Omrop Fryslân komt mei in nij lûd op de radio

Fjouwer folslein nije en diels fernijde programma’s, oanpaste tiden en oare presintatoaren op oare mominten: Omrop Fryslân komt oer goed twa wiken, op moandei 31 maaie, mei in nije radioprogrammearring op wurkdagen.

Bêst beharke stjoerder

Omrop Fryslân heart al jierren by de bêst beharke stjoerders fan Fryslân. “It oantal radiostjoerders is de lêste jierren fansels wol bot tanommen,” seit Ingrid Spijkers. “Mar tagelyk sjogge wy dat der net ien stjoerder is dy’t alle dagen safolle Friezen berikt as Omrop Fryslân. Troch no te kommen mei in frisse en prikkeljende nije programmearring ferwachtsje wy dat wy ús merkoandiel ek stadichoan wer groeie sil.”

Nije jingles en nije slogan

Omrop Fryslân klinkt mei yngong fan 31 maaie ek letterlik nij: tagelyk mei de nije programmearring wurdt in hiel nij pakket oan jingles en tunes yn gebrûk nommen, mei ek in nije slogan: “Alles wat der spilet”.

“Dat is yn in pear wurden wat Omrop Fryslân radio dwaan wol”, ferklearret Ingrid Spijkers. “Breed hearre litte wat der spilet yn Fryslân, nijs, sport, kultuer, polityk, eftergrûnen én dat ôfwikselje mei noflike muzyk. En dêrby is eltsenien wolkom, fan jong oant âld. Wês wolkom, ofwol sa’t in protte Friezen by de doar sizze: Kom (mar) fierder!”

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *