Skriuwersboun jout ‘Nearnewâld’ oan alle eksamenstudinten Frysk

It Skriuwersboun, de feriening fan en foar Fryske Skriuwers, Oersetters, Sjoernalisten en oare Publisisten, jout alle learlingen fan middelbere skoallen dy’t dit jier it Frysk eksamen dogge in kado.

Hja krije it jubileumboek ‘Nearnewâld’, mei bydragen fan 45 skriuwsters en skriuwers. Laurens Bontes makke in tekening fan in tinkbyldich Frysk doarp mei allerhanne nijsgjirrige details. By dy tekening makken de auteurs koarte ferhalen en gedichten, meast yn it Frysk, mar ek yn oare yn Fryslân sprutsen talen. Yn 2019 bestie it Boun fyftich jier, en dat waard fierd mei û.o. dizze spesjale útjefte. It boek biedt in prachtich priuwke fan wat de leden fan it Boun kinne, in stalekaart fan de aktuele Fryske literatuer. Krekt wat foar de jongerein dy’t aardichheid hat oan it Frysk en ek doart te kiezen foar it Frysk as fak!

It Boun hat by útjouwerij Elikser 200 boeken by printsje litten. De boeken wurde oanbean op de dei dat de Fryske eksamens ôfnommen wurde, op 31 maaie en 1 juny. It earste eksimplaar wurdt oanbean by Skoallemienskip Liudger yn Burgum op 31 maaie, oan de earste learling dy’t klear is mei har of syn eksamen.

Wêrom dêr yn Burgum de earste útrikking? Liudger hat de measte learlingen mei Frysk yn har pakket, wol 54! Dat komt wierskynlik omdat by Liudger ek de klassen 2 en 3 standert Frysk oanbean krije. It Frysk bliuwt sa foar de measte learlingen in fertroud fak, mei likefolle status as oare fakken, en dan is it ‘normaler’ om dat as eineksamenfak te kiezen.

Mar ek yn Boalsert, Ljouwert, Drachten, Surhústerfean, Frjentsjer, Snits, Koudum en Dokkum kieze learlingen foar Frysk, nammentlik op it Marne College, Stedelijk Gymnasium Ljouwert, !Impulse Ljouwert, Ljouwerter Lyseum, Drachtster Lyseum, Singelland, Csg Anna Maria van Schuurman, Csg Bogerman, Dockinga. Ek op dy skoallen krije dy beide dagen de learlingen mei Frysk har fergeze boek.

Foto: It skriuwersboun. Yllustraasje troch Laurens Bontes

Ienakterfestival Kört & Goed giet deur: anmelden kan tot 15 juni 2021

Aal twei jaor organiseert streektaolorganisatie Huus van de Taol het ienakterfestival Kört&Goed. De opzet is aal maol hetzölfde: op zien hoogst twaalf ienakters wordt op drei aovenden op drei verschillende plekken in Drenthe speuld. Dit jaor veur het eerst in openluchttheaters. Een jury beoordielt wat der op de plaanken bracht wordt. De winnaars van de drei veurrondes én de beste tweide gaot deur naor de finale.

Op zaoterdag 14 augustus is de eerste veurronde in het openluchttheater van Anloo. Dan gaow op vrijdag 20 augustus naor Aalden en een dag later staow in Rune. De finale is op vrijdag 10 september 2021 in openluchttheater Tivoli in Assen. Het festival begint aal um 20.00 uur.

Wel kan metandoen

Elkenien die in groepsverband aordigheid hef an tenielspeulen kan zuch anmelden om metan te doen. De grootte van de groep is niet belangriek, wál of de groep ok op het podium – op anderhalve meter – past. Op www.huusvandetaol.nl/ stiet meer informatie; ok over beschikbaore tenielstukken. De dielnimmers hebt recht op deskundige hulp op het gebied van de Drentse taol en understeuning bij de regie (via het Huus van de Taol).

Foto: Huus van de Taol

Anmelden

Zes tenielgroepen hebt zuch al anmeld. Daor wil we geern nog zes bij hebben. Anmelden kan deur een mail te sturen, veur 15 juni 2021, naor info@huusvandetaol.nl

Tomke bestiet 25 jier

Troch it iepenjen fan it spesjale Tomke-feestkofferke is juster op pjutte-opfang It Healtsje yn Jobbegea op feestlike wize it startsein jûn foar de jubileumaktiviteiten om it 25-jierrich bestean fan it Fryske pjutte-freontsje Tomke hinne. It Tomke-feestkofferke is in kadootsje fan Tomke foar alle pjutteboartersplakken en berne-opfangplakken yn Fryslân. Mei de ferskillende boekjes en materialen út it kofferke kinne de liedsters mei de bern in feestje fiere én oan de slach mei it tema ‘tiid’.


Wa yn Fryslân ken Tomke net? It fleurige jonkje belibbet mei syn hûntsje Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de kangeroe prachtige aventoeren dêr’t alle pjutten gek op binne. Underwilens binne der al heiten en memmen dy’t eartiids sels de Tomke-ferhaaltsjes foarlêzen krigen en no de boekjes oan harren eigen bern foarlêze. It bekende giele boekje dêr’t it 25 jier lyn allegear mei begûn, wurdt noch alle jierren makke en tradisjoneel útdield yn de jierlikse Fryske Foarlêswike oan sa’n 12.500 Fryske pjutten.


Yn de rin fan de jierren is it Tomke-projekt hieltyd fierder útwreide. ‘Dat giet fan rigeboekjes en filmkes op telefyzje oant hânpoppen en fan metoades foar it foarskoalsk ûnderwiis oant bôletrompkes en apps’, laket Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk fan de Afûk: ‘Tomke is hiel divers en leechdrompelich en biedt in breed en oantreklik oanbod foar sawol heiten en memmen en pakes en beppes as foar profesjonele opfieders om mei pjutten talich dwaande te wêzen.’

Tomke-feestkofferke op pjutteplak it Healtsje. ©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf


Feestlike aktiviteiten en produkten
Om it 25-jierrich jubileum fan Tomke hinne binne foar dit jier ferskillende nije materialen en aktiviteiten ûntwikkele: it Jubileumboekje ‘Tomke syn jierdei’, it Tomke-feestkofferke foar pjutteboartersplakken en berne-opfang, in feestlike Tomke-toer, nije Tomke-ferskes, Tomke yn de biblioteek, de Tomke-skriuwwedstriid, Tomke op telefyzje: nije ferhaaltsjes én ‘út de âlde doaze’, it jierdeifeestje fan Tomke op 18 septimber yn Bûtenpost en in nij Tomke-temaboekje foar de Fryske Foarlêswike (27 septimber oant en mei 1 oktober). Sjoch foar mear ynformaasje oer Tomke en de jubileumaktiviteiten op www.tomke.frl.


Oer it Tomke-projekt
Tomke is it foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar bern yn de foarskoalske perioade (2 oant 4 jier). It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. De ferhaaltsjes oer Tomke en syn freontsjes slute oan by de belibbingswrâld fan pjutten en soargje sa dat it Frysk op in boartlike wize stimulearre wurdt.


Sûnt 1996 foarmje in tal Fryske organisaasjes mei-inoar de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS (út namme fan de biblioteken yn Fryslân). It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO), Cedin en Omrop Fryslân soargje foar promoasje en fersterking. Dêrneist organisearret it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse alle jierren de Fryske Foarlêswike. It Tomke-projekt wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan de provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.

Waddenhoek fynt meertalighydskoördinator in Gerard de Jong

Gerard de Jong út Luwt gaat in de gemeente Waddenhoek an ‘e gang as meertalighydskoördinator. Om de fier talen in de gemeente de juste plak, andacht en sichtberens te geven, is d’r behoefte an ‘n sterke en stabile ferbining met partners in ‘t feld. ‘n meertalighydskoördinator kin hier foor sorge.

Gerard de Jong (1979, St.-Annaparochie) is op dut stoit nag hoofdredakteur fan de Bildtse Post. Fan 1 juny ôf sil hij in syn nije funksy ‘n sinjalerende, stimulerende en ferbinende rôl speule bij bestaande en ontlúkkende taalinisjativen. Dernaast gaat hij ‘t taalfeld in Waddenhoek ferteugenwoordigen en hur belangen behartigen in ‘t netwerk fan relevante overheden en provinsjale, landlike of Europese taalorganisasys.

Robuust taalnetwerk

“Ik bin d’r och soa wiis met dat Waadhoeke ’t fertrouwen in mij stelt as eerste meertalighydskoördinator, omdat ik dink dat deuze funksy mij op ‘t liif skreven is. Waadhoeke is met hur rykdom an taal ’n unike gemeente; ’n rykdom die’t wij koestere en feerder útbouwe wille. ’t Is myn taak om – tegaar met de enthoesjaste taalpartners fan ’t Bildts, Franekers, Frys en ’t maatskaplik feld – meertalig Waadhoeke naar ’n hoger plan te tillen. ’n Robúst taalnetwerk, meer andacht foor de klaine talen op skoal en ’t fergroaten fan de sichtberhyd en diversiteit an talen: dat is ’t doel. Soadat elke beweuner fan Waadhoeke hur frij foelt om de aigen taal – welke dat ok maar is – te brúkken,” zegt De Jong.

