Fryske film Merke Blues nei Minority Film Festival yn Husum

I
It affisje fan de Wergeaster produksje Merke Blues

De Fryske film ‘Merke Blues’ is op 22 novimber te sjen op it European Minority Film Festival yn Noardfryslân yn Dútslân. Op it festival foar minderheidstalen yn de stêd Husum wurde ûnder it biedwurd ‘Große Filme kleiner Völker’ (Grutte films fan lytse folken) ûnder oare films út Baskelân, Denemarken en Slowakije te sjen. ‘Merke Blues’ is foar it grutste part makke troch frijwilligers út Wergea en omkriten en gie op 18 maaie fan dit jier yn premjêre. De film makket no kâns op in priis fan it festival, mar de makkers sizze it benammen in eare te finen om útnoege te wurden/ Om de fertoaning fan ‘Merke Blues’ yn it bûtenlân mooglik te meitsjen is de film foarsjoen fan ûndertitels yn it Ingelsk. Yn it Ingelsk hat de film de titel ‘Fairground Blues’ krigen.

It Minority Film Festival is ien fan de lytste filmfestivals fan Europa en wurdt organisearje troch de Friisk Foriining yn oparbeidzjen mei it Kino Center Husum. Op it filmfestival wurde allinich films yn echte minderheidstalen fertoand. Op eardere edysjes wiene films te bewûnderjen yn ûnder oare it Ladinysk, Nenets, Retoromaansk en Sami. Diit jier binne der films te besjen yn it Baskysk, Frysk, Roma en Súdjutlânsk, in fariant fan it Deensk. Alle films wurde fertoand mei ûndertitels, sadat de orizjinele talen goed te genietsjen binne.

De Fryske bijdrage Merke Blues is in leafdesferhaal tsjin de achtergrûn fan de Wergeaster merke. De Baskyske spylfilm ‘Urteberri on, Amona’ (Lokkich nijjier, beppe) is in swarte komeedzje oer it fergese besykjen fan in famylje om de lestige beppe yn in âldereintehûs ûnder te bringen. De nijsgjirrige film ‘Cigan’ (‘Zigeuener’) giet oer it lot fan in jonge Roma-jonge yn Tsjechië dy’t mei earmoed en diskriminaasje omgean moat. De Deenske film hjit „Kunsten at græde i kor“ (De Keunst yn it koar te gûlen). It filmfestival wurdt op tongersdei 24 novimber iepene troch in taspraak fan Renate Schnack, de minderheden-belangebehertiger fan it lân Sleeswyk-Holtstein. It festival wurdt op sneon 24 novimber ôfsletten mei in gala-jûn mei filmprizen – sjuerypriis en publykspriis – en live-muzyk.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *