De Faeröer Eilannen en Fryslân

Fan ’e wike ferskine tagelyk by de Fryske útjouwerij Afûk en by de Faeröerske útjouwerij Bókadeild Føroya Lærarafelags twa bysûndere nije boeken. ‘De Beam’ is de Fryske titel fan it oarspronklik Faeröerske printeboek TRÆIÐ, skreaun en tekene troch Bárður Oskarsson. ‘Tije – drongurin og rottumaðurin’ is de Faeröerske titel foar it oarspronklik Fryske (foar)lêsboek ‘Tije’, skreaun en tekene troch Mirjam van Houten.

Fan it NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity) út, dêr’t deputearre Sietske Poepjes it foarsitterskip krekt fan oerdroegen hat, hat Fryslân bannen mei ferskate regio’s op it mêd fan taal. Sa kaam it dat de earste bûtenlânske wurkbesite fan Arno Brok as Kommissaris fan de Kening him yn maart 2019 nei de Faeröer eilannen brocht om dêr de kulturele en ekonomyske bannen mei Fryslân oan te heljen. By in gearkomste mei Hanna Jensen, de Faeröerske minister fan kultuer en edukaasje dêr’t ek Niels Jákup Thomsen fan Bókadeild Føroya Lærarafelags útnûge wie, ûntstie it idee fan in ‘book-swap’. Kommissaris Brok seach fuortendaliks de mooglikheden.

In moanne letter, op de berneboekebeurs yn Bologna, socht útjouwer Ernst Bruinsma fan de Afûk foar it earst kontakt mei útjouwer Niels Jákup Thomsen. Dêr moete hy ek de skriuwer Bárður Oskarsson. It gesprek krige in ferfolch op de Buchmesse yn Frankfurt en dêr waard definityf de ôfspraak makke om in boek fan elkoar út te jaan. De Afûk keas foar it priiswinnende boek ‘De beam’ fan skriuwer en yllustrator Bárður Oskarsson (Tórshavn, 1972) en Thomsen keas mei syn team ‘Tije’ út fan skriuwer en yllustrator Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). Bysûnder oan beide titels is (ek) dat de skriuwers multytalinten binne en sels de yllustraasjes foar harren boek makke hawwe.

Auteur Mirjam van Houten rikt it earste Faeröerske eksimplaar fan ‘Tije’ út oan KdK Brok en deputearre Poepjes. Foto: Hoge Noorden/Jacob van Essen.

 

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.