Claudia Crabuzza en Claudio Gabriel Sanna fan Sardinië

Soad mediabelangstelling foar earste edysje fan Liet International yn Gijón/Xixón yn Spanje

Op sneon 1 desimber is it Europeeske minderheden sjongfestival Liet International foar it earst yn Spanje,  yn it grutte teater Laboral Ciudad de la Cultura (Kultuerstêd) yn de Astueryske havenstêd Gijón/Xixón. Liet International 2012 presintearret lykas wenst alve finalisten yn alve minderheidstalen. Dit jier binne dat de talen Astuerysk, Baskysk, Bretonsk, it Katalaansk fan Sardinië, Korsikaansk, Friûlysk, Frysk, Skots Gaelic, Platdútsk, Sámi en Oedmoertysk út de Russyske Federaasje. Sjonge yn it Ingelsk, Frânsk of Spaansk is op Liet International net tastien. Liet International is yn 2002 ûntstien yn Fryslân mei as doel om muzyk yn minderheidstalen, en ek dy talen sels, te promoatsjen.

Op woansdei 28 en tongersdei 29 novimber reizget in stevige Fryske delegaasje nei Astuerië om Liet International by te wenjen en yn goeie banen te lieden. Dy delegaasje bestiet ûnder oare út de Fryske band Yldau, de winner fan Liet 2012, en fierder út bestjoersleden en meiwurkers fan Stichting Liet International. Beart Oosterhaven fan Wjelrsryp, âld-bestjoerslid fan Stichting Liet, sil yn  Gijón/Xixón optrede as sjueryfoarsitter. Stichting Liet International is bliid dat Liet International nei eardere edysjes yn Fryslân, Sweedsk Laplân, Bretanje en Friulië no foar  it earst op it Ibearysk skiereilân plakfynt. Mei al it taalkundich en muzikale ferskaat is Spanje in goeie lokaasje foar Liet International. Stichting Liet International is der dan ek goed oer te sprekken dat it regear fan Astuerië it inisjatyf naam hat om Liet International nei Spanje te heljen yn in tiid dat Spanje en ek Astuerië it ekonomysk net maklik hawwe.

Liet International kin ek dit jier wer rekkenje op grutte belangstelling fan de media. It festival wurdt yn Astuerië live útstjoerd troch de regionale tv-stjoerder RTPA. Deselde stjoerder sil it programma sneontejûn ek as fideostream sjen litte op har website www.rtpa.es. It Astueryske tv-programma wurdt ek útstjoerd troch Euskal Telebista (Baskelân) en France 3 Via Stella (Korsika). Oare tv-stjoerders dy’t Liet International bywenje sille binne ûnder oare Al Jazeera, CNN, Euronews, NRK (Noarwegen) en Omrop Fryslân.

De seleksjesjuery fan Liet International en de partners fan Liet International hawwe mei-inoar wer soarge foar in bysûnder dielnimmersfjild. Sa is der op Liet International 2012 foar it earst in dielnimmer út namme fan de Katalaanske minderheid op Sardinië. It Katalaanske ferske wurdt songen troch Claudia Crabuzza en Claudio Gabriel Sanna, de winners fan sjongfestival Suns in Udine. Ek opmerklik is it meidwaan fan it 17-jierrige sjongtalint Inger Karolina Gaup út it Sámidoarpke Maze yn Noarwegen. Sy wûn dit jier de Sámi Grand Prix en hie earder ek al in hit op de Noarske radio. Oare sterke dielnimmers binne ûnder oare de Baskyske band Enkore, dy’t yn Baskelân al alle prizen pakte dy’t dêr wûn wurde kinne en de Korsikaanske band Dopu Cena, de polyfonyske earste winners fan Liet Corsica. Stichting Liet International is ek grutsk op Yldau, de formaasje fan de twa talintfolle sjongeressen mei deselde prachtige foarnamme.

Liet International bestiet al tsien jier. It sjongfestival is in Frysk inisjatyf, dat ûntstie by it tsienjierrich bestean fan sjongfestival Liet. Sûnt 2006 reizget Liet International troch Europa. Yn Astuerië wurdt it sjongfestival organisearre troch de Astueryske oerheid yn oparbeidzen mei Stichting Liet International. It kontakt mei Astuerië ûntstie yn 2008 doe’t de Astueryske band Dixebra in soad yndruk makke yn de Noard-Sweedske stêd Umeå. It is dêrom logysk dat Dixebra – bûten kompetysje – in gastoptreden fersoarget op Liet International 2012.

Liet International wurdt organisearre ûnder it beskermhearskip fan de siktarisgeneraal fan de Ried fan Europa yn Straatsburch. It festival wurdt dêrom ek bywenne troch in delegaasje fan dy ried ûnder lieding fan Alexey Kozhemyakov, it haad fan it sekretariaat fan it Europeeske Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen.

Foar Liet International 2012 hat de seleksjekommisje de folgjende dielnimmers selektearre:

– Brian Ó hEadhra, Gaelic singer songwriter út Skotlân (Feriene Keninkryk).
– Enkore, Baskyske rockband út Bilbao (Spanje).
– IB&4CP – Ivan Belosludtsev & 4 Cheber Pios, Oedmoertyske band (Russyske Federaasje ).
– Lleuwen, Bretanje (Frankryk).
– The Voodoolectric, Platdútske band út East Fryslân (Dútslân).

Seis oare bands hawwe harren kwalifisearre foar Liet International 2012 troch in sjongfestival yn har part fan Europa te winnen. Dizze bands binne:

– Asturiana Mining Company, winner fan de Premiu al Meyor Cantar,  Astuerië (Spanje).
– Inger Karoline Gaup, winner fan de Sámi Grand Prix, Sápmi (Noarwegen).
– Yldau, winner of Liet 2012, Fryslân (Nederlân).
– Dopu Cena, winner fan Liet Corsica, Korsika (Frankryk).
– Claudia Crabuzza en Claudio Gabriel Sanna, winners fan sjongfestival Suns, Katalanen fan Sardinië (Italië)
– Jo No Kognos, winners fan de publykspriis fan Suns, Friuli (Italië)

Liet International 2012 wurdt live útstjoerd op tv en ynternet troch de Astueryske tv-stjoerder RTPA. Wa’t it festival net bywenje kin, kin Liet International dit jier on-line folgje op www.rtpa.es, de site fan de Astueryske omrop. Liet International begjint om 21.15 oere. Oan de ein fan it programma wurde twa prizen útrikt. In ûnôfhinklike sjuery ûnder foarsitterskip fan Beart Oosterhaven sil de winner útkieze dy’t it bêste foldocht oan de formule: It bêste live presintearre nije ferske yn in Europeeske minderheidstaal. It publyk kin wer stimme foar de publykspriis. Dit jier kin dat op sneontejûn op website www.liet-asturies2012.com

Liet International is ek warber op ynternet en sosjale media. Je kinne Liet International op de folgjende platfoarms fine en folgje:.
www.liet-international.com (side fan Stifting Liet International
www.liet-asturies2012.com (side fan Liet International 2012 mei alle ferskes en lietteksten)
Liet International is ek aktyf op Facebook (www.facebook.com/liet.international) en Twitter (www.twitter.com/liet2012)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *