DINGtiid: “Poepjes, pak de swipe foar it Frysk”

dingtiid-1 Op papier doge de ôfspraken oer it Frysk, yn ‘e praktyk hâldt gjinien him der lykwols oan. De konklúzje fan DINGtiid orgaan foar de Fryske taal is dan ek dat der in ‘Taalskipper’ nedich is. Immen dy’t stjoert op eigenerskip en it neikommen fan de ôfspraken. Deputearre Sietske Poepjes joech ferline jier oan dy rol graach yn te foljen. DINGtiid soe graach sjen dat provinsje Fryslân no mear foarm en ynhâld oan dy rol jout.

Untbrekken taalskipper
Yn 2015 en 2016 brocht DINGtiid seis advizen út.It swiertepunt lei op it advys ‘Feroaring en ferbettering’ dat minister Ronald Plasterk fan Ynlânske Saken yn septimber 2015 yn ûntfangst naam. Yn dat advys seit DINGtiid mei klam dat de útfiering fan de Taalwet op alle oerheidsnivo’s sterk ferbettere wurde moat. ,,It ûntbrekt oan stjoer op de ôfspraken oer it neilibjen fan de Taalwet en ek lanlik wurdt net genôch rekken holden mei de ‘Wet gebruik Friese taal’. Der leit yn teory in goede ynfrastruktuer foar it Frysk,mar der wurdt gjin koers útset foar wêr’t de Fryske taal oer fyftjin jier stean moatte soe en hoe’t dy doelen berikt wurde kinne. Us advys is dêrom om in langetermynfisy op te stellen”, seit vice-foarsitter Tytsy Willemsma fan DINGtiid.

Oerlis mei minister Plasterk
Rom in jier nei it útbringen fan it advys ‘Feroaring en ferbettering’ gie DINGtiid yn novimber 2016 mei minister Plasterk en deputearre Sietske Poepjes om tafel. Poepjes waard dêr oanwiisd as ‘Taalskipper’. De minister hat de provinsje doe ek fersocht om in oerlisstruktuer op te setten dêr’t alle bestjoersorganen, dy’t ûnder de nije Taalwet falle, by oanskowe om te praten oer de útfiering fan de nije Taalwet. De minister sei by dat petear ek ta dat er alle Fryske bestjoersorganen oantrune soe om de Taalwet mei faasje út te fieren.

Fersnipeling Frysk yn it ûnderwiis
De fokus fan DINGtiid lei yn 2016 op de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis. Dat resultearre yn it advys ‘Meartaligens as doel en kwaliteit’. Taalskipper en deputearre Poepjes naam it rapport begjin 2017 yn ûntfangst. Yn it rapport wurdt oan de iene kant steld dat meartalich ûnderwiis kânsen biedt foar it Frysk. Oan de oare kant wurdt opnij dúdlik dat it ek yn it ûnderwiis oan stjoer ûntbrekt om de ôfspraken oer it Frysk nei te libjen.

Hoe no fierder yn 2017?
DINGtiid wol mei deputearre Poepjes en wethâlders om tafel foar de ymplemintaasje fan it Taalskippersadvys. Fierder wolle wy mei it nije kabinet ôfspraken meitsje oer in jierliks op te setten oerlis mei Ryk en provinsje oer de útfiering fan de Taalwet.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *