EBLT en DSS2016 presintearje: De Baskyske film ‘Amama’ mei Fryske ûndertitels

Sêne út de Baskyske film 'Amama'

Sêne út de Baskyske film ‘Amama’

Ta gelegenheid fan de Ynternasjonale dei fan de Memmetaal fan de Feriene Naasjes presintearret it Europeesk Buro fan Lytse Talen EBLT dit jier yn gearwurking mei Kulturele Haadstêd Donostia San Sebastián (DSS2016) de Baskyske spylfilm ‘Amama’. De Fryske titel is: Beppe, as in beam omgiet. De film is op sneon 20 febrewaris en snein 21 febrewaris te sjen by Slieker Film yn Ljouwert mei Fryske ûndertitels. De nije film ‘Amama’ fan de Baskyske regisseur Asier Altuna giet oer in generaasje- en opfolgingskonflikt op in tradisjonele Baskyske boerepleats. De film makket op ’t heden furore op filmfestivals troch hiel Europa. De film is troch it EBLT nei Fryslân helle en fan Fryske ûndertitels foarsjoen yn gearwurking mei Kulturele Haadstêd Donostia San Sebastián 2016. Foar dyjingen dy’t gjin Frysk lêze of Baskysk ferstean kinne wurdt de film op snein 21 febrewaris, de offisjele memmetaaldei, ek noch in kear fertoand mei ûndertitels yn it Ingelsk.
Foarôfgeand oan de film sels fersoarget Eneko Garate Iturralde fan Donostia-San Sebastián, ek by Slieker Film, in presintaasje fan hichtepunten út it programma fan de Baskyske Kulturele Haadstêd fan Europa.

De Basken binne grutsk op wat se de lêste jierren berikt hawwe op filmgebiet, nei jierenlange ynvestearrings troch regiobestjoer en Baskyske televyzje. Baskyske films slagje der hieltiid better yn om in ynternasjonaal publyk te berikken. De film ‘Loreak’ (Blommen) wie ferline jier ien fan de Spaanske Oscar-ynstjoerings. ‘Amama’ biedt itselde hege nivo en deselde filmyske kwaliteit.

De film giet oer in generaasje- en opfolgingskonflikt yn in Baskyske boerefamylje, sa’t dat him ôfspilet ûnder de eagen fan Amama (Beppe). De jongste generaasje op de boerepleats, dy’t al generaasjes lang yn de famylje is, wrakselet mei it takomstperspektyf. Wat dogge je, trochwrotte sa as heit dat docht of in oar paad ynslaan? As de âldste soan emigrearret en de jongste soan ûngeskikt fûn wurdt komt alle druk by dochter Amaia te lizzen. Sy besiket krekt harsels te ûntjaan as keunstner. Mar past dy ambysje wol by it boerebestean? Heit Tomas hat der gjin each foar dat Amaia it oars oanpakke wol…

De film is makke mei in cast dy’t foar in part út profesjonele akteurs en foar in part út amateurs bestiet. De ‘Amama’, dêr’t de film nei neamd is, is troch de regisseur yn in kafee benadere. Amparo Badiola is natuertalint, dy’t op har 80ste in oertsjûgjend filmdebút makket. It giet om in film mei in tematyk dy’t ek foar it Fryske plattelân werkenber is, want hoefolle Fryske boeren wrakselje wol net mei de opfolging?

It is foar it earst dat in Baskyske film yn Fryslân te sjen is mei Fryske ûndertitels. In primeur dêr’t EBLT én DSS2016.eu wol in bytsje grutsk op binne. In Baskyske film mei Fryske ûndertitels yn Ljouwert past ek hielendal by de ambysjes fan Donostia San Sebastián om har eigen kultuer te promoatsjen en tagelikertiid de eigen en oare lytsere talen te fersterkjen; yn Baskelân, mar ek dêrbûten. Pas as je de lytsere taal en kultuer serieus nimme en gelikense kânsen jouwe kinne je freedsum njonken inoar libje, is it útgongspunt fan Donostia-San Sebastián 2016. In spesjale ‘European Language Diversity Summit’ oan de ein fan it jier moat fêststelle wat der foar nedich is om lytsere talen en kultueren – en harren sprekkers – likefolle mooglikheden te jaan as grutte talen.

Foarôfgeand oan de film presintearret sjef ynternasjonale gearwurking Eneko Garate Iturralde in oantal ûnderdielen fan it programma fan DSS2016. Yn dat programma is in soad omtinken foar tema’s as minskerjochten, minderhederjochten en it freedsum mei-inoar libjen fan ferskate talen en kultueren, in tige aktueel tema. Oan guon projekten fan DSS2016 wurdt no ek al folop meiwurke troch Fryske organisaasjes as AFUK en Tresoar. DSS2016 wol yn Ljouwert graach ûndersykje oft guon fan harren projekten ek trochlutsen wurde kinne nei Kulturele Haadstêd LWD-Fryslân 2018. Fertsjintwurdigers fan ús eigen Kulturele Haadstêd LWD-Fryslân 2018 sille de presintaasje bywenje en op de Baskyske presintaasje reagearje.

De Frysk/Nederlânske premiêre fan ‘Amama’ wurdt organisearre yn it ramt fan de jierlikse fiering fan de ‘Dei fan de memmetaal’ fan de Feriene Naasjes as ko-produksje tusken it EBLT en Kulturele Haadstêd Donostia-San Sebastián 2016. It evenemint wurdt fierder stipe troch de Provinsje Fryslân, it Feitsma Fûûns Fwar it Frysk en Mercator, it Europeesk kennissintrum meartalichheid en taallearen fan de Fryske Akademy.

De film ‘Amama’ is te sjen by Slieker Film – yn it Fries Museum – op sneon 20 febrewaris, de middeis om 15.30 oere.
De presintaasje fan Kulturele Haadstêd Donostia San Sebastián is foarôfgeand oan de film om 14.30 oere en fergees tagonklik.

Amama is noch in kear te sjen op snein 21 febrewaris, de moarns om 11.30 oere. De film is dan tagelikertiid te sjen mei ûndertitels yn it Frysk en yn it Ingelsk (yn twa aparte sealen).

logo_DSS2016

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.