Ferklearring Skriuwersbûn

As Skriuwersbûn binne wy bot skrokken fan de deadsbedrigingen oan ús Nederlânsktalige kollega Pim Lammers. It is skoan te begripen dat er him weromlutsen hat as dichter fan it ‘Kinderboekenweekgedicht’. Mar it ûnbegryp en de agressy dy’t him ta diel falt rekket ús as auteurs allegearre.

Skriuwers en dichters hearre yn alle frijheid beskriuwe te kinnen wat de ûnder minsken bart en barre kin. Yn ferhalen en gedichten giet it oer emoasjes en ûnderfinings fan echte minsken, bern en folwoeksenen. Ferhalen en gedichten kinne bydrage oan ferwurking, begryp, ferwûndering, fernuvering en hja liede somtiden ek ta ûnbegryp, argewaasje en sels lilkens. Dat is de treastende en de konfrontearjende funksje fan literatuer.

Lêze is ûnderfine, ûndergean, yn jin omgean litte, ferrast wêze, betiden huverje. Wannear’t dy huvering liedt ta haat tsjin de auteur, bart der wat slims. In maatskippij dy’t sokke haat tastiet, wêryn dat net korrizjearre wurde kin, ferkrampt, lit har wichtichste wearden fersleaukje, fertutearzet.

It minste wat alle skriuwers en lêzers dwaan kinne is iderkear wer fertelle wat de funksje fan de literatuer is. En dat dy funksje ûnmisber is foar in maatskippij dy’t plak ynrommet foar minsken – alle minsken.

Wa’t de moed even net opbringt om te skriuwen: dat is skoan te begripen. En foar it oare en de oaren: gjin belies jaan. Ferhalen betinke, dichtsje, rapportearje, spegels foarhâlde, sjen litte wat der yn en tusken minsken omgiet.

It Skriuwersbûn stiet folslein achter it artikel fan ús lid en berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen yn de LC fan 7 febrewaris. It is yntegraal werom te finen op ús webside: www.skriuwersboun.nl. En fanselssprekkend slute wy ús ek oan by de reaksjes fan de Auteursbond en PEN-Nederlân.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *