Oprop De Fryske Beweging: tekenje petysje foar Frysk boppe-oan op ferkearsbuorden

De Fryske Beweging hat in petysje lansearre om de Provinsje Fryslân derfan te oertsjûgjen dat it Frysk as earste taal op de nije twatalige ferkearsbuorden pleatst wurde moat. De organisaasje wol dêrmei tefoaren komme dat it Frysk – yn syn eigen provinsje – sichtber op it twadde plak bedarret.

Ofbylding fia de Fryske Beweging. Bewurke fan https://nl.wikipedia.org/wiki/Bestand:C2_borden_A28.JPG, beskikber ûnder de folgjende lisinsje.

Yn de hjoeddeiske plannen wol de provinsje it Nederlânsk boppe-oan sette. “In flinke flater,” seit bestjoerslid Pieter de Zwart. Al is dat neffens him net perfoarst it gefolch fan kweade wil. “It Frysk wurdt hjir net om ynhâldlike redenen op it twadde plak set, mar om’t de provinsje op basis fan in dizich advys fan in ferkearspsycholooch de ferkearde kant opstjoerd is.”

De Fryske Beweging wiist derop dat der gjin ferkearstechnysk argumint bestiet om it Nederlânsk foarrang te jaan. Yn oare twatalige regio’s yn Europa – lykas Wales, Skotlân en it Baskelân – stiet de minderheidstaal boppe-oan, sûnder dat der ek mar ien probleem foar de feiligens ûntstiet. De Zwart: “It is hielendal net in saak fan ferkearsfeiligens, mar fan status. Taalpsychologysk besjoen makket it nammentlik wol in grut ferskil: wat boppe-oan stiet, wurdt gefoelsmjittich as de wichtichste taal sjoen.”

Dêrom is it neffens De Fryske Beweging wichtich dat it Frysk yn Fryslân dúdlik te sjen is as de taal dy’t hjir echt thúsheart. “It Nederlânsk hat oeral yn Nederlân al it earste wurd. Lit ús yn Fryslân asjebleaft soargje dat ús eigen taal it plak krijt dat it fertsjinnet.”

De petysje ropt de Provinsje Fryslân op om it ûntwerp fan de twatalige buorden oan te passen en it Frysk as earste taal te brûken. De Fryske Beweging ropt alle Friezen en elkenien dy’t it Frysk in waarm hert tadraacht op om de petysje te ûndertekenjen. Dat kin fia: https://petities.nl/petitions/set-it-frysk-boppe-oan-op-twatalige-ferkearsbuorden-yn-fryslan?locale=nl

Petysje: Besunigings op it Frysk fan tafel!

De provinsje sil op 19 juny beslute oer de taalnota ‘Fansels Frysk’. Dêr steane moaie plannen yn. Dy kinne it Frysk foarút helpe. Mar deputearre steaten hawwe it jild der net foar oer. Se wolle sels besunigje. Dêrtroch steane de ambysjes faai. Tekenje en ferspried dêrom de petysje fan de Rie foar de Fryske Beweging, dy’t it EBLT stipet, en lit jo lûd hearre. Provinsje, kear dit op!

Kearn fan it nije taalbelied is, dat de taalfitaliteit stipe wurde moat. Mar it taalkado en tydskrift ‘Heit & mem’ reitsje in grut part fan de subsydzje kwyt. Beide binne bedoeld om âlden oan te moedigjen de Fryske taal oan harren bern troch te jaan. Mercator, dy’t de provinsje helpt om Europeesk ûndersyksjild nei de provinsje te heljen foar taalûndersyk, ferliest sels de folsleine strukturele subsydzje. De Stellingwarver Schrieversronte wurdt flink koarten op de subsydzje, en sawol de Fryske Rie as de Rie foar de Fryske Beweging rikke al harren jild kwyt. Ek oare besunigingen binne net te rymjen mei de ambysjes foar taalfitaliteit.

De provinsje hat ferskate finansjele tafallers hân, mar hâldt no ynienen de hân op de ponge. Yn 2026 is der wer jild. Dêrom freegje wy:

  • Provinsjale steaten soene beslute moatte om no net te besunigjen, mar de tafallers te brûken.
  • Praat earst mei de belutsen organisaasjes om te sjen, hoe’t se mei de provinsje ta in oplossing komme kinne. Want dat is oant no ta noch net bard!

Tekenje de petysje

Alle Fryske organisaasjes, wêrûnder it EBLT, lûke tegearre op om dit te kearen. Jo stim hjiryn is och sa wichtich. It lêste wurd is oan Provinsjale Steaten. Lit jo lûd heare en tekenje de petysje: https://www.petities.com/besunigings_op_it_frysk_fan_tafel

Ofbylding fan freepik

Petysje oan de Twadde Keamer fan Bildts Aigene: Erkin de Bildtse taal!

De foarkant fan de Bildtse Post fan 25.1.2017
De foarkant fan de Bildtse Post fan 25.1.2017

Met deuze petisy wil Stichting Bildts Aigene de Tweede Kamer frage om de Bildtse taal te erkinnen. Bilkerts binne trots op hur taal. ‘t Is de taal fan ôns hart en hoort bij ôns geskidenis, ôns indentiteit, ôns landskap en ôns mintaliteit. Teken dêrom deuze petisy!

Wij

Stichting Bildts Aigene, de inweuners fan de gemeente ‘t Bildt en de Bilkerts om ferens.

constateren

  • ‘t Bildts is gyn Frys, gyn Nederlâns, maar ‘n mingtaal met aigen idioom en woordeskat.
  • Op ‘t Bildt beleve wy ‘t Bildts as ‘n folweerdige taal.
  • Ons gemeente gaat an ‘t eand fan ‘t jaar op in ‘e gemeente Waadhoeke. Fuzys binne selden goed foor klaine talen.Om ‘t Bildts goed te beskermen is deur ôns gemeente en ‘e prevînsy Frysland an de minister froegen om ‘t Bildts de status fan offisjeel erkinde taal te geven. Dut fersoek is naar ôns mening onterecht ôfwezen.

Wij frage derom de Tweede Kamer as hoogste politike orgaan om sels nag ‘s goed naar ‘t Bildts te kiken, los fan foorspelbere advizen. Ons fersoek aan jou is: Erkin ôns taal.

Omrop Fryslân makke op 25 jannewaris in radio- en tv-reportaazje oer de Petysje fan Bildts Aigene.