By Tresoar yn Ljouwert wie op 26 septimber in grutte manifestaasje as startsinjaal foar it Minority SafePack Initiative. Tagelyk waard it inisjatyf troch de Deputearre Steaten fan Fryslân en Fryske leden fan it Europeesk Parlemint ûndertekene yn Brussel. Deputearre Sietske Poepjes, kommissaris fan de Kening Arno Brok en Europarlemintslid Jan Huitema wiene dêrby, en ek noch Europarlemintariërs út Roemenië, Hongarije en Itaalje. Troch in live-ferbining koe it tekenjen folge wurde by Tresoar.
Yn Ljouwert wie de manifestaasje organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), yn gearwurking mei de Federal Union of European Nationalities (FUEN), de Ried fan de Fryske Beweging en it Mercator Kennissintrum. Siart Smit fan Lân fan Taal trape de reeks koarte praatsjes ôf, mei de boadskip ek de wille fan meartaligens te ûnderstreekjen.
Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging en Cor van der Meer fan Mercator holden harren stikje yn it Frysk. Henk Bloemhoff liet it Stellingwerfs troch de seal klinke. Nina Peckelsen fan jongereinorganisaasje YEN wie by de start fan de kampanje yn Roemenië west en fertelde koart oar har ûnderfining. Mei de YEN Bustoer sil der yn’t koart yn Ljouwert ek wer omtinken foar it SafePack frege wurde.
Froukje de Jong, foarsitter fan it EBLT, hold har praatsje yn it Bildtsk. Mei in selskip fan Tryater, ûnder leiding fan Ira Judkovskaja, kamen Russysk en Ljouwerters oan bod. Bildtske sjonger Hein Jaap Hilarides soarge foar muzikaal intermezzo. Sa waard it in werklik meartalich evenemint.
Underwilens hiene de gasten de mooglikheid om te plak it inisjatyf te tekenjen. Yn de Europeeske Uny binne der sa’n 50 miljoen minsken dy’t ta in minderheid hearre. Om harren te stypjen is it Minority SafePack Initiative ûntston. It moat sa folle mooglik ûndertekeners hawwe om jildich te wêzen: op syn minst ien miljoen. Yn Nederlân leit dy drompel op 19,500. Der is noch oan’t april 2018 de mooglikheid om te tekenjen op www.boargerinisjatyf.nl.