De oanmoedigingspriis (250 euro) fan it Bûsboekje foar in dielnimmer oan it Ljouwerter “The 48 Hour Film Project Leeuwarden 2016” dy’t it measte docht mei it Frysk of oare streektaal, is útrikt oan it filmkollektyf “Melkbaard” foar har produksje “út ‘e Grûn”. It tema fan it Bûsboekje 2017 is ‘FILM YN FRYSLAN’. De redaksje fan it Bûsboekje wol mei dizze aksje stimulearje dat jonge filmmakkers ûntdekke datst yn in lytse taal ek hiele moaie en suksesfolle films meitsje kinst. Ut ‘e Grûn is te sjen op YouTube.: Fan Melkbaard krige it Bûsboekje de folgjende reaksje: “Tige grutsk binne wy mei de priis foar de meast kreative bydrage yn it Frysk. Wy woene graach it filmke yn it Frysk meitsje omdat it fan de measten yn ús team de memmetaal is. De taal stiet ticht by ús wat ek helpt by it aktearjen. Hooplik sille der kommend jier mear ynstjoeringen yn’t Frysk wêze foar 48HFP! Tige by tige. It Bûsboekje 2017 (edysje 42) leit te keap yn boekhannels rûnom yn ‘e provinsje. |