It nije Fryske Bûsboekje leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: Taal. Hjirmei slút it Bûsboekje oan by ‘Lân fan Taal’; ien fan ‘e grutte ktiviteiten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd fan Europa LF2018.
Leafde foar taal. De Bûsboekjeredaksje hat besocht dat yn byld en wurd te fangen. Jo sjogge wurdwolken fan âlde en nije wurden en kinne lêze oer minsken dy ‘t mei taal wurkje. In spesjaal plak romje wy yn foar de taal fan minsken dy’t it gehoar misse. Op alle siden stiet dêrom in stikje gebeartetaal. Yn it Bûsboekje steane ek in tal LF2018 aktiviteiten oankundige. In fêst plak hawwe de sizwizen, diskear ek yn Fryske streektalen en sels ien yn it Griinslanners.
It Fryske Bûsboekje 2018 is de trijenfjirtichste útjefte. Sûnt 1975 hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging.
Fan it Bûsboekje 2017 binne der 3515 stiks ferkocht. Sûnt de start binne der neffens ús berekkeningen sawat 210.000 Bûsboekjes ferkocht. Dêrmei it it Bûsboekje it bêst ferkochte Fryske boek.
De ôfrûne wike is it Bûsboekje 2018 troch ús frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. Ek op guon plakken bûten Fryslân is it Bûsboekje te keap, en fia it webstek kin ek besteld wurde.