnimmers offisjeel ûntfongen op it Provinsjehûs troch Sietske Poepjes, deputearre fan Fryslân.

Publykslêzingen op 17 maaie
Tresoar hat de ambysje om yn de takomst foar it bredere publyk dat ynteressearre is yn tinksporten en selskipsspullen aktiviteiten te organisearjen ûnder de namme ‘Denksportdagen Tresoar’. Foarútsjend dêrop wurde op tiisdeitejûn 17 maaie yn Rijksuniversiteit Groningen/Campus Fryslân yn Ljouwert in twatal publykslêzingen organisearre oer tinksporten. De sprekkers binne Arjen Dijkstra (direkteur fan it Universiteitsmuseum Groningen) en Hans van der Heijde (Nederlânsk politikolooch, auteur en bridgesjoernalist). Studinten en tinksportleafhawwers binne fan herte wolkom. Mear ynformaasje oer dizze lêzingen dy’t yn it Ingelsk hâlden wurde en de opjefte (foar 13 maaie) is te finen op de webside fan Tresoar.


Denksportcollectiecentrum Tresoar
Yn Nederlân en ek yn Fryslân is fan âlds in soad omtinken foar it beoefenjen fan tinksporten en foar kolleksjes op dat mêd. Tresoar is yn 2018 fan start gien mei it ynrjochtsjen fan in nij kennissintrum: it Denksportcollectiecentrum Tresoar. De fjouwer tinksporten skake, bridge, go en damje (wêrûnder ek Frysk damje) stean dêryn sintraal. De biblioteekkolleksjes fan it Denksportcollectiecentrum en de argiven binne ûnderbrocht yn de ‘Denksportcollectie Nederland, Tresoar’.

Tresoar hat de skaakkolleksje fan Haije Kramer yn hûs, krekt as de damkolleksje fan Geert Bosma. Binnen it lanlike netwurk fan Openbare Bibliotheken mei wittenskiplike stipefunksje, de Plusbibliotheken, fertsjinwurdiget Tresoar al in pear jier it swiertepunt Denksporten. Yn dat ramt is de skaakkolleksje fan de Atheneum-bibliotheek Deventer nei Ljouwert ferhuze.

Yn 2017 is de Bridgekolleksje fan de UB Amsterdam oan Tresoar oerdroegen. Troch de akwisysje fan de kolleksje, by elkoar brocht troch bridgesamlers Jac Fuchs en Bob van de Velde, beskikt Tresoar oer de op ien nei grutste iepenbiere bridgekolleksje op de wrâld (nei de Victoria State Library yn Melbourne, Australië).

Neist boeken en tydskriften beheart Tresoar ek argiven op it mêd fan de fjouwer grutte tinksporten. In tal eardere KB-kolleksjes, nammentlik de skaakargiven fan Niemeijer en Palamedes, it damargyf De Jong en ek it FIDE argyf (1949-1998), binne yn Tresoar ûnderbrocht (dit materiaal is noch net te rieplachtsjen).

Yn 2020 binne argyf en biblioteek fan de Nederlandse Go Bond en fan de European Go Federation fan it eardere European Go Cultural Centre (EGCC) yn Amsterdam nei Tresoar ferhuze (dit materiaal is noch net te rieplachtsjen).

Mei tank oan de Ryksuniversiteit Grins en Provinsje Fryslân

Streektalen en Tsead Bruinja op Europeeske Taledei

Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, mei in presentaasje fan Nijntje yn it Frjentsjerters.

Foto: Tessa Posthuma de Boer

 

Europeeske Taledei wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 80 talen erkend fan mear as 200 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.

Yn Nederlân is der ek in soad taalferskaat en op 26 septimber wurdt dêr omtinken oan jûn mei poëzy en muzyk. Sa sil Tsead Bruinja fertelle oer syn blomlêzing fan poëzy yn de Nederlânske streektalen en klinke it Grinzers, it Biltsk en it Frjentsjerters mei Fieke Gosselaar, Jan de Vries en Liesbeth Terpstra.

It barren hat plak op sneon 26 septimber om 11:00 by gemeente Waadhoeke, dy’t as meartalige gemeente de Europeeske Taledei ek fiere mei in eigen program. Fanwegen de feilichheid is der plak foar in beheind tal publyk en ferplichte oanmelding. It barren wurdt lykwols ek digitaal live útstjoerd fia Waadhoeke. Je kinne it evenemint op dy dei besjen op de website fan de gemeenteried fan Waadhoeke.

 

Continue reading “Streektalen en Tsead Bruinja op Europeeske Taledei”