It Literêr Sirkwy by tentoanstelling Kor Onclin

Op freedtejûn 1 april hâldt Frysk Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear wurdt de jûn organisearre yn gearwurking mei Tresoar. It wurk fan byldzjend keunstner Kor Onclin foarmet de oanlieding. In seleksje út it wurk fan Onclin is te sjen yn de tentoanstelling Ferwûndering & Ûngerêstens yn Obe, poadium foar Fryske kultuer. Ferskate dichters fan RIXT hawwe op útnûging fan Tresoar poëzy skreaun by skilderijen fan Kor Onclin. Guon fan dy gedichten, ynklusyf in pear fan Onclin sels, binne opnommen yn de tentoanstelling.

Kor Onclin (Ljouwert, 1918-2003) wurke yn in lyrysk en abstrakt ekspressionistyske styl. Syn kleurgebrûk is faak oerdiedich. In troch Onclin skildere kop is in lânskip, dêr’t it libben syn spoaren trochhinne lutsen hat. Onclin wie altyd op ‘e syk nei de ferwûndering: it finen en op ‘e nij finen dêrfan. Fan 1978 oant 2002 wennet en wurket er mei syn frou Marleen yn it Frânske doarp Privas yn de Ardèche. Syn kleuren krigen dêr noch mear helderheid, syn styl waard der noch persoanliker en yntinser.

Dichteres Griet Westra skreau in haikû by it skilderij Upside-down út 1995. 

fielst dy sûnder siel
sa blau, dyn wrâld sa readrau
do rinst dwers troch my


Oare dichters fan wa’t poëzy yn de tentoanstelling te lêzen is, binne Tryntsje van der Veer, Edwin de Groot en Syds Wiersma. Sy litte har gedichten op 1 april klinke by de doeken fan Onclin. De dichters Carla van der Zwaag, Mees van Rijswijk, Dêrgjitr en eilândichter fan Skylge, Ina Schroders-Zeeders, binne ek presint. Dêrnjonken fertelt Marleen Onclin it ferhaal fan it libben, de ynspiraasje en de keunst fan har man. 

De Biltske muzikanten Jan de Vries en Ruben Bus meitsje muzyk. In jûn sûnder muzyk is gjin Kor Onclin-jûn. As keunstner socht Onclin de eigen minske- en stimmuzyk. Hy spile boppedat graach jazz. 

De jûn wurdt ôfsletten mei in iepen poadium. Dichters dy’t optrede wolle, kinne har oanmelde by ynfo@rixt.frl

De literêre jûn wurdt mooglik makke troch in subsydzje fan de gemeente Ljouwert.

Datum: 1 april 2022
Plak: Obe, poadium foar Fryske kultuer – Oldehoustertsjerkhôf, Ljouwert
Tiid: 19.30 – 21.30 oere (ynrin 19.00)
Tagong: €5
Oanmelde fia ynfo@rixt.frl

5e Sirkwy sympoasium – 28 maart 2015

Fryslân en de wrâld 2.0
Jonge Friezen mei kulturele ambysje

It biedwurd ‘Fryslân en de Wrâld’ is hast in ieu âld. Yn dat biedwurd lizzen allerhanne idealen besletten dy’t de jonge generaasje fan 1915 neistribbe: it Frysk de algemiene kultuertaal yn Fryslân, Fryske literatuer in selsstannige literatuer, kulturele ferheffing fan it folk, wrâldliteratuer oerbringe yn it Frysk, de blik rjochtsje op Ingelân en Skandinaavje en net op Hollân – en mear.

Yn novimber 1915 rjochte de jonge Douwe Kalma (berne yn 1896) mei in oantal meistanners de Jongfryske Mienskip op om har idealen stal te jaan. De bloeitiid fan de Mienskip as organisearre klub duorre net sa lang, mar it losmakke élan late ta wat algemien de ‘Jongfryske beweging’ neamd wurdt. Continue reading “5e Sirkwy sympoasium – 28 maart 2015”

12 april Sirkwy Sympoasium ‘Alde meuk?’

Foar de fjirde kear is der in literêr sympoasium oer in gearhingjend tema. Yn 2011 en 2012 waarden de lêzingen op mear jûnen hâlden. Ferline jier die bliken dat it foar de measte minsken oantrekliker is om de rige yn ien kear te hâlden op in nijsgjirrch plak.

Dêrom ek yn 2014 in middei mei trije nijsgjirrige lêzingen, ôfwiksele mei muzyk en royaal de gelegenheid om elkoar te treffen en by te praten.

Lêzingen
De 3 lêzingen geane oer it tema ‘klassikers’ –
* wêrom komt it âlde hieltyd werom?
* wa betinkt de literêre proazakanon?
* de Frankfurt-seleksje út ‘10 Books from Friesland’ : in miste kâns? Continue reading “12 april Sirkwy Sympoasium ‘Alde meuk?’”

Pot-ite by poëten

In aksje fan it Literêr Sirkwy mei as tema: sport en iten tidens de âlvestêderintocht.

In rinner – of kuierder – moat goed sportyf wêze, want der sille tidens de âlvestêderintocht hiel wat kilometers fretten wurde moatte. Underweis is it saak om op ‘e tiid wat te iten en foaral te drinken, en jûns hawwe de kuierders ferlet fan in streksum miel en in goed bêd. Mar hoe sit it mei de geastlike stipe?

It Literêr Sirkwy (ûnderdiel fan It Skriuwersboun) heakket tsjinwurdich ek oan by gruttere eveneminten. Fansels is dan de âlvestêderintocht fan 2013 dêr in prachtige gelegenheid foar. Dy kuiertocht begjint tiisdei 7 maaie mei it trajekt Ljouwert-Sleat (49,84 km.). Woansdei 8 maaie  wurdt der rûn fan Sleat nei Warkum (44,91 ), Himelfeartsdei fan Warkum nei Frentsjer (42,37 km.), freed 10 maaie fan Frentsjer nei Dokkum (43,33 km.), en de tocht einicht op sneon 11 maaie mei it lêste stikje fan Dokkum nei Ljouwert (28,57 km.)
Continue reading “Pot-ite by poëten”