Op tongersdei 23 febrewaris 2017 jout Bert Looper, direkteur fan Tresoar, yn it Provinsjehûs in stoomkursus Fryslân-kunde.
Ankom jier wurde hûnderttûzenen besikers yn it ramt fan Leeuwarden-Fryslân 2018 yn Fryslân ferwachte.

Mar binne de Friezen der klear foar? Witte se foldwaande oer de skiednis fan harren eigen provinsje? Kinne se de fragen fan al dy gasten beäntwurdzje? Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum, wol elkenien graach byprate oer de nijste ynsichten yn it ûntstean en de ûntwik-keling fan Fryslân. Yn in wiere ‘stoomkursus’ wurde de dielnimmers foarsjoen fan foldwaande bagaazje om as ambassadeur fan Fryslân it jier 2018 troch te kommen.
De kursus bestiet út ferskate eleminten.
Bert Looper hâldt in ‘powerkolleezje’ oer de identiteit fan Fryslân troch de iuwen hinne. Hy stiet benammen stil by de fassinearjende dynamyk yn de Fryske skiednis. Mei in kwis wurdt de kennis fan de dielnimmers nochris fergrutte en by eintsjebeslút binne der foar de djipgravers noch nuttige tips foar fierdere ferdjipping en oriïntaasje. Eltsenien krijt oan de ein fan de stoomkursus in sertifikaat útdield: jo binne der klear foar!
Plak en tiid
De stoomkursus is op tongersdei 23 febrewaris 2017 yn it Provinsjehûs, Twibaksmerk 52, Ljouwert. De ynrin is tusken 12:00 en 12:30, hy begjint om 12:30 en duorret omtrint in oere.
De kursus is yn it Frysk, de tagong is fergees.
Jo binne fan herte wolkom.