Meertalighyd behouwe en fersterke

Waddenhoek is groats op hur meertalighyd en wil deuze behouwe en fersterke. Se streeft na meer gebrúk fan ‘t Frys, Bildts en Franekers in ‘n gemeente en gemeenskap wer’t ’t gewoan is om deuze talen naast- en deurnander te brúkken. De gemeente werkt hieran in nauwe samenwerking met allegaar partners, weronder Stichting Bildts Aigene, Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers, Afûk, Bibletheken Noord Fryslân en ‘t (basis)onderwiis (Taalplatform Waadhoeke). D’r wort ansloaten bij de ambisys fan de provînsy Frysland op taalgebied.

De funksy fan de meertalighydskoördinator is foor ‘n perioade fan fier jaar en wort met-mooglik maakt deur subsidy fan de provînsy Frysland.

Omrop Fryslân komt mei in nij lûd op de radio

Fjouwer folslein nije en diels fernijde programma’s, oanpaste tiden en oare presintatoaren op oare mominten: Omrop Fryslân komt oer goed twa wiken, op moandei 31 maaie, mei in nije radioprogrammearring op wurkdagen.

Bêst beharke stjoerder

Omrop Fryslân heart al jierren by de bêst beharke stjoerders fan Fryslân. “It oantal radiostjoerders is de lêste jierren fansels wol bot tanommen,” seit Ingrid Spijkers. “Mar tagelyk sjogge wy dat der net ien stjoerder is dy’t alle dagen safolle Friezen berikt as Omrop Fryslân. Troch no te kommen mei in frisse en prikkeljende nije programmearring ferwachtsje wy dat wy ús merkoandiel ek stadichoan wer groeie sil.”

Nije jingles en nije slogan

Omrop Fryslân klinkt mei yngong fan 31 maaie ek letterlik nij: tagelyk mei de nije programmearring wurdt in hiel nij pakket oan jingles en tunes yn gebrûk nommen, mei ek in nije slogan: “Alles wat der spilet”.

“Dat is yn in pear wurden wat Omrop Fryslân radio dwaan wol”, ferklearret Ingrid Spijkers. “Breed hearre litte wat der spilet yn Fryslân, nijs, sport, kultuer, polityk, eftergrûnen én dat ôfwikselje mei noflike muzyk. En dêrby is eltsenien wolkom, fan jong oant âld. Wês wolkom, ofwol sa’t in protte Friezen by de doar sizze: Kom (mar) fierder!”

Plombrief fan Ried fan de Fryske Beweging foar taalbelied gemeente Achtkarspelen

De Ried fan de Fryske Beweging stjoert geregeld Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t it Frysk brûke. Op 18 maaie krige de gemeente Achtkarspelen in ‘plom’ fan de Ried, om’t de gemeente Achtkarspelen inkele kearen sjen litten hoe’t in gemeente Frysk taalbelied yn ‘e praktyk stal jaan kin. De Ried fan de Fryske Beweging, dy’t him ynset foar it Frysk, stelt dat tige op priis.

Wêrom in plom?
Yn in protte gemeenten bliuwt Frysk taalbelied beheind ta moaie wurden foar de Bühne, sûnder de praktyske ynfolling dy’t derby heart. Mei in ynspirearjend taalbelied en troch it brûken fan it Frysk op ferskate gemeentlike nivo’s te stimulearjen en sichtber te meitsjen, lit Achtkarspelen sjen dat it ek oars kin.

Frysk foar ynboargering
Mei twa resinte aksjes makke de gemeente dúdlik dat it him tinken is mei it yn praktyk bringen fan Frysk taalbelied. Sa waard yn de ried in moasje fan de FNP oannommen om it regear yn De Haach te freegjen ryksjild ta te kennen foar de ynboargering fan statushâlders. “Trochdat ynwenners fan in plattelânsgemeente as Achtkarspelen foar it grutste part Fysktalich binne, merke wy dat it ferstean fan it Frysk in mearwearde hat foar in flotte yntegraasje en partisipaasje fan asylsikers binnen de mienskip”, skreau boargemaster Oebele Brouwer yn in brief oan minister Koolmees fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. It ministearje liet lykwols witte, dat soks net de bedoeling is omdat it learen fan it Frysk bûten de rikwiidte fan de nije Wet Ynboargering leit. De Ried fan de Fryske Beweging fynt it tige te priizgjen dat de gemeente op dizze wize de yntegraasje fan statushâders befoarderje woe en sa ek rjocht dwaan woe oan it wichtige plak fan it Frysk yn de mienskip.

