Presintaasje blomlêzing “Naar gelang het Noorden”

Takom moandei, 3 july 2023, om 16.30 oere, sil yn it Provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert, deputearre Sietske Poepjes it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme fan de brosjuere “Naar gelang het Noorden”. Der sille ek in tal gedichten út de bondel foardroegen wurde.

tsien renommearre Fryske dichters.

Yn dit lytse boek wurdt in skets jûn fan it wurk fan tsien renommearre Fryske dichters, mei gedichten fan Piter Boersma, Tsead Bruinja , Eppie Dam, Elske Kampen, Elmar Kuiper, Aggie van der Meer, Jacobus Q. Smink, Abe de Vries, Nyk de Vries en Cornelis van der Wal. De blomlêzing is gearstald troch in wurkgroep fan fiif leden fan it Skriuwersbûn, wurdt útjûn troch útjouwerij De Ryp en is fan nije wike ôf te keap.

oanbieding P.C. Hooft-prijs

De blomlêzing is ûndertusken troch de wurkgroep oanbean oan it bestjoer en de sjuery fan de stichting P.C. Hooft-prijs. Dy sjuery is krekt begûn mei har wurksumheden, dy’t liede sille ta de foardracht fan in winner fan dizze Nederlânske oeuvrepriis. Yn maaie 2024 wurdt de priis takend oan in (Nederlânsktalige of Frysktalige) dichteres of dichter.

programma

  • Fan 16.30 ynrin, kofje en oranjekoeke yn de besikersromte fan it provinsjehûs
  • 16.45 nei de histoaryske Steateseal
  • Wolkomstwurd troch foarsitter Willem Verf fan it Skriuwersbûn
  • Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
  • Martsje de Jong jout út namme fan de wurkgroep in koarte presintaasje fan de ynhâld fan de brosjuere en oerlanget oanslutend it earste eksimplaar oan de Deputearre
  • Reaksje fan Sietske Poepjes
  • Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
  • Ôfsluting troch útjouwer Hille Faber

“Naar gelang het Noorden”

  • Taal: Frysk & Nederlands
  • siden: 74
  • priis: €12,50
  • útjouwer: De Ryp

    Útnûging: Stoomkursus Fryslânkunde yn Provinsjehûs

    Op tongersdei 23 febrewaris 2017 jout Bert Looper, direkteur fan Tresoar, yn it Provinsjehûs in stoomkursus Fryslân-kunde.
    Ankom jier wurde hûnderttûzenen besikers yn it ramt fan Leeuwarden-Fryslân 2018 yn Fryslân ferwachte.

    Detail fan brievehaad busbedriuw Albert v.d. Mei (foto: Tresoar)
    Detail fan brievehaad busbedriuw Albert v.d. Mei (foto: Tresoar)

    Mar binne de Friezen der klear foar? Witte se foldwaande oer de skiednis fan harren eigen provinsje? Kinne se de fragen fan al dy gasten beäntwurdzje? Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum, wol elkenien graach byprate oer de nijste ynsichten yn it ûntstean en de ûntwik-keling fan Fryslân. Yn in wiere ‘stoomkursus’ wurde de dielnimmers foarsjoen fan foldwaande bagaazje om as ambassadeur fan Fryslân it jier 2018 troch te kommen.
    De kursus bestiet út ferskate eleminten. Continue reading “Útnûging: Stoomkursus Fryslânkunde yn Provinsjehûs”