Eb en Floed: Frysk-Grunneger literêre jûn op Europeeske Taledei by de Fryske Akademy

Om Europeeske Taledei te fieren organisearret it EBLT op 26 septimber by de Fryske Akademy yn Ljouwert in literêre moeting tusken Fryslân en Grinslân. Trije Grunnegerstalige skriuwers en trije dichters út Fryslân sille op dizze jûn yn Ljouwert optrede. De singer-songwriter Gert Sennema, bekend fan de band Westkantstad, sil syn Grunneger nûmers sjonge.

Eb en floed, de see en it waad, binne eleminten dy’t ús taalgebieten ferbine. Op Europeeske Taledei sille jo Grunnegers heare út it easten, it noarden en it westen fan Grinslân, Bildts en Frysk.

De foardrachten op dizze Frysk-Grunneger literêre jûn komme fan Aly Freije, Hein Jaap Hilarides, Sytse Jansma, Tonko Ufkes, Harry van Velsen en Carla van der Zwaag.

Wêr: Fryske Akademy, Doelestrjitte 8, Ljouwert

Wannear: 26 septimber 2019, fan 20.00 oant likernôch 21.30 oere. Ynrin fanôf 19.30 oere.

Tagong: fergees

Continue reading “Eb en Floed: Frysk-Grunneger literêre jûn op Europeeske Taledei by de Fryske Akademy”

Bartelje! Fryske fariant op populêre Baskyske ymprovisaasjekeunst

barteljeKin in geweldich populêre, iuwenâlde poëtyske keunstfoarm út Baskelân ek oanslaan yn Fryslân? Fiif Friezen tinke fan wol en sille it serieus besykje. Op freed 18 maaie om 20.00 oere wurdt yn talepaviljoen MeM yn Ljouwert it projekt ‘Bartelje!’ taljochte. Dan is ek de eksklusive foarpremjêre fan de FryslânDOK-dokumintêre ‘It súksesferhaal fan in minderheidstaal’, oer it Baskyske Bertsolaritza-fenomeen, en de earste stappen fan de inisjatyfnimmers om de ymprovisjaasjefoarm nei Fryslân te heljen. Continue reading “Bartelje! Fryske fariant op populêre Baskyske ymprovisaasjekeunst”

Meartalich evenemint by Tresoar as start kampanje Minority SafePack Initiative

minority
By Tresoar yn Ljouwert wie op 26 septimber in grutte manifestaasje as startsinjaal foar it Minority SafePack Initiative. Tagelyk waard it inisjatyf troch de Deputearre Steaten fan Fryslân en Fryske leden fan it Europeesk Parlemint ûndertekene yn Brussel. Deputearre Sietske Poepjes, kommissaris fan de Kening Arno Brok en Europarlemintslid Jan Huitema wiene dêrby, en ek noch Europarlemintariërs út Roemenië, Hongarije en Itaalje. Troch in live-ferbining koe it tekenjen folge wurde by Tresoar.

DSC_7325 Yn Ljouwert wie de manifestaasje organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), yn gearwurking mei de Federal Union of European Nationalities (FUEN), de Ried fan de Fryske Beweging en it Mercator Kennissintrum. Siart Smit fan Lân fan Taal trape de reeks koarte praatsjes ôf, mei de boadskip ek de wille fan meartaligens te ûnderstreekjen.

Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging en Cor van der Meer fan Mercator holden harren stikje yn it Frysk. Henk Bloemhoff liet it Stellingwerfs troch de seal klinke. Nina Peckelsen fan jongereinorganisaasje YEN wie by de start fan de kampanje yn Roemenië west en fertelde koart oar har ûnderfining. Mei de YEN Bustoer sil der yn’t koart yn Ljouwert ek wer omtinken foar it SafePack frege wurde. Hein Jaap Hilarides

Froukje de Jong, foarsitter fan it EBLT, hold har praatsje yn it Bildtsk. Mei in selskip fan Tryater, ûnder leiding fan Ira Judkovskaja, kamen Russysk en Ljouwerters oan bod. Bildtske sjonger Hein Jaap Hilarides soarge foar muzikaal intermezzo. Sa waard it in werklik meartalich evenemint.

Underwilens hiene de gasten de mooglikheid om te plak it inisjatyf te tekenjen. Yn de Europeeske Uny binne der sa’n 50 miljoen minsken dy’t ta in minderheid hearre. Om harren te stypjen is it Minority SafePack Initiative ûntston. It moat sa folle mooglik ûndertekeners hawwe om jildich te wêzen: op syn minst ien miljoen. Yn Nederlân leit dy drompel op 19,500. Der is noch oan’t april 2018 de mooglikheid om te tekenjen op www.boargerinisjatyf.nl.

Bildtse-Kultuurpriis 2014 toekind an Hein Jaap Hilarides en Hendrik Elings

De Bildtse-Kultuurpriis 2014 is toekind an Hein Jaap Hilarides en Hendrik Elings. Hoewel baide mânly persoanlik hur kulturele spoaren ferdiene, krússe hur pâden ok met regelmaat en binne se fernijend in ‘t werk dat der út ontstaat. De unyke kombinasy fan ‘t weergeven fan Bildtse feergesichten, ‘t brúkken fan de Bildtse taal in skrift en mezyk en ‘t met de publiksays en optredens tot feer bútten de gemeentegrînzen in kontakt bringen fan mînsen met ‘t Bildt(s) waar foor de sjury reden om unanym de priis dut jaar an hur toe te kinnen.
Continue reading “Bildtse-Kultuurpriis 2014 toekind an Hein Jaap Hilarides en Hendrik Elings”