Sichtber Frysk
De oare positive aksje oangeande it Frysk dêr’t Achtkarspelen okkerdeis mei yn it nijs kaam wie it pleatsen fan Frysktalige buorden by it gemeentehûs yn Bûtenpost. Besikers wurde yn it Frysk wolkom hjitten op buorden by de publyks- en personielsyngong. Ek wurdt it Frysk binnen de gemeente foar it grutte publyk sichtber makke mei Fryske gedichten op buorden by fytsrûtes del.

Wiesneus verdielt priezen

‘As een bok op de haverkist veur de priezen’, dat schreef ien van de kinder die het  Drentstaolig tiedschrift Wiesneus kregen hef. Dit jaor was der gien veurlezer in de klas, maor Wiesneus kwam wál – net as veurgaonde jaoren – de klas in. Vrijwilligers van het Huus van de Taol hebt ze rondbracht, zodat elkenien zuch weer vernuvern kun met verhalen, gedichten, een zuukplaot, kleurplaot en puzzels. En tot slöt nog een heerlijk recept veur arretjescake.

Tot 25 april kunden de oplössingen en kleurplaten inleverd worden en dat hebt ze weten bij het Huus:  zowat 250 kleurplaoten, en veur beide puzzels meer as 500 inzendingen kwamen der binnen! Oet al die inzendingen bint drei winnaars veur een tablet keuzen:

De oplössing van de woordzuker was ‘Meer bewegen begunt mit minder te zitten’. En dat har u.a. Tygo Steenwijk oet Assen goed! De invulpuzzel har as oetkomst ‘speulen’. Dat wus Stefan Boontje oet Emmen ok hiel goed, daorum hef ok hij een tablet wunnen. Oet alle mooie kleurplaoten kun de jury zowat gien keuze maken, daorum bint er twei winnaars keuzen: Sten Gils oet Beilen wint de tablet en met een eervolle vermelding krig Niek Scheerhoorn oet Koekange een schier boekenpakket van het Huus van de Taol.

Digitaal is alles over het tiedschrift ok te vinden op www.wiesneus.nl, op dizze website kan het hiele jaor deur speulenderwies Drents leerd worden.

Jolien Wonink-Dijkstra wint Drèents Liedtiesfestival

Op 13 mei was de ningde editie van het Drèents Liedtiesfestival. In de finale in het ATLAS Theater in Emmen kreeg Jolien Wonink-Dijkstra met het nummer ‘Vuul (oh oh oh)’ de mieste stemmen. De tekst van het nummer wuur schreven deur Jolien Wonink-Dijkstra & Hilko Stoffers, de meziek kwam van de haand van Erik Koerts, Robin Muilwijk & Hilko Stoffers. Het Drèents Liedtiesfestival wordt organiseerd deur de Stichting REUR in samenwarking met RTV Drenthe en het Atlas Theater in Emmen.

Der was as altied een vakjury -bestaonde oet drie jurygroepen- en het pebliek kun gedurende de live-oetzending van RTV Drenthe via sms heur stem oetbrengen. De aandere negen dielnimmers aan het DLF 21 waren: Dennis Hendriks, Jaap Lamfers & Marianne Veenstra, GERS, Lilian van Lottum, Anna Jents, Boes & Boels, Skroetbalg, Maurice Mulderij en Rick Hilberts.

Met de winst in de buus zal Jolien later dit jaor dielnimmen an het Europees Songfestival veur Minderheidstaolen op het Suns Europe festival in Udine, waor zie het Nedersaksisch vertegenwoordigen zal.

Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

Foar de alfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzijfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuiper (2019) en Nyk de Vries (2020) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Cornelis van der Wal. Hy sil op 26 septimber in optreden fersoargje, op de Europeeske Dei fan ’e Talen.

In sjuery besteande út Alex Riemersma (adviseur taalbelied by de Provinsje Fryslân en lektor oan NHL Stenden), Janneke Spoelstra (Fryske Akademy) en Ammerins Moss-de Boer (It Skriuwersboun) hawwe út seis opjeften de dichter Cornelis van der Wal keazen mei syn gedicht ‘Snie is in died fan ferset’. Syn ynstjoering waard troch de sjuery typearre as in melodieus gedicht dat it tema op aktuele wize byldzjend ta utering bringt troch it iensume, kâlde mar ek needsaaklike fan ferset en protest mei wurden te beskriuwen dy’t alle sintugen op skerp sette, en dat by elke lêzing wer wat nijs jout om oer nei te tinken.

Cornelis van der Wal (Ljouwert, 28 jannewaris 1956) is in Frysk skriuwer en dichter. Hy publisearre sân dichtbondels. Mei syn earste bondel In nêst jonge magneten wûn hy yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Yn 2019 waarden oersettingen fan seis fan syn gedichten yn it renommearre Deenske tydskrift Hvedekorn publisearre.

Cornelis van der Wal